Transfiguraasjekatedraal (Tambov)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekatedraal

Спасо Преображенский собор

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Tambov
plak Tambov
koördinaten 52° 43' N 41° 27' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1694-1783
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 6810005000
offisjele webside
(ru) Side fan de tsjerke

De Transfiguraasjekatedraal (Russysk: Спасо Преображенский собор) is in russysk-otterdokse katedraal yn de stêd Tambov yn Ruslân. De katedraal waard boud yn de jierren 1694-1783. It ûntwerp is in kombinaasje fan de tradisjonele Russyske katedralen - in fjouwerhoekich grûnplan, in sintrale koepel en fjouwer lytse koepeks - mei stylfoarmen fan de Europeeske rokoko.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monumint foar biskop Pitirim

Yn 1694 waard mei de bou fan de katedraal op oantrunen fan de doetiidske biskop Pitirim útein set. De katedraal moast op itselde plak in lytsere houten Transfiguraasjetsjerke ferfange. De biskop makke troch ferstjerren de foltôging sels net mear mei en waard yn de katedraal begroeven. It grutste tsjerkegebou waard mei help fan de keapman Matvej Borodin pas yn 1783 foltôge.

Yn 1812 waard in frijsteande, 42,5 meter hege klokketoer boud, dy't de houten klokketoer ferfong.

Foar de revolúsje die de katedraal tsjinst as grêfplak foar de biskoppen fan it bisdom en in soad pylgers besochten de reliken fan de hillich ferklearre Pitirim en de troch him skildere ikoanen. Oan it begjin fan de 20e iuw brochten tsaar Nikolaas, gruthartoginne Elisabeth Fjodorovna en Jehannes fan Kronstadt in besite oan de katedraal.

De katedraal waard yn 1929 yn de Sovjet-tiid yn opdracht fan de autoriteiten sletten. Yn de katedraal fûn in regionaal museum ûnderdak. De klokketoer waard yn 1931 ôfbrutsen. Op 14 maaie 1974 waard de katedraal erkend as in monumint.

Weromjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de fal fan it kommunisme waard yn 1991 besletten de katedraal werom te jaan oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. De oerdracht oan it bisdom fûn yn 1993 plak yn it ramt fan in besite fan patriarch Aleksi II. Ek de troch de bolsewiken yn beslach nommen reliken waarden werom jûn oan de katedraal. De jierren dêrnei waarden de krusen wer op de koepels set. Yn 2011 folge mei help fan âlde mjittings en tekeningen de weropbou fan de klokketoer. Oars as de histoaryske trije ferdjippings tellende toer krige de toer by de weropbou in fjirde ferdjipping.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Преображенский собор (Тамбов)