Kleaster fan de Mem Gods fan Kazan (Tambov)
Kazankleaster
Казанский монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tambov | |
plak | Tambov | |
adres | Ul. Gorkogo, D 3. | |
koördinaten | 52° 43' N 41° 27' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | 1667-1670 | |
opheffing | 1918 | |
weriepening | 1992 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 17e-21e iuw | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 681420584860005 | |
Kaart | ||
It Kleaster fan de Mem Gods fan Kazan of it Kazankleaster (Russysk: Казанский монастырь; Kazanski monastyr) is in russysk-otterdoks kleaster foar muontsen yn 'e stêd Tambov yn Ruslân. Yn 'e kleastergebouwen is it Teologyske Seminaarje fan Tambov ûnderbrocht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 'e jierren 1667-1670 stifte, mar brannen makken dat de gebouwen ferskillende kearen ferfongen wurde moasten. By de weroprjochting fan it bisdom Tambov yn 1758 keas de biskop it kleaster foar de bou fan it biskoplike paleis. De stiennen gebouwen en tsjerke fan it kleaster datearje út it lêste diel fan 'e 18e iuw.
Troch de brannen dy't faak yn 'e stêd Tambov útbrutsen, feroare it arsjitektoanyske uterlik fan it kleaster meardere kearen. De wichtige rekonstruksje waard healwei de 18e iuw útfierd. Ek waard in begraafplak oanlein dêr't in soad bekende ynwenners fan Tambov begroeven waarden. Under biskop Teofily, dy't fan 1788-1811 biskop wie, waarden twa tsjerken boud: de barokke Kazankatedraal (1791-1796) en de Jehannes de Doperkatedraal as wintertsjerke. De kleastergebouwen waarden yn 'e styl fan it klassisisme boud, de oerhearskjende boustyl fan 'e Russyske arsjitektuer yn dy tiid. Yn 1848 waard de klokketoer tafoege.
Fanwegen it útbrekken fan protesten tsjin de bolsjewiken yn Tambov, waard it kleaster op 19 oktober 1918 sletten. Nei de grutte opskuor ûnder lieding fan Aleksander Antonov rjochten de Sovjet-autoriteiten in kamp op it kleasterterrein yn, dêr't de dielnimmers fan de opstân opsletten, ûnderfrege en fermoarde waarden.
Yn 'e jierren 1920 besette de Tsjeka it kleaster. De jierren dêrnei waard it begraafplak ferneatige. Yn 'e selde tiid waard ek de klokketoer (sabeare om't dy brekfallich wêze soe) ôfbrutsen. De Kazantsjerke waard brûkt om de argiven fan 'e provinsjale autoriteiten op te slaan.
Op 30 augustus 1960 waarden de gebouwen troch de autoriteiten erkend as monumint. Nei de fal fan it kommunisme waarden de gebouwen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. It kompleks krige op 22 desimber 1992 de monastike funksje werom en sûnt is it kleasterkompleks restaurearre en útwreide mei nije gebouwen. Ek de klokketoer, ien fan 'e heechsten fan 'e Russyske Federaasje, waard wer opboud.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Kazantsjerke waard as simmertsjerke boud en yn 1796 troch biskop Teofily wijd. De tsjerke stiet bekend as de iennige otterdokse tjerke dy't yn 'e grisaille-technyk beskildere is. Neffens de oerlevering waard yn 1793 Serafim fan Sarof dêr ta muonts wijd. Yn augustus 2007 waard mei it 325e jubileum fan it bisdom de foltôging fan de restauraasje fierd.
- Mei de bou fan 'e Jehannes de Dopertsjerke waard yn 1794 útein set. De tsjerke tsjinne as wintertsjerke en waard yn 1821 ynwijd. Sûnt 2010 binne de yn 'e Sovjet-tiid ferneatige koepels rekonstruearre.
- Yn 2005 waard in tredde tsjerke boud, de Syrillus en Metodiustsjerke. It is de hûstsjerke fan it seminaarje.
- Fierder binne der nei de fal fan it kommunisme yn 1993 en 2003 noch twa kapellen oan it kompleks tafoege .
Klokketoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2007 waard útein set mei de bou fan in nije klokketoer. Op 27 july 2011 waard de 20 meter hege spits mei in helikopter op syn plak set. Op 30 augustus brocht patriarch Kirill in besite oan Tambov en by dy besite waard de 107 meter hege klokketoer ynwijd. It is de heechste klokketoer fan 'e oblast Tambov en ien fan 'e heechste klokketuorren fan Ruslân. De toer is gjin replika fan 'e âlde klokketoer fan 1848, dy't wat foarm en hichte oanbelanget minder yndruk makke as de hjoeddeiske.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kleastergebou.
-
Jehannes de Doperkatedraal.
-
Kazankatedraal.
-
De tusken 2007-2011 boude klokketoer.
-
20e-iuwske kapel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Казанский монастырь (Тамбов)
|