Springe nei ynhâld

Jûky (folk)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 nov 2022 om 21.32 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jûky
Yuki

Jûky-manlju, omtrint 1858.
flagge
populaasje
oantal 569 (2010)
taal Jûky(no Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Feriene Steaten
fersprieding
Feriene Steaten: 570

De Jûky (Ingelsk: Yuki of Ukiah) binne in lânseigen Yndiaansk folk út it heechlân yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Harren taal, it no útstoarne Jûky, hearde ta de Jûkiaanske taalfamylje. De Jûky wiene nea botte machtich, en tsjintwurdich binne der noch mar 570 fan harren oer. De measten fan harren binne lid fan 'e Round Valley Yndianestammen, dat in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten is.

Skattings fan histoarisy en antropologen oangeande de prekoloniale befolkingsgrutte fan 'e Jûky rinne sterk útinoar. De folkekundige Alfred L. Kroeber rûsde de populaasje yn 1770 fan 'e Noardlike Jûky, de Kust-Jûky en de Hûtsjnom (of Clear Lake-Jûky) op 2.000, resp. 500 en 500, wat dús útkaam op in totaal fan 3.000 minsken. Sherburne F. Cook tocht earst dat der sa'n 3.500 Jûky west hiene, mar stelde letter in oantal fan 9.730 foar. Hjoed de dei binne de Jûky sterk yn oantal belune.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wiene der doe noch 569 minsken fan Jûky-komôf, mei dêrûnder 255 folbloed-Jûky. Dy hearre tsjintwurdich ta de federaal erkende Round Valley Yndianestammen, in multy-etnyske stamme-organisaasje dy't syn haadkertier yn Covelo hat. Yn 2010 hiene de Round Valley Yndianestammen 1.124 leden, dêr't etnyske Jûky 50,6% fan útmakken.

De Jûky wenje al sûnt minskewitten yn 'e krite fan 'e Round Valley, yn noardlik Kalifornje. Hja wiene ien fan 'e mar in pear oarlochssuchtige Yndiaanske folken fan Kalifornje, yn 'e mande mei de Mohave. De earste Jeropeaan dy't it wengebiet fan 'e Jûky oandie, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Rodríguez Cabrillo, yn 1542, hoewol't ûnbekend is oft dy kontakt makke hat mei de Kato. Neitiid hearde noardlik Kalifornje oant 1821 by de Spaanske koloanje Nij-Spanje, en dêrnei noch in fearnsiuw by Meksiko, mar noch de Spanjerts, noch de Meksikanen bekroaden har in protte om it uterste noarden fan harren grûngebiet.

De winkel by it Yndiaansk agintskip yn it Round Valley Reservaat, yn 1876.

Oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch moast Meksiko yn 1848 Kalifornje en it hiele Amerikaanske Súdwesten oan 'e Feriene Steaten ôfstean by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo. Neitiid briek de Kalifornyske Goudkoarts út en streamden kolonisten út it Easten fan 'e Feriene Steaten nei Kalifornje ta. Al rillegau brieken der konflikten út tusken de blanken en de lânseigen befolking, wêrby't de Yndianen yn 'e regel belies jaan moasten en fan harren lân ferdreaun waarden. Teffens waarden der troch de blanken ferskate bloedbadden ûnder de Yndiaanske befolking oanrjochte. Ek de Jûky waarden út in grut diel fan harren heitelân ferdreaun, wylst guon fan harren, benammen froulju en bern finzen nommen en ta slaaf makke waarden.

Yn 1856 waard lykwols yn 'e Round Valley de Nome Cult Farm oprjochte, as in bestjoerlike dependânse fan it Nome Lackee Yndianereservaat. De reservaat, oan 'e noardwestlike râne fan 'e Sintrale Delling, wie ien fan 'e fiif Yndianereservaten dy't it Amerikaanske regear yn 1852 yn Kalifornje stifte hie. It ynstellen fan reservaten wie in manear foar de Amerikaanske oerheid om 'e lânseigen befolking tsjin 'e kolonisten te beskermjen en ûnderwilens harren foarâlderlike heitelân frij te meitsjen foar fierdere kolonisaasje.

Mei de fêstiging fan 'e Nome Cult Farm kamen de Jûky der nuver foar te sitten. Want hoewol't it reservaat op harren foarâlderlike grûn stifte wie, waard it brûkt as in soarte fan sammelbak foar in sântal lytse Yndiaanske etnyske groepen dy't de kolonisaasje fan noardlik Kalifornje yn 'e wei stiene. Oars as de oare folken beholden de Jûky dus in diel fan har eigen lân, mar dêrfoaroer stie dat se dat tenei diele moasten mei oare Yndiaanske folken, dy't fan âlds harren fijannen wiene. Underwilens gie ek de kolonisaasje fan 'e Round Valley troch de blanken troch, wat ta nij bloedferjitten late. Benammen ûnder de Bald Hills-oarloch fan 1858-1864 en de Mendocino-oarloch fan 1859-1860 hiene de Jûky en de oare bewenners fan it reservaat slim te lijen.

De fersprieding fan 'e Jûkiaanske talen.

Yn 1870 makke de Amerikaanske presidint Ulysses S. Grant de Nome Cult Farm ta in selsstannich reservaat op grûn fan 'e Wet op de Fjouwer Reservaten, dy't yn 1864 troch it Amerikaanske Kongres oannommen wie. Yn 't earstoan waard it nije reservaat oantsjut as de Covelo Yndianemienskip, mar nei ferrin fan tiid kaam it bekend te stean as it Round Valley Yndianereservaat. Nei 1887 waard ûnder de Wet-Dawes it mienskiplik grûnbesit fan 'e stammen ferparte ûnder yndividuële Yndianen. Under de Wet op de Yndiaanske Reorganisaasje, fan 1934, namen de Round Valley Yndianestammen har hjoeddeiske bestjoerlike foarm oan. Hjoed de dei hawwe de Round Valley Yndianestammen troch hast hûndertfyftich jier fan yninoar om te trouwen in mienskiplike kultuer en libbenswize ûntwikkele en in feriene mienskip opboud.

De lânseigen taal fan 'e Jûky, it Jûky, wie in fierhinne isolearre taal, wêrfan't men tinkt dat er út 'e fierte besibbe wie oan in soartgelikense isolearre taal, it Wappo, dat foarhinne ek yn noardlik Kalifornje sprutsen waard. Mei-inoar foarmje dy beide talen de Jûkiaanske taalgroep. Fierdere taalbesibskip hat men oant no ta noch net bewize kinnen, hoewol't der datoangeande ferskate teoryen binne. It Jûky stoar omtrint 1990 út mei de dea fan 'e lêste memmetaalsprekker.

Stamme-organisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
federaal erkende stammen yn 'e Feriene Steaten
stamme etnyske groep(en) steat haadkertier populaasje opmerkings
Round Valley Yndianestammen
Round Valley Indian Tribes
Atsjomawy, Jûky,
Kato, Maidû, Nomlaky,
Pomo en Wailaky
Kalifornje Covelo 1.120 wêrfan likernôch 570 Jûky

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.