Springe nei ynhâld

Alonso Duralde

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 jul 2023 om 22.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (+ boeken skreaun troch him)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Alonso Duralde
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alonso Duralde
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 maaie 1967
berteplak East Point (Georgia)
etnisiteit Spaansk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, publisist
jierren aktyf ±1987 – no
offisjele webside
Alonso Duralde yn 'e IMDb

Alonso Duralde (East Point (Georgia), 18 maaie 1967) is in Amerikaansk sjoernalist en publisist dy't as filmkritikus wurke hat foar ferskate media, wêrûnder The Film Verdict, TheWrap, The Advocate en MSNBC.com.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Duralde waard yn 1967 berne yn East Point, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, as de soan fan in troud pear dat nei de Feriene Steaten ymmigrearre wie út Spanje wei. Hy genoat syn oplieding oan 'e Vanderbilt Universiteit yn Nashville (Tennessee).

Duralde begûn syn sjoernalistike karriêre yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren. Hy wie ferskate jierren redakteur keunst en entertainment by The Advocate, in Amerikaansk nasjonaal tydskrift foar homo's en lesbiënnes. Ek tsjinne er fiif jier lang as artistyk direkteur fan it lytse USA Film Festival yn Dallas. Yn 2007 waard er by MSNBC.com, de webside fan nijsstjoerder MSNBC, oansteld as filmkritikus. Duralde is in aktyf lid fan 'e Los Angeles Film Critics Association en de National Society of Film Critics. Syn resinsjes ferskynden ek yn publikaasjes as The Village Voice, Movieline en Detour.

Fan 2011 oant 2023 wie Duralde de haadfilmkritikus foar it online tydskrift TheWrap, dat syn resinsjes ek trochferkocht oan parseburo Reuters. Yn 'e mande mei Ben Mankiewicz fan Turner Classic Movies, Christy Lemire fan Associated Press en Matt Atchity fan Rotten Tomatoes presintearre Duralde fan 2010 oant en mei 2018 ek de filmrubryk What the Flick?! op it tillefyzjenetwurk The Young Turks. Doe't dat programma stopset waard, begûnen hy en Lemire mei de filmpodcast Breakfast All Day. Yn 2023 waard Duralde de nije haadfilmkritikus fan 'e webside The Film Verdict.

Duralde waard yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke grutbrocht, mar beskôget himsels no as in ateïst. Op polityk mêd is er in sosjalist. Hy wennet yn West Hollywood, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en is troud mei Dave White, dy't ek publisist en filmkritikus is. Tegearre presintearren se yn it ferline in podcast dy't Linoleum Knife hiet. Yn jannewaris 2010 wie Duralde in kandidaat yn 'e langrinnende tillefyzjekwis Jeopardy.

  • 2005 – 101 Must-See Movies for Gay Men
  • 2010 – Have Yourself a Movie Little Christmas
  • 2021 – I'll Be Home for Christmas Movies: The Deck the Hallmark Podcast's Guide to Your Holiday (mei Brandon Gray, Daniel Thompson en Daniel Randolph)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.