Springe nei ynhâld

Katedraal fan Albi

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 aug 2023 om 19.13 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart en [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sint-Sesiliakatedraal

Cathédrale Ste-Cécile

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Oksitaanje
plak Albi
adres 5 Bd Général Sibille
koördinaten 43° 55' N 2° 8' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Albi
patroanhillige Sesilia fan Rome
Arsjitektuer
boujier 1383-1492
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Bisdom Albi
Kaart
Katedraal fan Albi (Frankryk)
Katedraal fan Albi

De Sint-Sesiliakatedraal yn de Frânske stêd Albi (Frânsk: Cathédrale Ste-Cécile d'Albi) is de sit fan de aartsbiskop fan it bisdom Albi. De tsjerke is ien fan de grutste bakstiennen bouwurken fan Europa en wijd oan de hillige Sesilia.

Grûnplan

Foar de hjoeddeiske katedraal stiene ferskillende foargongers op it plak. De earste tsjerke datearre út de 4e iuw en waard yn it jier 666 troch brân ferneatige. De opfolger waard yn de 13e iuw troch in katedraal yn de Súd-Frânske gotyk ferfongen. Yn 1282 waard útein set mei de bou fan de tsjintwurdige katedraal en yn 1383 wie it grutste part klear, mar it duorre noch oant 1492 dat it wurk hielendal foltôge wie. Noch djip ûnder de yndruk fan de Albiginzer oarloggen waard de tsjerke as in fêsting boud; de muorren binne wol oant seis meter dik.

De katedraal waard yn goatyske styl boud, mar net lykas de measte katedralen yn natuerstien mar fan bakstien. Wat dat oanbelanget is de katerdraal ien fan de bêste foarbylden fan de Gothique toulousien, de Súd-Frânske bakstiengotyk. Alhoewol't de katedraal tige grut is, bestiet it gebou út mar ien inkeld skip mei in kapellekrâns, dy't fan inoar skieden wurde troch steunbearen yn de tsjerke om de druk fan de ferwulften te dragen.

Ynterieur

De klokketoer waard tusken 1355 en 1366 boud. De toer is ûnder yn it âldere diel rjochthoekich mei rûne hoeken; it nijere diel is achthoekich en datearret út de jierren 1485-1492. Heech boppe yn de muorren rint in rige fan wite stiennen wetterspijers om it hiele gebou.

Hichte toer: 78 meter
Totale lingte: 113,5 meter
Lingte fan it ynterieur: 100 meter
Bûtenbreedte: 35 meter
Breedte binnen: 30 meter
Hichte fan de bûtenmuorren: 40 meter
Hichte fan it ferwulft: 30 meter
Doksaal

Oars as de fêstingeftige bûtenkant besit de katedraal in tige ryk keunstsinnich ynterieur.

Italjaanske keunstners ûntwurpen de fresko's yn de styl fan de iere renêssânse. Mei in lingte fan 97 meter en in breedte fan 28 meter is it fresko yn it ferwulft it grutste wurk fan 'e Italjaanske renêssânse yn Frankryk. It waard tusken 1509 en 1512 ûntwurpen troch keunstners út Modena en Bologna.

Op de westlike muorre fan it skip is it Lêste Oardiel oanbrocht, dat tusken 1474 en 1484 troch in ûnbekende Frânsk-Flaamske skilder skildere is. It is ien fan de wichtichste keunstwurken fan de lette midsiuwen.

Tsjin it ein fan de 15e iuw joech biskop Louis I d'Amboise opdracht om it flamboyante doksaal te bouwen, tagelyk mei de ferbou fan it oant dan ta fêstingeftige paleis.

It oargel waard tusken 1734 en 1736 troch Christophe Moucherel mei 43 registers op fjouwer manualen boud. Tsjintwurdich hat it oargel mear as 55 registers op fiif manualen en pedaal. Fral de oargelkas is bekend, dat mei 9 tuorren de grutste barokke oargelkas fan 'e wrâld is. Yn 'e rin fan de tiid waard it oargel ferskate kearen ferboud en fergrutte troch François Lépine (1747), Jean-Esprit Isnard (1779) en Jean-Baptiste Puget (1904). It oargel is ien fan de grutste en belangrykste Frânske barokke oargels.

Troch in poerbêste restauraasje fan Bartoloméo Formentelli yn de jierren 1977 oant 1981 waard it oarspronklike klankkarakter fan it oargel foar in grut part rekonstruearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.