Springe nei ynhâld

Gertrudistsjerke (Idaerd)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 apr 2023 om 18.14 troch Drewes (oerlis | bydragen) ([[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gertrudistsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Idaerd
adres Buorren 6
koördinaten 53° 07'N 5° 48'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Gertrudis fan Nijvel
Arsjitektuer
boujier Toer: 15 iuw
tsjerke: 1774
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22919 [1]
Webside
Herf. gemeente Reduzum-Idaerd-Friens
Kaart
Gertrudistsjerke (Fryslân)
Gertrudistsjerke

De Gertrudistsjerke oan de Buorren yn Idaerd is ien fan de trije tsjerken fan de PKN-gemeente Reduzum-Idaerd-Friens.

De tsjerke waard ea wijd oan de hillige Gertrudis, abdis fan it kleaster yn Nijvel. Fan de roomske tiid datearret noch de 15e iuwske sealtektoer, dy't út reade kleastermoppen bestiet. Ta oantinken fan de fernijing fan de toer is doedestiids in gevelstien mei in goatyske tekst oanbrocht, dy't tsjintwurdich in plakje yn de toerromte krige hat. It skip fan de tsjerke waard yn 1774 ferfongen troch nijbou.

Gevelstien ta oantinken fan it lizzen fan de earste stien

Boppe de tagong fan de tsjerke is in gevelstien oanbrocht mei it wapen fan de Fan Scheltinga's. Under it wapen is in Latynske tekst oanbrocht dy't oerset yn it Frysk sa giet:

Godstsjinst is it heechste goed. Cornelis Arent fan Scheltinga hat yn de âldens fan fjouwer jier de earste stien lein foar de opbou fan de muorren fan dizze timpel op 4 july fan it jier 1774.

Mei de restauraasje yn 1981-1982 ûnder lieding fan R. Kijlstra binne yn de toer dielen fan sarkofagen fan reade Bentheimer sânstien fûn. Nei alle gedachten stamme se út de 12e iuw. Ien fan de deksels is wer rekonstruearre en is tsjintwurdich te sjen yn de tsjerke.

By tafal waarden oan de noardlike kant fan de tsjerke yn 2005 tsien grêfkelders ûntdutsen. In graafmasjine rekke by it lyk meitsjen fan de grûn foar it opknappen fan in famyljegrêf tafallich in ferwulft. It die bliken dat ûnder it feroarsake gat yn it ferwurft ynstee fan gewoane grêven in kelder lei mei tsien grêfkelders.[2]

Detail Ype Staak-raam fan de Deputearrre Steaten
Kânselbibel
Van Dam oargel

De preekstoel mei it klankboerd is 17e iuwsk. Under de restauraasje yn de jierren 1980 waarden de grêfsarken dy't oan de wjerskanten fan de preekstoel opsteld stiene wer op de flier lein. De preekstoel sels waard lykas foar 1905 wer heger tsjin de muorre oanbrocht, krige wer in trep en in nij achterskot. Ek de lambrisearring waard wer yn de oarspronklike sitewaasje hersteld.

Ut de boutiid fan de tsjerke stamme de brânskildere ramen fan Ype Staak. De ramen binne skonken troch Fryske kolleezjes, de Fan Scheltinga's en de dûmny en de skoalmaster. Yn de tsjerke hingje fjouwer roubuorden. Oant 1951 hongen der ek noch twa rútfoarmige roubuorden yn de tsjerke, mar dy binne ferdwûn. It houten skot oan de súdlike muorre mei in tekst en ingeltsjes is in restant fan it troch Willem Meijnerts boude 17e iuwske oargel.

Under de kreake stiet in hearebank mei rokoko-fykwurk, dy't yn 1778 troch de 18e iuwske timmmerman Dirk Embderveld yn opdracht fan Cornelis fan Scheltinga boud waard.

Yn de muorre fan de toer binne inkelde boufragminten fan it yn 1882 ôfbrutsen Friesmastate ynmitsele. De tsjerke hat twa liedklokken: ien út de 14e iuw en ien út 1950, dy't yn Heiligerlee getten is. It smei-izeren oerwurk yn de toer is ien fan de âldste noch besteande Fryske oerwurken.

It âlde oargel waard yn 1806 ferfongen troch in nij oargel fan Van Dam út Ljouwert. Yn 1982 waard it ynstrumint restaurearre troch Bakker & Timmenga. Utgongspunt by de restauraasje wie om it ynstrumint yn de steat fan foar 1886 werom te bringen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: