Blokhûspoarte
De Blokhûspoarte is in âld gebou yn Ljouwert dat benammen bekend stie as it Hûs fan Bewar. It is boud om 1500 hinne en stiet op de súdeastlike hoeke fan de âlde binnenstêd. It hat troch de iuwen hinne in soad oanpassings en útwreidings ûndergien en wie sûnt 1580 in finzenis. Yn de foarm dy't it no hat is de finzenis 130 jier âld.
De Blokhûspoarte foldocht net mear oan de hjoeddeiske feilichheidseasken dy't steld wurde oan penitinsjêre ynrjochtings en dêrom is de finzenis sûnt desimber 2007 foargoed ticht. Der moat noch in beslút nommen wurde oer in nije funksje. Sa wurdt der tocht om der in ‘kultuerbûlevaar' fan te meitsjen en soenen der ferskate ynstellingen as it Fersetsmuseum, de Popakadeemje en/of keunstsintrum Parnas in plakje krije kinne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske lannen wienen ein 15e iuw it striidtoaniel fan konflikten tusken de Skieringers en Fetkeapers. Dy twa partijen rekken hieltyd deilis mei elkoar. Yn 1498 krige de Saksyske hearsker Hartoch Albrecht III fan Saksen hearskippij oer Fryslân tawiisd troch Maksimiliaan I, keizer fan it grutte Romeinske Ryk. Benammen Skieringers ûntfongen Albrecht III fan Saksen mei iepen earms omdat dêrtroch de al mar groeiende macht fan de stêd Grins oer de Fryske lannen yndamme waard. Mar net alle Friezen wienen like bliid mei dizze komst en Ljouwert rûn foarop yn de striid tsjin de nije hearsker foardat de oername yn 1498 foarfêst in feit waard. Troch de grutte macht fan it grutte Hillige Roomske Ryk ûnder Maksimiliaan I wienen de ynwenners fan de stêd needsake om te ûnderhanneljen mei de greve fan de hartoch, Willebrord fan Schaumburch. Dy ûnderhannelings barden yn it Uniahûs dat yn de súdeasthoeke fan de stêd stiet.
Doe't de ûnderhannelings sa goed as dien wienen mar noch net hielendal ôfrûne, besocht Willebrord fan Schaumburch al fêst meardere middels fan fersekering binnen de stêd te bringen. Troch in list tocht hy syn doel te berikken; de krûdtûnen wienen mei bûter ynsmard en it geskut op de weinen waard mei reid ôfdutsen. Dizze boaze opset waard opmurken en tefoaren komd troch de Ljouwerters wêrby't it warleaze Uniahûs it ûntjilde moast. Der folge in njoggen wiken duorjend belis fan de stêd dat dapper trochstien waard mar úteinlik seagen de Ljouwerters de needsaak om har oan te sluten by Willebrord fan Schaumburch. Under strange betingsten waard oerien komd dat de greve tastien waard om in sterke festing te bouwen binnen de stêd.
Troch it duorjende gefaar om de stêd hinne en driigjende oanfallen en plonderings besluet de hartoch al gau nei de Oerjefte fan Ljouwert om in nij fort te bouwen. De noch mar in bytsje beboude súdeasthoeke fan de stêd waard it meast geskikt achte. It hûs en hof fan it aadlike geslacht Hania, dat yn it begjin fan de 15e iuw boud wie en ek de tún fan Jan Tammama, moasten hjirfoar oankocht en ôfbrutsen wurde. Neidat men healwei novimber 1498 begûn wie mei it rûgjen fan de beammen, de grûn te sljochtsjen en ôf te pealjen waard op 22 febrewaris 1499 begûn mei de bou fan "It Blokhûs". Ta it graven fan de grêft waarden tsjin fergoeding de neistlizzende gritenijen belêste. De stiennen fan it sloopte Uniahûs waarden brûkt foar de bou, mar ek waarden stiennen oanfierd fan troch Ljouwerters en Grinslanners fernielde stinzen fan guon Skieringer eallju. Der bestiet in plattegrûn fan Ljouwert om 1500 hinne, dêr't op te sjen falt dat it Blokhûs in samling fan gebouwen is, dêr't net ien fan, mei útsûndering fan de yn 1530 hielendal fernijde Kapel, oars as troch ôfmjittings in ein boppe de oare útstekt.
Yn 1557 begûn men ûnder tafersjoch fan in spesjalisearre boumaster mei it bouwen fan nije fersterkings yn de foarm fan nij- en oanbou. Mear as 1300 ton kalk út Dordrecht, 100 ton semint út Amsterdam, 100 skûten sân, 100.000 Fryske en 4000.00 dûbele Leienske stiennen wurde nei it blokhûs skipe, wylst fan it foarrige jier noch 800.000 Leienske stiennen ûnder de útjeften boekt stean. Dat alles waard ferwurke yn in nij rûndiel yn de noardeasthoeke fan it fort. Ek waard nij en swierder geskut út Utert komme litten dat in plak krige op de nije fortdielen. It wie yn in tiid wêryn't ferhâldings tusken foarsten en ûnderdienen minder waarden en it uterlik fan it Ljouwerter Blokhûs mear ferdigenjende foarmen oannom. Ut kaarten fan 1550 en 1560 blykt dat it fort "It Blokhûs" foarsjoen wie fan fjouwer grutte swiere tuorren of rûndielen op syn fjouwer hoeken en kaam foar it meastepart oerien mei it ûntwerp fan it Kastiel fan Starum, dat yn 1522 boud wie foar „43931 pûnen 8 skellingen fan 40 grut 't pûn' " (pûn = gûne; skelling = stoer).
Yn 1562, '63 en '64 waard û.o. in sliepplak boud foar de maarskalk fan it fort. De oanfier fan grutte hoemannichten hout, spikers en stiennen tsjûget fan de mânske ferbouwings. Dúdlik blykt ek út de plattegrûnen fan de stêd dat It Blokhûs yn dizze perioade grutte uterlik feroarings ûndergie. Yn de dêrop folgjende jierren wienen it bakhûs, it krûdhûs, it slachthûs, „het huisken in des Heeren hof" en de rosmole oan bar; de wâl waard hjir en dêr duchtich ûnder hannen nomd. Ek waard de nije finzenis foarsjoen en fersterke mei „yseren doeren" wêr nedich, wêrfoar't al yn 1554 materiaal oankocht wie.
Nei 1568 kamen de Nederlannen yn opstân tsjin it bestjoer fan Filips II dy't jimmeroan hegere belestingen ynfierde omdat de Spaanske kening sa goed as fallyt wie. Dêrmei begûn wat letter de "Tachtichjierrige oarloch" neamd wurde soe. De lanlike kastielen, forten, gewesten en plakken stienen ûnder it gesach fan maarskalken, greven, steedhâlders en de foarst. Caspar de Robles wie ûnder it gesach fan foarst Filips II steedhâlder fan Fryslân fan 1568 oant 1576. Yn 1579 tekenen in pear noardlike gewesten de Uny fan Utert, dêr't se yn ôfpraten om mei-inoar yn opstân tsjin de Spaanske oerhearsking te kommen. Dêrtroch krige elk gewest selsbeskikking. Ek de Steaten fan Fryslân tekenen dy oerienkomst en ferklearren har formeel ûnôfhinklik.
De maarskalk fan It Blokhûs, greve fan Rennenberg, twifele en wifele om it gebod op te folgjen. Dêrom besleaten de Steaten fan Fryslân om ta geweld oer te gean en Deputearren joegen oan Adje Lammerts, Boargemaster fan Ljouwert en kapitein fan de boargerwacht tastimming it Blokhûs mei list of geweld te feroverjen. Fan beide kanten waard It Blokhûs duchtich bestookt en Rennenberg gie frijwol daliks oer op ûnderhanneljen. Op 1 febrewaris 1580 waard de kapitulaasje tekene en namen de Steaten en de Stêd it kastiel yn besit. It Blokhûs waard al gau ynrjochte as in hûs fan arrest foar it Hof fan Fryslân. Tsjin de westlike gevel waard in skavot boud en foar it kriichsgerjocht waard foar it hûs in galge delsetten.
De wenbestimming fan It Blokhûs feroare ridlik gau. Yn 1580 krige it yntiden kastieleftige gebou, mids it wetter, in bestimming as finzenis. By it sljochtsjen fan It Blokhûs op 1 febrewaris 1580 bleaunen de eastlike en súdlike wâlen stean en mar ien fan de fjouwer rûndielen, nammentlik dat op de súdeastlike hoeke. Dat rûndiel, dat de namme hold fan "Pinichtoer", omdat de pynbank fan it Hof dêryn wie, komt noch op de 17e-iuwske plattegrûnen fan de stêd foar, û.o. ôfbylde op it alfte diel fan Eekhoff syn wurk (Plaat VII). Op de plaat fan J.H. Knoop (1760) wurdt it súd-eastlike rûndiel mei mear werjûn. By dizze sljochting waard ek in tinkpinning slein mei de befrijer Prins Willem fan Oranje as David der op.
Wopke Eekhoff fertelt yn syn skiedkundige beskriuwing fan Ljouwert dat yn 1783 de âlde westlike muorre hielendal fernijd waard mei in nije fraaie laach nei Toskaansk foarbyld. Dêrboppe waard it troch twa liuwen fêstholden wapenskyld fan de provinsje setten. Ek de haadpoarte yn de muorre fan de noardside waard fernijd en foarsjoen fan it "Byld fan de Gerjochtichheid". Ek binnenyn ûndergie it gebou de nedige feroarings om it sa better geskikt te meitsjen foar syn nije bestimming. Yn it gebou kamen 14 sellen, tsien keamers, sealen en wenkeamers wêrfan de "De Heareseal" (Eksaminaasjekeamer foar de Rieden fan de Hove) de foarnaamste wie. Dêrneist waarden keamers lykas de pinichkeamer oanpast, wêryn't eartiids de brûkte pynbank mei tabehear stie, de "Drôfkeamer", wêryn't ta dea feroardielden harren lêste oeren trochbrochten, de sivile finzenis (ek wol "de Gizeling" neamd), de "Studintekeamer", de "Utklaaikeamer" en de "Giselseal". Oan de souder fan dizze Giselseal hong hiel lang in opsette krokodil wêrfan sein waard dat dizze ea oan de Fryske kust fûn wie. It fertrek oan de westgevel joech tagong ta it omheinde skavot, wêrop de útspraken (regtsoefeningen) fan it Hof fan Justysje útfierd waarden. Yn 1661 wie efter it Blokhûs in Lâns Tucht- en Wurkhûs boud dat yn 1754 troch brân ferwoaste waard. Dizze waard fuort dêrnei wer opboud.
Yn 1824 waard It Blokhûs sels ferboud en as wenning foar de Kommandant fan de finzenis ynrjochte. Yn 1870 waard it úteinlik ôfbrutsen om romte te meitsjen foar de tsjintwurdige ryksfinzenis.
By wurksumheden fan "den dienst der Gemeentewerken" yn 1919 kamen de âlde fûneminten foar it ljocht, mar dy binne romme by de ôfgraving dy't dien waard foar de skipfeart. Op dizze hoeke kaam it Nije Kanaal mei stedsgrêft. Hoewol't de fundearrings yn 1919 romme binne, binne se wol wiidweidich dokumintearre. By it oprommingswurk blykte it rûndiel oanlein te wêzen op 1.50 m. ûnder Frysk Simmerpeil en te rêsten op in fundearring besteand út lizzend rusterwurk fan ribben (trochseage iken peallen) en mei swellesturtferbinings oan inoar setten te wêzen. De rûne toer wie noch oant 1 meter boppe Simmerpeil oanwêzich, hie ynwindich in trochsneed fan 5.80 meter en útwindich 12.50 meter. Mar leafst 240 kúb mitselwurk moast derwei helle wurde. Alle njoggen fekken fan it achthoekige rusterwurk wienen folslein mei ûngefear 2.50 meter lange peallen, fan tapske foarm en by fjouwer stiks tagelyk út ien ûngefear 0.30 meter dikke iken peal fan dyselde lingte seage. Dizze tinnere peallen wienen allegear mei de punt yn de grûn slein.
Untsnappings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de skiednis fan de finzenis hawwe yn de rin fan de tiid meardere ûntsnappings west. Ien fan de meast spektakulêre ûntsnappings yn syn skiednis wie de oerfal op it Hûs fan Bewar troch it Fryske ferset, op 8 desimber 1944. Dêr gie in feilleas troch Piet Oberman útwurke plan oan foarôf om te foarkommen dat de tichtby legere Dútsers wat yn 'e gaten krigen. Op de jûn fan 8 desimber waarden 51 fersetsminsken troch harren freonen fan de KP út de sel befrijd wêrby't net ien skot lost is. Dizze aksje wurdt sjoen as ien fan de grutste fersetsdieden yn de Twadde Wrâldoarloch. De oerfal is yn 1962 ferfilme op basis fan in senario skreaun troch Lou de Jong, mei as titel De Overval. De folgjende persoanen wienen mei de oanfal anneks: Piet Oberman (fersetsnamme: Piet Kramer), Frou Lammers, Eppie Bultsma, Jannie Bultsma, Koopman, Vos, Jellema, Agint Turksma, Ynspekteur Bakker, Mies, Grundmann, Walther.
Oare útbraken en besykjen :
De earste ûntsnapping is fan 15 juny 1868. Doe ûntsnapte in seistal finzenen. Kristoffel Veldink en Hindrik Jan Hulsbeek waarden al rillegau nei harren ûntsnapping troch lânarbeiders by Goutum en Ripernijtsjerk oppakt. By Readtsjerk waarden twa oare finzenen oppakt wêrûnder Schultz en de destiids beruchte Fan Schenck. Se waarden ferfierd per trekskûte en ûnderweis troch it oerboard slaan fan de boeide Schultz kaam dizze te ferstjerren wêrby't opmerklik genôch Van Schenck syn triennen net mear de baas koe. It wienen blykber twa goede freonen. Yn Ljouwert sammelen har minsken om nei de binnenkomst fan de ûntsnapten te sjen. Dêrby kaam in fjirtjinjierrige jonge om doe't de oerladen pont dy't de minsken fan de Easterkade nei de Grêfstwâl ferfierde omsloech. Fjouwer dagen letter waard by Bûtenpost de fiifde finzene troch in fjildwachter oppakt. De lêste bleau lykwols op de flecht.
Op 13 jannewaris 1883 besochten twa finzenen troch it ûngemurken efterbliuwen yn de ferbliuwsseal fan de Blokhûspoarte troch in raam op it dak fan de finzenis te kommen. Fan it dak ôf lieten hja har mei in tou nei ûnderen sakje, wêrby't ien foel en syn rjochterskonk bruts. Wylst wienen de weitsers al op it plak oankomd en waarden se wer yn de sel setten.
Yn 1974 wit de Haachske master-kreaker, "it sjeny fan de termyske lâns" Aage Meinesz te ûntsnappen. De Master-kreaker flechte op de jûn fan 27 april út it Ljouwerter Hûs fan Bewar. Troch help fan bûtenôf moat hy oan in snijbrander komd wêze, wêrmei't hy de traaljes fan syn sel trochbaarnde. Mei in stik tou is hy dêrnei oer de muorre klom. Syn meifinzene waard by de ûntsnapping pakt.