Chattanooga (Tennessee)
Chattanooga | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Tennessee | |
County | Hamilton County Marion County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 171.279 (2013) | |
Oerflak | 370,8 km² (ynkl. wetter) 352,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 471,9 / km² | |
Stêdekloft | 528.143 (2010) | |
Hichte | 206 m | |
Oar | ||
Stifting | 1816 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 35°02′44″N 85°16′02″W | |
Offisjele webside | ||
www.chattanooga.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Chattanooga yn Hamilton County en yn 'e steat Tennessee. |
Chattanooga (útspr.: [ʧætn̩ˈuːɡɑ], likernôch: "tsjet-tn-ûû-ga") is de op trije nei grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Tennessee (nei Memphis, Nashville en Knoxville). It leit yn it súdeasten fan 'e steat, deunby de grins mei Georgia, oan 'e iggen fan 'e Chickamaugamar en de Nickajackmar, dy't beide ûnderdiel útmeitsje fan 'e rivier de Tennessee. De offisjele bynamme fan Chattanooga is the Scenic City ("de Skildereftige Stêd"), en dat slacht op 'e omlizzende berchkrite, dy't de oergong foarmet fan 'e Appalachen nei it Cumberlandplato. De stêd hat ek ferskate offisjeuze bynammen, lykas River City, Nooga, Chattown en Gig City (dat lêste slacht op de bewearings fan Chattanooga dat it de fluchste ynternetferbining fan it Westlik Healrûn hat.
Neffens in offisjele skatting út 2013 hie de stêd doe goed 171.000 ynwenners, wylst de befolking fan Chattanooga as stêdekloft, wêrby't alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite meirekkene wurde, útkomt op 528.000 minsken (neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010). Ynternasjonale bekendheid hat de stêd krigen troch it liet Chattanooga Choo Choo, út 1941, dat popularisearre waard troch Glenn Miller en syn orkest. Yn beskate fermiddens is Chattanooga fierders bekend trochdat de sleepauto der yn 1916 útfûn is troch Ernest Holmes sr.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste bewenners fan Chattanoga wiene fansels lânseigen Yndiaanske folken. Tusken 900 en 1650 wie it gebiet yn 'e hannen fan Muskogeaanske folken, dy't Chattanooga syn namme joegen. Datoangeande komt "chatta" fan it Muskogeaanske wurd cvto (útspr.: [ʧʌto:], likernôch: "tsjattoo"), dat "rots" of "stien" betsjut, wylst "nooga" wierskynlik in ferbastering is fan it dialektyske efterheaksel -nunga, dat "wente" of "wenplak" betsjut. Om likernôch 1650 hinne waard de krite fan Chattanooga mei in grut part fan 'e rest fan Tennessee, en teffens fan 'e oangrinzgjende steaten Noard- en Súd-Karolina, Georgia en Alabama, yn besit nommen troch de Irokeeske Sjeroky.
Yn 1816 stifte John Ross, dy't letter it oerste opperhaad fan 'e Sjeroky wurde soe, op it plak dêr't no Chattanooga leit in delsetting dy't de namme fan Ross's Landing krige. Dat wurdt beskôge as it alderierste oanbegjin fan Chattanooga. Al rillegau ûntjoech Ross's Landing him ta ien fan 'e wichtichste Sjeroky-delsettings, mar yn 1838 waarden de Sjeroky, yn 'e mande mei de oare fjouwer fan 'e saneamde Fiif Beskaafde Stammen troch it Amerikaanske regear ûnder driging mei geweld deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma). Dy deportaasje fol ûntbearings út har heitelân, wêrby't tûzenen Yndianen omkamen, stiet bekend as it Spoar fan Triennen (Trail of Tears). Al harren lân beëasten de Mississippy waard troch it regear yn Washington ûnteigene en frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken.
It jiers nei de deportaasje fan 'e Sjeroky krige Ross's Landing ûnder de nije namme fan Chattanooga offisjeel de status fan stêd. De delsetting begûn dêrnei, troch syn foardielige lizzing oan 'e rivier de Tennessee, al rillegau te groeien, en doe't it spoar der yn 1850 bylâns oanlein waard, gie dat noch helte flugger. Chattanooga kaam bekend te stean as it plak "dêr't katoen en nôt inoar moetsje", wat sloech op 'e lizzing yn 'e oergongssône tusken it leechlân fan it Amerikaanske Suden, mei syn katoenplantaazjes, en de súdlike Appalachen, dêr't fral nôt ferboud waard.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch wie de krite om Chattanooga hinne yn it neijier fan 1863 it toaniel fan fûleindige gefjochten tusken de Noardliken en de Súdliken. Op 9 septimber waard de stêd ferovere troch de Noardliken. Nei't dy troch de Súdliken ferslein wiene yn 'e Slach by Chickamauga, waarden se yn Chattanooga troch de Súdliken belegere oant der oer de rivier fersterkings kamen ûnder it befel fan 'e lettere Amerikaanske presidint Ullysses S. Grant. Op 24 novimber briek dy yn 'e Slach by Lookout Mountain troch de Súdlike besingeling hinne, wêrnei't er op 25 novimber de Súdliken yn dizze krite foargoed fersloech yn 'e Slach by Missionary Ridge. Yn 'e maityd fan 1864 wie Chattanooga de basis dêr't de Noardlike generaal William Tecumseh Sherman syn opmars nei Atlanta wei begûn.
Nei't de oarloch yn 1865 yn it foardiel fan it Noarden beslist wie, ûntjoech Chattanooga him ta in wichtich spoarknooppunt en in yndustrieel sintrum fan belang. Dêrmei begûn ek it ynwennertal wer oan te waaksen. Dy befolkingsgroei waard ûnder en fuort nei de Earste Wrâldoarloch noch ekstra stimulearre trochdat Chattanooga de stêd wie dy't it tichst by it wichtige trainingskamp fan it Amerikaanske Leger yn Fort Oglethorpe lei. Fan 1933 ôf waard yn opdracht fan it Amerikaanske Kongres it systeem fan keardammen en opslachmarren fan 'e Tennessee Valley Authority oanlein, dat de oerstreamings dy't foartiid geregeldwei foarkamen, binnen de stokken hâlde moast. De slimste oerstreaming dêr't Chattanooga ea ûnder te lijen hân hat, wie dy fan 1867, doe't de hiele stêd ûnder wetter stie.
Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw hie Chattanooga fral te krijen mei baneferlies troch de postyndustriële krisis, en teffens mei loftfersmoarging. Deselde omlizzende bergen dy't de stêd sa'n skildereftich oansjen jouwe, soargje der nammentlik foar dat de útstjit fan reek en oare fersmoarging boppe de stêd hingjen bliuwt, wat in heech gehalte fan smog opsmyt. Troch in ekonomyske resesje, loftfersmoarging, de ferpaupering fan in diel fan 'e stêd en rasiale spannings ferlear Chattanooga yn 'e tachtiger jierren sa'n 10% fan syn befolking. Troch de ynset fan it stedsbestjoer om dy swierrichheden oan te pakken, hat de stêd tusken 1990 en 2010 lykwols dy 10% ynwenners wer weromwûn.
Chattanooga hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich is de ekonomy fan Chattanooga tige diversifiëarre, en omfiemet er in groeiende mingeling fan yndustry en tsjinsten. Wat de yndustry oanbelanget, hat de Dútske autoprodusint Folkswein bygelyks in fabryk yn Chattanooga. Op it mêd fan heger ûnderwiis binne yn 'e stêd ferskate universiteiten en hegeskoallen fêstige, mei as wichtichsten de Universiteit fan Tennessee te Chattanooga (in ûnderdiel fan 'e gruttere Universiteit fan Tennessee), dêr't sa'n 10.000 studinten in oplieding folgje, en it Chattanooga State Community College, mei rûchwei 11.000 studinten.
Wat toeristyske besjensweardichheden oanbelanget, hat Chattanooga û.m. it International Towing and Recovery Hall of Fame and Museum, dat de skienis fan 'e sleepauto beljochtet. Oare museä yn 'e stêd binne bgl. it Chattanooga History Center, in histoarysk museum, en it Hunter Museum fan Amerikaanske Keunst. Ek binne it Tennessee-akwarium, in iepenbier akwarium, en de Chattanooga Zoo at Warner Park, de pleatslike dieretún, yn Chattanooga fêstige.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Chattanooga 14,7% âlder as 65 jier en 21,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 42% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 16,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 55,9% blanken; 34,9% swarten; 5,5% Latino's; 2,0% Aziaten; 0,4% Yndianen; 1,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Chattanooga
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lovie Austin (1887-1972), muzikante en sjongster
- Bessie Smith (1894-1937), sjongster
- Dennis Haskins (1950), akteur
- Lori Petty (1963), aktrise
- Rachel Boston (1982), aktrise en model
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chattanooga hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte en wiete simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 10,1 °C. Chattanooga kriget jiers trochinoar 1.333 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 10,7 sm snie. Yn in protte jierren falt der hielendal gjin snie, mar yn 'e nacht fan 9 op 10 jannewaris 2011 foel der bgl. 28 sm yn ien kear. Hoewol't it yn 'e smoute tusken de bergen leit, is Chattanooga net alhiel frij fan it gefaar dat tornado's ynhâlde; yn april 2011 waard de stêd bgl. noch troffen troch ferskate (lytsere) wynhoazen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|