Himelfeartkleaster (Tambov)

Ut Wikipedy
Himelfeartkleaster

Вознесенский монастырь

bouwurk
Вознесенский монастырь - 2.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of Tambov Oblast.svg Tambov
plak Flag of Tambov (Tambov oblast).png Tambov
koördinaten 52° 43' N 41° 27' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier stifting 1690
gebouwen: 19e-21e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 6830796000

It Himelfeartkleaster is in russysk-otterdoks kleaster foar nonnen yn Tambov yn Ruslân. It kleaster is in monumint fan regionaal belang.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster foar de Oktoberrevolúsje

It Himelfeartkleaster waard yn 1690 oan de noardlike kant fan de stêd troch biskop Pitirim stifte. De earste abdis fan it kleaster waard de biskop syn suster, Katarina. In brân brocht yn 1724 skea oan it kleaster en it duorre twintich jier lang dat it kleaster wer aktyf waard.

Plannen om it kleaster yn 1764 yn it ramt fan de sekularisaasje te sluten gyngen net troch. It kleaster stie doe al bekend om it ambachtlike wurk dat de nonnen leveren. In 1791-1798 waard de stiennen Himelfearttsjerke boud en yn de jierren 1816-1820 folge de bou fan de Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods 'Freugde foar elts dy't fertriet hat'. Yn 1891 folge de stifting fan in kleastergebou foar âlde nonnen oan de Moskovskaja Ulitsa mei in hûstsjerke, dy't wijd waard oan Antonius fan de Grotten. Dy tiid wie in bloeitiid foar it kleaster en der waarden noch mear gebouwen byboud.

Sovjet-tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1918 sette de delgong fan it kleaster útein. De bolsjewistyske autoriteiten lieten yn 1925 de Himelfeartkatedraal slute en de weardefolle saken plonderje. Yn 1927 krige de katedraal in funksje foar kulturele en edukative saken. Ek waarden de klokken út de toer helle. Letter waard de Himelfeartkatedraal ôfbrutsen. Ek de tsjerke fan de Mem Gods waard yn 1929 foar de earetsjinst sletten en oerdroegen oan it regionale argyf.

Op 5 desimber 1979 waard it kleaster as monumint fan lokaal belang troch de autoriteiten erkend. Yn 1988 waard it kleaster yn it ramt fan it 1000-jierrich jubileum fan de doop fan Ruslân oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke weromjûn. Sûnt 22 desimber 1992 wennet der wer in mienskip fan nonnen.

Kleastergebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke fan de Mem Gods
  • De Mem Gods-tsjerke waard yn 1820 ynwijd. Sûnt 1929 waard de tsjerke brûkt foar de opslach fan de argiven van de regio. Op 6 novimber 1990 waard de tsjerke wer yn gebrûk nommen en op 29 septimber folge it setten fan it krús op de restaurearre koepel fan de tsjerke. De tsjerke is in monumint fan skiednis en kultuer fan regionaal belang.
  • De Jehannes fan Kronstadttsjerke is in dooptsjerke, dy't yn de jierren 1997-1998 boud waard.
  • De yn de Sovjet-tiid ôfbrutsen Himelfeartkatedraal waard yn de jierren 2007-2014 ferfongen troch in nije katedraal fan in oar ûntwerp mei in 70 meter hege klokketoer fan fiif ferdjippings.
  • De kapel boppe it grêf fan de non Miropi waard yn 1998 boud.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенский монастырь (Тамбов)