Stasjon Anna Paulowna
Stasjon Anna Paulowna station Anna Paulowna | ||
Perrons stasjon Anna Paulowna yn 2017 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Hollâns Kroan | |
plak | Anna Paulowna | |
adres | Kruiswijk 21 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ana | |
iepening | 20 desimber 1865 | |
boujier | 1862 1e stasjonsgebou 1971 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1971 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1862 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1971 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline K | |
2.066 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Anna Paulowna (Ana) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Anna Paulowna yn de provinsje Noard-Hollân. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Anna Paulowna wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1872 krige it stasjon in oanbou mei sealtek dy't nije reizgers yngong befettet. Yn de 30-er jierren fan de 20e iuw waard de ferdjipping fan it oarspronklike stasjon ôfbrutsen en it sealdak fan de oanbou trochlutsen nei it oarspronklike gebou.
It stasjon waard yn 1971 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn partikulier besit.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – Anna Paulowna – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – Anna Paulowna – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|