Stasjon Koog aan de Zaan
Stasjon Koog oan de Saan station Koog aan de Zaan | ||
Stasjon Koog oan de Saan yn 2006 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Saanstêd | |
plak | Koog oan de Saan | |
adres | Spoorland 43 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Kz | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 novimber 1869 | |
boujier | 1959 1e stasjonsgebou 1986 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1986 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1959 W.B. Kloos 1e stasjonsgebou 1986 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline K | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Koog oan de Saan (Kz) is it spoarweistasjon fan Koog oan de Saan yn de gemeente Saanstêd en waard iepene yn 1869 oan de Steatsline K (Amsterdam - De Helder).
Gebou
Stasjon Koog oan de Saan krige yn 1959 in offisjeel stasjonsgebou, oant die tiid hie it stasjon in houtene loket oan it perron. It gebou wie in standerttype Vierlingsbeek fan arsjitekt Willem Kloos en wie ien fan de tolve gebouwen fan dit type dat ea boud is.
Yn 1986 waard it earste stasjonsgebou ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma, in stasjonsgebou yn de foarm fan 2 heale moannen, ynspirearre op de Maagdenburger heale bollen. Yn it gebou wie ien loket en in wachtromte. Sûnt 2008 is it gebou yn gebrûk as kiosk foar iten.
Namme
Oant 2016 hjitte it stasjon "Koog Bloemwijk". Yn 2010 fersocht de gemeente Saanstêd de NS om dizze namme en fan dy fan stasjon "Koog Saandyk" (tsjintwurdich Saandyk-Saanske Skâns) te feroarjen. Dizze nammen soene betiizjend wêze foar toeristen en reizgers dy't net bekend binne mei de regio. Toeristen dy't de Saanske Skâns besykje wolle, soene har maklik yn 'e twa stasjons fersinne kinne. Dit fersyk waard doetiids ôfwiisd. Yn 2014 die de gemeente op 'e nij in fersyk. Uteinlik stimde de NS yn july 2016 yn, en fiert sûnt de tsjinstregeling fan 2017 de nije nammen.[1]
Treinferbinings
Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Koog oan de Saan – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Koog oan de Saan – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|