Springe nei ynhâld

Tambov

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 jan 2023 om 19.16 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Lúksemboarch (lân))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tambov
Panorama
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Tambov
Sifers
Ynwennertal 287.407 (2022)
Oerflak 130 km² (sintrum)
Befolkingstichtens 2.975,84 ynw./km²
Hichte 154 m
Oar
Stifting 1636
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 52° 43' N 41° 27' E
Webside cityadm.tambov.ru

Tambov (Russysk: Тамбов; eartiids Tanbov,Танбов) is it bestjoerlike, ekonomyske en kulturele sintrum fan de oblast Tambov yn de Russyske Federaasje. De stêd leit 460 kilometer súdlik fan de haadstêd Moskou oan it kanaal fan de Tsna yn it sintrale diel fan it Oka-Donflakte.

De stêd waard yn 1636 stifte as ûnderdiel fan de súdlike grinzen om it Ryk tsjin Tataren te beskermjen. Mei de útwreiding fan de ryksgrinzen ferlear de stêd as fêsting syn betsjutting en waard Tambov in hannels- en bestjoerssintrum fan in fierder agrarysk gebiet. Sûnt 1796 is Tambov de haadstêd fan in selsstannich gûvernemint.

Stiders yn de opstân tsjin de bolsjewiken

Yndustrialisaasje fan betsjutting fûn pas nei de Oktoberrevolúsje plak. Yn augustus 1920 wie de stêd it sintrum fan in opstân ûnder lieding fan Aleksander Stepanovitsj Antonov tsjin it bolsjewistyske bewâld, dy't moannen letter troch de bolsjewiken mei in soad geweld delslein waard.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie by Tambov in kamp (Kamp 788) foar kriichsfinzenen, fral út Elzas-Loataringen en Lúksemboarch, dy't faak twongen waarden te tsjinjen yn de Wehrmacht. Fan harren kaam in tredde part om en de lêste finzenen waarden yn 1955 nei hûs stjoerd.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2022
Ynwenners 48.015 62.000 123.207 172.171 229.791 270.073 304.600 293.658 280.161 287.407

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut de tiid fan de stifting fan de stêd datearret de yn 1694 boude Transfiguraasjekatedraal. Ek binne doe en yn de 18e iuw ferskillende kleasters (lykas it Kazankleaster en it Himelfeartkleaster) en tsjerken boud. It neamen wurdich binne de Kazantsjerke en de Lazarustsjerke.

Yn de binnenstêd steane monuminten út ferskillende tiden, dy't meiïnoar dochs in harmonysk gehiel foarmje. Under dy gebouwen is de ier 20-iuwske filla fan de hannelsman Michail Asejev. Tambov hat fierder in grut operahûs.

Op it tsjerkhôf fan Kamp 788 lizze 24.000 kriichsfinzenen út de Twadde Wrâldkriich. It tsjerkhôf is yn 1998 renovearre. Midden op it terrein stiet in 4,5 meter heech houten krús.

Tambov hat meardere musea. De Keunstgalery mei tûzenen keunstwurken fan Russyske en Europeeske keunstners hat ynternasjonale bekendheid.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tambow