Springe nei ynhâld

Katedraal fan Albi

Ut Wikipedy
Sint-Sesiliakatedraal
Cathédrale Ste-Cécile
Lokaasje
lânflagge fan Frankryk Frankryk
regioOksitaanje
plakAlbi
adres5 Bd Général Sibille
koördinaten43°55'N 2°8'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomAlbi
patroanhilligeSesilia fan Rome
Arsjitektuer
boujier1383-1492
boustylGotyk
monumintale statushistoarysk monumint
Webside
Bisdom Albi
Kaart
Katedraal fan Albi (Frankryk)
Katedraal fan Albi

De Sint-Sesiliakatedraal yn 'e Frânske stêd Albi (Frânsk: Cathédrale Ste-Cécile d'Albi) is de sit fan 'e aartsbiskop fan it bisdom Albi. De tsjerke is ien fan 'e grutste bakstiennen bouwurken fan Europa en wijd oan 'e hillige Sesilia.

Grûnplan.

Foar de hjoeddeiske katedraal stiene ferskillende foargongers op it plak. De earste tsjerke datearre út 'e 4e iuw en waard yn it jier 666 troch brân ferneatige. De opfolger waard yn 'e 13e iuw troch in katedraal yn 'e Súd-Frânske gotyk ferfongen. Yn 1282 waard útein set mei de bou fan 'e tsjintwurdige katedraal en yn 1383 wie it grutste part klear, mar it duorre noch oant 1492 dat it wurk hielendal foltôge wie. Noch djip ûnder de yndruk fan 'e Albiginzer oarloggen waard de tsjerke as in fêsting boud; de muorren binne wol oant seis meter dik.

De katedraal waard yn goatyske styl boud, mar net lykas de measte katedralen yn natuerstien mar fan bakstien. Wat dat oanbelanget is de katedraal ien fan 'e bêste foarbylden fan 'e Gothique toulousien, de Súd-Frânske bakstiengotyk. Alhoewol't de katedraal tige grut is, bestiet it gebou út mar ien inkeld skip mei in kapellekrâns, dy't fan inoar skieden wurde troch steunbearen yn 'e tsjerke om de druk fan 'e ferwulften te dragen.

Ynterieur.

De klokketoer waard tusken 1355 en 1366 boud. De toer is ûnder yn it âldere diel rjochthoekich mei rûne hoeken; it nijere diel is achthoekich en datearret út 'e jierren 1485-1492. Heech boppe yn 'e muorren rint in rige fan wite stiennen wetterspijers om it hiele gebou.

Hichte toer: 78 meter
Totale lingte: 113,5 meter
Lingte fan it ynterieur: 100 meter
Bûtenbreedte: 35 meter
Breedte binnen: 30 meter
Hichte fan de bûtenmuorren: 40 meter
Hichte fan it ferwulft: 30 meter
Doksaal.

Oars as de fêstingeftige bûtenkant besit de katedraal in tige ryk keunstsinnich ynterieur.

Italjaanske keunstners ûntwurpen de fresko's yn 'e styl fan 'e iere renêssânse. Mei in lingte fan 97 meter en in breedte fan 28 meter is it fresko yn it ferwulft it grutste wurk fan 'e Italjaanske renêssânse yn Frankryk. It waard tusken 1509 en 1512 ûntwurpen troch keunstners út Modena en Bologna.

Op 'e westlike muorre fan it skip is it Lêste Oardiel oanbrocht, dat tusken 1474 en 1484 troch in ûnbekende Frânsk-Flaamske skilder skildere is. It is ien fan 'e wichtichste keunstwurken fan 'e lette midsiuwen.

Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw joech biskop Louis I d'Amboise opdracht om it flamboyante doksaal te bouwen, tagelyk mei de ferbou fan it oant dan ta fêstingeftige paleis.

It oargel waard tusken 1734 en 1736 troch Christophe Moucherel mei 43 registers op fjouwer manualen boud. Tsjintwurdich hat it oargel mear as 55 registers op fiif manualen en pedaal. Fral de oargelkas is bekend, dat mei 9 tuorren de grutste barokke oargelkas fan 'e wrâld is. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it oargel ferskate kearen ferboud en fergrutte troch François Lépine (1747), Jean-Esprit Isnard (1779) en Jean-Baptiste Puget (1904). It ynstrumint is ien fan 'e grutste en belangrykste Frânske barokke oargels.

Troch in poerbêste restauraasje fan Bartoloméo Formentelli yn 'e jierren 1977 oant 1981 waard it oarspronklike klankkarakter fan it oargel foar in grut part rekonstruearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.