Tsjerke fan Friens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke fan Friens

De Tsjerke fan Friens yn Friens yn de gemeente Boarnsterhim is boud yn de 13e iuw.

By opgravingen binne fûneminten fûn fan in dowestienen tsjerke dy't dêr yn de 13e iuw stie. Oant 1580 hie Friens in eigen pastoar, dy't neist syn tsjerklike plichten libbe fan it tsjerkelân. Dat lân bewurke hy sels. Doe't de katolike tsjerketsjinsten yn 1580 ferbean waarden waard it alter út de tsjerke sloopt. Der waad in gearwurkingsferbân mei Idaard socht, omdat Friens troch it lytse ynwennertal in eigen dûmny net bekostigje koe.

Yn 1704 waard de toer fan de tsjerke ôfbrutsen. Hy brocht in bedrach fan ƒ139,00 op. It oerwurk út de toer waard opburgen en de klok stie op it tsjerkhôf. Sûnt 1720 hinget de klok, nei foarbyld fan de tsjerke yn Sibrandabuorren, yn in houten tuorke.

It hjoeddeiske tsjerkegebou fan Friens is boud yn 1795, it jier dat de Frânske tiid begûn. It ferklearret de bysûndere omstannichheid dat de famyljewapens net út de grêfstienen, dy't no noch yn de tsjerke lizze, kapt binne. It tsjerkegebou wie op it momint dat se boud waard, net te sjen en ek net berikber, sa binne de fernielings har besparre bleaun.

Yn 1886 waard de tsjerke neffens de easken fan dy tiid ferboud. Alle grutte grêfstienen waarden oerein setten en de banken waarden ôfbrutsen en as brânhout ferkocht. In nij ynterieur waard makke en de kânsel yn de foarm fan in kûp krige in katederfoarm. De kânsel is by de tsjerkerestauraasje fan 1989 stean bleaun.

De westgevel en de toer binne fan 1906 en binne ûntwurpen troch de arsjitekt Hendrik Kramer.

Nei de Twadde Wrâldoarloch rekke de tsjerke wer yn ferfal. By de restauraasje yn 1989 is it ynterieur wer makke sa't it der yn 1887 útsjoen hat.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. de tsjerke fan Friens