Springe nei ynhâld

Stasjon Koog aan de Zaan

Ut Wikipedy
Stasjon Koog aan de Zaan
station Koog aan de Zaan
Stasjon Koog aan de Zaan yn 2006
Stasjon Koog aan de Zaan yn 2006
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Saanstêd
plak Koog aan de Zaan
adres Spoorland 43
arsjitektuer
stasjonskoade Kz
type Trochgongsstasjon
iepening 1 novimber 1869
boujier 1959 1e stasjonsgebou
1986 2e stasjonsgebou
sloopjier 1986 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1959
W.B. Kloos
1e stasjonsgebou
1986
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline K
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Koog aan de Zaan (Noard-Hollân)
Stasjon Koog aan de Zaan

Stasjon Koog aan de Zaan (Kz) is it spoarweistasjon fan Koog aan de Zaan yn de gemeente Saanstêd en waard iepene yn 1869 oan de Steatsline K (Amsterdam - De Helder).

stasjon Koog oaan de Zaan yn 1958
1e stasjonsgebou stasjon Koog aan de Zaan yn 1967

Stasjon Koog aan de Zaan krige yn 1959 in offisjeel stasjonsgebou, oant die tiid hie it stasjon in houtene loket oan it perron. It gebou wie in standerttype Vierlingsbeek fan arsjitekt Willem Kloos en wie ien fan de tolve gebouwen fan dit type dat ea boud is.

Yn 1986 waard it earste stasjonsgebou ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma, in stasjonsgebou yn de foarm fan 2 heale moannen, ynspirearre op de Maagdenburger heale bollen. Yn it gebou wie ien loket en in wachtromte. Sûnt 2008 is it gebou yn gebrûk as kiosk foar iten.

Oant 2016 hjitte it stasjon "Koog Bloemwijk". Yn 2010 fersocht de gemeente Saanstêd de NS om dizze namme en fan dy fan stasjon "Koog Zaandijk" (tsjintwurdich Saandyk-Saanske Skâns) te feroarjen. Dizze nammen soene betiizjend wêze foar toeristen en reizgers dy't net bekend binne mei de regio. Toeristen dy't de Saanske Skâns besykje wolle, soene har maklik yn 'e twa stasjons fersinne kinne. Dit fersyk waard doetiids ôfwiisd. Yn 2014 die de gemeente op 'e nij in fersyk. Uteinlik stimde de NS yn july 2016 yn, en fiert sûnt de tsjinstregeling fan 2017 de nije nammen.[1]

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4000 Sprinter (NS) UitgeestKoog aan de ZaanSaandamAmsterdam SintraalBreukelenWoerdenGoudaRotterdam Sintraal
7400 Sprinter (NS) UitgeestKoog aan de ZaanSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Zeist

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boarnen sjoch Wikipedy nl