Springe nei ynhâld

Nikolaastoer (Eagum)

Ut Wikipedy
Nikolaastoer
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Eagum
adres Master Wybrensdyk 1
koördinaten 53° 07'N 5° 49'E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
sloopjier tsjerke: 1856
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22880 [1]
Webside
Herf. gemeente Reduzum-Idaerd-Friens
Kaart
Nikolaastoer (Fryslân)
Nikolaastoer

De Toer fan Eagum is de toer fan de eardere Nikolaastsjerke fan Eagum. De toer is in ryksmonumint.

De tsjerketoer datearret fan de 13e iuw. De âlde oan Nikolaas fan Myra wijde midsiuwske tsjerke waard al yn 1776 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou, dy't yn 1856 ek sloopt waard. Sûnt stiet de toer allinne op it tsjerkhôf.

Eartiids hongen twa klokken yn de toer. De twa klokken binne yn de Twadde Wrâldoarloch troch de besetter út de toer helle en allinne de lytse is werom kommen, de grutte is ferdwûn. Op de grutste stie yn it Latyn dat er yn it jier 1326 getten wie ta eare fan de hillige Nikolaas. It plak fan de grutte klok is ynnommen troch in klok fan 1958 út de Amsterdamske Kristus-Keningtsjerke. De lytse klok hat gjin inkele fersiering, en is mooglik getten doe't de toer boud is.

Doe't kening Willem III ferstoar yn 1890, waarden yn it hiele lân de deadsklokken let salang't de kening noch op ierde stie. It gemeentebestjoer hie Eagum lykwols gjin berjocht dien fan it ferstjerren. Mooglik wie Eagum te lyts en de muoite net wurdich en wat der wol of net fan wier wie, der waard besletten dat op de begraffenis dochs de klokken fan Eagum liede soene, mar wol op oare tiden as de oare doarpen. Op de dei fan de begraffenis letten de Eagumer klokken al om acht oere moarns. De oare doarpen yn de gemeente begûnen net earder as om njoggen oere, mar doe hold Eagum him stil. Op it stuit dat de oare klokken wer swijden, begûn Eagum nochris, sadat it lûd fan de Eagumer klokken de hiele gemeente oer te hearren wiene.

De toer is yn 1983 restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tekst is ôfkomstich fan it lemma oer Eagum. It is mear as genôch foar in selstannich lemma oer de toer. De tekst yn it lemma oer de toer kin no wat ynkoarte wurde mei in ferwizing nei it selsstannige artikel.
  • Monumintestifting Boarnsterhim