Springe nei ynhâld

Soulfly

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 jun 2022 om 06.34 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (nij album)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Soulfly
band
Soulfly yn 2015
Soulfly yn 2015
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Brazyljaansk
Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre metal
bestean 1997 - no
label(s) Nuclear Blast,
Roadrunner
âld-leden Cello (bas) (1997–2003)
Mata (drums) (1997–1999) (2001–2003)
Jackson Bandeira (gitaar) (1997–1998)
Logan Mader (gitaar) (1998–1999)
Mikey Doling (gitaar) (1999–2003)
Joe Nunez (drums) (1999–2001) (2003–2011)
Bobby Burns (bas) (2003–2010)
Marc Rizzo (gitaar) (2003–2021)
Tony Campos (bas) (2011–2015)
David Kinkade (drums) (2011–2012)
leden
Sang & Gitaar Max Cavalera
Bas Mike Leon
Drums Zyon Cavalera

Soulfly is in Braziljaansk-Amerikaanske metalband oprjochte yn 1997 troch Max Cavalera, earder fan Sepultura. Neidat Cavalera, Sepultura mei reboelje ferlitten hie. Soulfly kombinearret in soad stilen fan metal mei Braziljaanske muzyk en wrâldmuzyk, lykas de foarige band fan Max Cavalera, Sepultura. De teksten op de âldste albums giene oer spiritualiteit, politike en religieuze tema's, de lettere albums omfetsje oare tema's, wêrûnder oarloch, geweld, agresje, slavernij, haat en lilkens. De band hat ferskate besettingswikselingen ûndergien. Oprjochter Max Cavalera is it iennichste konstante lid, wylst gitarist Marc Rizzo op de earste trije albums nei, op alle albums dy't oant no ta ferskynt binne te hearren is.

Soulfly waard oprjochte yn Los Angeles, Kalifornje, yn 1997 troch Max Cavalera. Nei 't er mei reboelje út Sepultura stapt wie. It titelleaze debútalbum fan Soulfly waard útbrocht yn april 1998.

De band, dy 't destiids bestie út Lúcio Maia op gitaar, Cello Dias op bas en Roy Mayorga op drums, spile op it debútalbum ek mei gastmuzikanten. Nei it opnimmen fan it debútalbum kearde Jackson Bandeira werom nei Brazylje mei de band Nação Zumbi en waard ferfongen troch Logan Mader fan Machine Head foar de toernee dy 't folge. Nei de toernee waard Logan Mader ferfongen troch Mikey Doling, earder fan de band Snot.

In ferskaat oan ynfloeden, wêrûnder nu-metal, ferskynde op it yn 2000 útkommen album "Primitive", Joe Nunez, ferfong Roy Mayorga op drums foar “Primitive”. It album befette ek wer in tal gastmuzykkanten. Boppedat is de albumhoes makke troch Neville Garrick dy 't ek de albumhoezen fan Bob Marley ûntwurp.

Yn 2001 ferliet Joe Nunez, Soulfly om by de band Stripping the Pistol te gean spyljen. Roy Mayorga ferliet syn band Medication om wer by Soulfly spylje te kinnen. Yn 2002 ferskynde it tredde album fan Soulfly mei de ynspirearjende titel “3”. It wie it earste album dat produsearre waard troch Max Cavalera sels.

Yn septimber 2003, nei it toernee foar “3”, waard bassist Marcelo Dias ûntslein troch Max Cavalera, Mikey Doling en Roy Mayorga ferlieten beide hjirnei út protest ek de band. Max Cavalera moast hjirtroch op syk nei nije bandleden.

Cavalera fûn in nije line-up yn oktober 2003 foar de opnamen fan Soulfly's fjirde album. Joe Nunez kearde werom efter it drumstel en Marc Rizzo earder fan Ill Niño op gitaar, en Bobby Burns, earder fan Primer 55, op bass. David Ellefson, earder fan Megadeth spile ek in tal baspartijen yn op it album “Prophecy” dat op 30 maart 2004 útkaam.

Op it momint dat Max Cavalera begjinne woe mei it fiifde studio-album fan Soulfly waard syn wrâld opskodde troch twa trageedzjes dy 't effekt hân hawwe op it úteinlike album. Op 8 desimber 2004 waard Max syn goede freon Dimebag Darrell deasketten by in optreden mei syn band Damageplan yn Ohio, en op 10 desimber stoar folslein ûnferwachts Cavalera's 8 moanne âlde pakesizzer Moses. De oare hjerst, op 4 oktober 2005, waard it album “Dark Ages” útbrocht.

By de “Dark Ages” toernee waard Max foar harren optreden op it poadium by de “10 th Annual D-Low Memorial show” foar it earst yn 10 jier by inoar op it poadium mei syn broer Igor Cavalera. Max en Igor foarmen Sepultura tegearre yn de iere jierren 80, mar hiene net mear tegearre spile sûnt Max syn fuortgean by Sepultura yn 1997. Igor foege him healwei de set by de band foar in jam op de drums en bleau op it poadium om de Sepultura-klassikers "Roots Bloody Roots" en "Attitude" op it drumstel fan Joe Nunez te spyljen.

Yn 2008 brocht Soulfly harren sechsde studio-album “Conquer” út. Yn 2010 ferskynde it sânde album “Omen”. Dit sânde album befettet op twa nûmers opnamen op drums fan Max syn soannen: Zyon Cavalera en Igor Cavalera (net te ferwarren mei Max Cavalera syn broer). July 2010 ferliet bassist Bobby Burns de band, hy waard ferfongen troch earder Static-X bassist Tony Campos.

Yn 2011 ferliet drummer Joe Nunez foar de twadde kear de band, syn ferfanger waard fûn yn earder Borknagar drummer David Kinkade. It album “Enslaved” dat yn 2012 útkaam befetten ek wer opnamen mei de soannen fan Max Cavalera. Drummer Kinkade ferliet ein 2012 Soulfly alwer, hy waard ferfongen troch Zyon Cavalera, ien fan Max Cavalera syn soannen. Begjin 2014 makke bassist Tony Campos bekent dat hy Soulfly ferliet om by Fear Factory te gean spyljen. Syn ferfanger waard fûn yn Mike Leon. Augustus 2021 ferliet gitarist Marc Rizzo nei in gearwurking fan achttjin jier de band.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Soulfly 21 april 1998 Roadrunner Eye for an Eye,
Umbabarauma,
Bleed,
Tribe
Primitive 26 septimber 2000 Back to the Primitive,
Son Song,
Jumpdafuckup
3 25 juny 2002 Downstroy,
Seek 'n' Strike
Prophecy 30 maart 2004 Prophecy
Dark Ages 4 oktober 2005 Carved Inside,
Frontlines
Conquer 29 july 2008 Unleash,
Blood Fire War Hate
Omen 25 maaie 2010 Rise of the Fallen
Enslaved 13 maart 2012 World Scum
Savages 4 oktober 2013 Nuclear Blast Bloodshed,
Master of Savagery,
Ayatollah of Rock 'n' Rolla
Archangel 14 augustus 2015 We Sold Our Souls to Metal,
Sodomites,
Archangel,
Titans
Ritual 19 oktober 2018 Evil Empowered,
Ritual,
Dead Behind the Eyes,
Under Rapture
Totem 5 augustus 2022 Scouring The Vile
Album Utbrocht op Label
Live at Dynamo Open Air 1998 22 juny 2018 Dynamo Concerts
Live Ritual NYC MMXIX 22 maaie 2020 Nuclear Blast

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
The Complete Roadrunner Albums 27 septimber 2019