Springe nei ynhâld

Unstjerlikens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 mrt 2023 om 22.17 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Nirvana (boedisme))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In tûzenen jierren âld eksimplaar fan 'e langlibjende din (Pinus longaeva), in konifear dy't neffens de moderne wittenskip as organisme wolris biologysk ûnstjerlik wêze kin. Dat betsjut net dat yndividuele sellen ûnstjerlik binne of dat sa'n beam net deagean kin troch negative ynfloeden fan bûtenôf.

Unstjerlikens of ûnstjerlikheid is it hawwen fan it ivige libben en it net bleatstean oan 'e dea. Dat komt del op in bestean sûnder ein foar it wêzen dêr't it om giet. It tsjinstelde fan ûnstjerlikens is stjerlikens, it feit dat oan in libben op in stuit in ein komt troch it ferstjerren, wêrnei't de dea folget. It begryp ûnstjerlikens wurdt yn ferskate konteksten brûkt.

Biologyske ûnstjerlikens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Biologyske ûnstjerlikens is it ivich bestean dat guon moderne soarten mooglik al hawwe. It giet dêrby yn it foarste plak om baktearjes, dy't harren fuortplantsje troch binêre spjalting: in baktearje spjalt himsels yn twaen, wat resultearret yn it ûntstean fan twa identike dochterbaktearjes, dy't harsels ek wer yn twaen spjalte, ensfh. Yn essinsje makket dat de baktearje ûnstjerlik.

Fan beskate soarten kwabben wurdt it ek mooglik achte dat se biologysk ûnstjerlik binne. Sa kin de Turritopsis dohrnii himsels weromtransformearje ta in polyp (syn larvestadium) troch in selferoaringsproses dat transdifferinsjaasje neamd wurdt. Dit bist kin sadwaande mooglik in ûneinich tal kearen de syklus trochrinne fan larve ta folwoeksene. Ek fan 'e langlibjende din (Pinus longaeva), in konifear dy't foarkomt yn 'e Grutte Dobbe yn 'e westlike Feriene Steaten, wurdt spekulearre dat er pontinsjeel ûnstjerlik is; it âldst bekende eksimplaar is mear as 5.000 jier âld.

Unstjerlikens yn mytologyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e mytologyen fan in protte (mar net alle) religyen komme ûnstjerlike wêzens foar, lykas goaden en geasten. It bestean fan sokke wêzens kin wittenskiplik sjoen bewiisd noch ûntstriden wurde, mar is wat dêr't men yn leauwe moat. Yn 'e measte mytologyen wurket ûnstjerlikens inkeld yn natuerlike sin: goaden hawwe in ivich bestean om't se gjin natuerlike dea stjerre kinne; se kinne lykwols wol troch opsetsin of ûngelok of ûnder beskate bysûndere omstannichheden komme te ferstjerren. Dat oerkaam bgl. de god Balder yn 'e Noardske mytology, Dionysus yn 'e Grykske mytology en ek Jezus Kristus yn 'e mytology fan it kristendom. Sokke goaden wurde yn 'e ferlykjende godstsjinstwittenskip oantsjut as stjerrende goaden.

Unstjerlikens yn fantasy en science fiction

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moderne fantasyliteratuer borduerret fuort op it ferskynsel ûnstjerlikens sa't dat yn mytologyen foarkomt en brûkt it begryp op frijwol deselde wize, mar ynstee almeast foar wêzens dy't troch de oangeande skriuwer optocht binne. It komt lykwols ek foar dat ûnstjerlike goaden út besteande mytologyen yn fantasyboeken figurearje. In goed foarbyld dêrfan is it foarkommen fan 'e goaden Apollo, Pallas Atene en Seus út 'e Grykske mytology yn 'e Thessaly-trilogy fan Jo Walton. Yn science fiction komt ek wol ûnstjerlikens foar, mar dêr wûrdt it besjoen út in poer wittenskiplik eachpunt, dat ynheakket op hoe't de echte wittenskip fan hjoed de dei tsjin it ferskynsel oansjocht.

Minsklike lichaamlike ûnstjerlikens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beskate hjoeddeistige wittenskippers en filosofen binne fan tinken dat de ûnstjerlikens fan it minsklik lichem wat is dat troch wittenskiplik ûndersyk berikt wurde kin. Guon tinke dat soks al yn 'e earste helte fan 'e ienentweintichste iuw barre sil. Oaren miene dat libbensferlinging op 'e koarte termyn in helberder doel is, en dat wiere ûnstjerlikens wachtsje moat op fierdere trochbraken yn wittenskiplik ûndersyk dêrnei. It giet dêrby benammen om it stilsetten fan it ferâlderingsproses, dat de minske biologyske ûnstjerlikens jaan soe, hoewol't er dêrnei noch wol kwetsber bliuwe soe foar sykte en ûngelokken, in kwetsberens dy't statistysk sjoen wat langer wat mear oanboazje soe wat âlder hy waard. Ferstânsopladen (nei in avansearre kompjûter) soe dat probleem oplosse kinne as it yn 'e takomst mooglik blike soe te wêzen, hoewol't dat syn eigen swierrichheden en etyske dilemma's meibringe soe.

Unstjerlikens fan 'e minsklike siel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e kontekst fan beskate religyen, lykas it kristendom en de islaam, wurdt ûnstjerlikens fan 'e minsklike siel yn in libben nei de dea sjoen as ien fan 'e ûnthjitten fan God, as beleanning foar minsken dy't rjochtskepen en from libje. Oare religyen, lykas it hindoeïsme en it boedisme, leauwe ek yn 'e ûnstjerlikens fan 'e minsklike siel, mar belûke dêr gjin yngripen fan in god by. Yn harren optyk sit de minsklike siel finzen yn 'e reynkarnaasjesyklus (saṃsāra) en moat men war dwaan om dêrút te ûntsnappen nei de ferlossing fan it nirvāṇa.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.