Springe nei ynhâld

Swartewetterlân

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jun 2023 om 21.19 troch Drewes (oerlis | bydragen)

Swartewetterlân (Nederlânsk: Zwartewaterland, Nedersaksysk: Zwärtewäterlaand) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 23.463 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 84,93 km² (wêrfan 4,20 km² wetter). De gemeente hat syn namme krigen fan it rivierke it Swarte Wetter, faaks moat dit lêzen wurde as it 'Swettewetter', wat grinswetter betsjut. Swartewetterlân ûntstie yn 2001 út in fúzje fan 'e eardere gemeenten Genemuiden, Swartslús en Hasselt.

Plakken

It haadplak fan de gemeente is Hasselt, en de oare plakken yn de gemeente binne: Baarlo, Cellemuiden, De Velde, Genemuiden, Kamperzeedijk-Oost, Kamperzeedijk-West, Kievitsnest, Mastenbroek, Zwartewatersklooster en Swartslús.

Keppeling om utens

Oerisel
Flagge fan de provinsje Oerisel
Flagge fan de provinsje Oerisel
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
· · Berjocht bewurkje