Springe nei ynhâld

Humanoïde

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 jul 2022 om 20.52 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Humanoïde (fan it Latynske humanus, dat "minsklik" betsjut, oanfolle mei it efterheaksel -oïde, dat safolle betsjut as "lykjend op") is in term dy't as haadwurd en as eigenskipswurd brûkt wurde kin. Der wurdt mei ferwiisd nei in wêzen of konstruksje wêrfan't de lichemsbou liket op dy fan in minske. De term kin brûkt wurde foar in grut ferskaat oan wêzens en dingen:

In fiktive humanoïde hat yn 'e regel yn grutte halen deselde lichemsbou as in minske, mei in romp, earms en skonken, hannen mei fingers, fuotten mei teannen, en in holle mei eagen, noas, mûle en earen. Details kinne lykwols ferskille, lykas it tal fingers en teannen, de hûdskleur, foarm fan 'e eagen, earen of noas, behierring, lichemslingte en gewicht. Fierders kinne der bykommende lichemsdielen wêze dy't by in minske ûntbrekke, lykas in sturt, klauwen, hoarnen, in ekstra pear earms, ensfh. Ek is it mooglik dat it lichem ynwindich ferskilt, lykas troch it beskikken oer ekstra organen, it ûntbrekken fan organen of in oare yndieling (bgl. it hert oan 'e rjochterkant fan 'e boarstkas of de harsens yn 'e boarstkas.

Yn films en tillefyzjesearjes wurde bûtenierdske wêzens ornaris foarsteld as humanoïde, om 'e ienfâldige reden dat it foar in minsklike akteur dan in stik makliker wurdt om sa'n rol te spyljen. Ek is it minder djoer, mei't it ûntwerpen fan in hiele oare lichemsfoarm jild kostet. In bykommend foardiel is dat it publyk him better mei in bûtenierdsk wêzen identifisearje kin as dat wêzen antropomorf foarsteld wurdt. Der bestiet ûnder biologen gjin konsensus oer de wierskynlikheid oft bûtenierdske wêzens, oannommen dat dy wier earne yn it ûnmjitlike hielal besteane, in humanoïde uterlik hawwe soene of net. Party saakkundigen liket dat tige ûnoannimlik ta, wylst oaren derfan útgeane dat de evolúsje op oare planeten krektsa wurkje soe as op 'e Ierde en dat bûtenierdske wêzens en minsken, neigeraden dat se fierder evoluëarje, hieltyd mear opinoar lykje soene om't in humanoïde lichem no ienris de brûkberste foarm is. Dêrby giet men út fan parallelle evolúsje, in ferskynsel dat der ek foar soarge hat dat bgl. walfiskeftigen en fisken in ferlykbere lichemsfoarm hawwe, hoewol't se ta folslein ferskillende taksonomyske groepen hearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.