Springe nei ynhâld

Idolatry

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 apr 2022 om 21.15 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De ferearing fan it gouden keal, in bekend gefal fan idolatry út 'e Bibel.
(Skilderij fan Nicolas Poussin.)

Idolatry (fan it Grykske εἰδωλολατρία, eidololatria, fan εἴδωλον, eidolon, "byld", en λατρεία, latreia, "ferearing") is de ferearing yn in religieuze kontekst fan in fysyk byld, lykas in stânbyld, houtsnijwurk of skilderij, of fan in persoan yn it plak fan God of de goaden. In synonym foar dit ferskynsel is byldetsjinst, en in âldere, benammen bibelsk brûkte oantsjutting is ôfgoaderij. De strikte ôfwizing fan idolatry wurdt anikonisme neamd. It fuortdwaan of fernielen fan godsbylden hjit ikonoklasme of byldestoarm.

Beoardieling yn ferskate religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Idolatry is in begryp dat benammen foarkomt yn 'e abrahamityske religyen, wêrûnder it joadendom, it kristendom en de islaam. Dy godstsjinsten binne strang monoteïstysk, en wize eltse foarm ôf fan wat se omskriuwe as "de ferearing fan falske goaden". Soks wurdt fierders eksplisyt ferbean yn 'e joadsk-kristlike Tsien Geboaden en ymplisyt yn 'e islamityske leauwensbelidenis. Yn 'e Yndyske religyen, lykas it hindoeïsme, it boedisme en it jaïnisme, wurde bylden (mūrti) beskôge as symboalen foar it absolute, mar net as it Absolute sels. It kinne ek dragers foar spirituele ideeën wêze of belichemings fan it godlike. Sokke bylden wurde yn 'e Yndyske religyen brûkt as fokus foar it leauwe fan en de ferearing (bhakti) troch leauwenden. Yn 'e heidenske godstsjinsten fan it Alde Egypte, it Alde Grikelân, de Romeinen, de Germanen, de Kelten en de Slaven, en yn 'e natoerreligyen fan Afrika, Aazje en de Amearika's wie idolatry yn it ferline in mannichfâld foarkommend elemint fan religy. Dêrby waard oan 'e bylden ferskate betsjuttings en wichtigens takend.

In hindoeïstyske prosesje yn Yndia mei in reuseftich byld fan 'e god Ganesja.

De wjerstân tsjin it gebrûk fan lykfol hokker byld yn it ramt fan religy stiek it earst de kop op by de âlde Israeliten. Yn it bibelboek Exodus wurdt ferhelle hoe't de profeet Mozes de berch de Sinaï beklom om 'e Tsien Geboaden út Gods eigen hân yn ûntfangst te nimmen. Dat duorre de Israeliten, dy't oan 'e foet fan 'e berch wachten, te lang. Dat, se stiene der by Mozes syn broer Aäron op oan om foar harren in gouden keal te meitsjen dat se ferearje koene. Doe't Mozes úteinlik de berch ôfkaam en syn folk om it gouden keal hinne dûnsjen seach, waard er sa lulk dat er de stiennen tafels dêr't de Tsien Geboaden op ynkurven wiene, oan gruzeleminten smiet. Hy ferbaarnde it gouden keal en de Israeliten moasten bot boete dwaan.

Ek op oare plakken yn it Alde Testamint fan 'e Bibel farre profeten en oare oanhingers fan it strange joadendom út tsjin it gebrûk fan godsbylden. Neffens de Midsiuwske rabbyn en wittenskipper Maimonides is idolatry op himsels gjin slimme sûnde; wat it sa slim makket, is dat men leaut dat God in lichaamlike foarm hat, wat yn it joadendom as in absurde en ketterske gedachte beskôge wurdt. Nettsjinsteande de bibelske polemyk tsjin idolatry hawwe argeologyske fynsten útwiisd dat Joaden oant yn 'e Romeinske Tiid wis wol gebrûk makken fan (ôf)godsbylden.

It kristendom, dat út it joadendom fuortkaam en sadwaande de strange ôfwizing fan idolatry oernaam, krige meitiid ynterne strideraasjes oer dit ûnderwerp. De leauwenspraktyk fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Eastersk-otterdoksy, de Oriïntaalsk-otterdoksy en de Tsjerke fan it Easten omfiemet nammentlik eleminten as Marijeferearing, hilligeferearing en it gebrûk fan hilligebylden, ikoanen en krusifiksen mei ôfbyldings fan 'e krusiging fan Jezus. Under de Reformaasje fan 'e sechstjinde iuw waard dat allegear yn 'e kiif steld troch de oanhingers fan 'e ûnderskate protestantske streamings, dy't al dy dingen as foarmen fan idolatry beskôgen. Yn 'e Nederlannen mûne dat yn 1566 út yn 'e Byldestoarm, wêrby't protestanten de roomske tsjerkegebouwen en kleasters ynkrongen en dêr alle hilligebylden, ikoanen en oare uterings fan "paapske ôfgoaderij" koart en klien sloegen. Dat barren wie ien fan 'e oanliedings ta it útbrekken fan 'e Tachtichjierrige Oarloch.

Roomsen yn Litouwen knibbelje del foar in ikoan fan 'e Faam Marije.

De islaam, de trêde grutte abrahamityske religy, hat in tige strange regel tsjin idolatry, wêrby't eltse ôfbylding fan God ferbean is. Dat soks ek jildt foar de profeet Mohammed kin, yn 'e mande mei de djippe earbied dy't moslims foar him hawwe, op himsels lykwols ek wer oanmurken wurde foar in foarm fan idolatry. Itselde jildt foar de hillichheid dy't yn 'e islaam tatocht wurdt oan 'e Kaäba yn Mekka.

Op dizze manear is de skiednis fan 'e religyen fan 'e wrâld, benammen dy fan 'e abrahamityske religyen, ôfmakke mei beskuldigings en ûntkennings fan idolatry oer en wer. Sokke beskuldigings litte lykwols de symbolyk fan bylden en ikoanen bûten beskôging. As in roomsenien delknibbelet foar in houtsnijwurk fan Jezus oan it krús, of as in moslim ûnder de hadj de omgong om 'e Kaäba makket, sjogge se dy foarwerpen net as God sels, mar as in symboal foar God. Dy symbolyk wurdt binnen de eigen religy erkend, mar yn 'e kontekst fan oare religyen faak ûntstriden. Sa wurdt yn 'e Bibel mei minachting sprutsen oer de "ôfgoaderij" fan bgl. de Filistinen, dy't har delbûgden foar "ôfgodsbylden". In protte kristenen ite dat foar swiete koeke op, wylst se sels ferlykbere dingen dogge. In treffend foarbyld yn dat ramt wie neffens skiedkundige Carlos Eire dat de conquistadores by de Spaanske ferovering fan it Azteekske Ryk, yn wat no Meksiko is, de "skriklike Azteekske ôfgodsbylden" stikken sloegen en ferfongen troch "prachtige krusen en bylden fan 'e Faam Marije en de hilligen".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.