Springe nei ynhâld

Tramwei De Jouwer - De Lemmer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 feb 2022 om 21.29 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Haltes: De)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De tram yn 1885

De Jouwer lei oant begjin santiger jierren fan de 20e iuw oan in frachtspoarline. It wie oarspronklik in tramwei dy't De Jouwer mei De Lemmer ferbûn; fanút De Jouwer koe men fierder reizgje nei It Hearrenfean of Snits. It spoar wie sawat 18 kilometer lang. De tramwei waard yn de begjinjierren eksploitearre troch de Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM), der waard riden mei steamtrams. Letter waard de tramwei eksploitearre troch de NS foar frachtferfier. Fan 1947 ôf rieden der allinnich noch frachttrams. Yn 1962 wie de maksimum snelheid 30km/oere. De tramwei waard yn 1968 sluten. Begjin jierren '70 is it spoar opbrutsen.

Dizze plakken leinen oan de tramwei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(net folslein)

  • De Jouwer
  • Skarsterbrêge
  • Hústerheide - Sint Nyk
  • Sint Nyk
  • Rykstrjitwei - Sint Nyk
  • Brêge Follegea
  • De Lemmer

Oanslutende tramwegen, dy't ek sluten binne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It baanfek is noch hiel dúdlik werom te kennen yn it lânskip en is ek noch yn takt, mei útsûndering fan in lyts stikje yn Sint Nyk. Yn De Lemmer rint de eartiidske tramwei as in fuotpaad tusken de huzen troch; de wiken binne der omhinne boud. Mei it each op de takomstige útwreiding fan De Lemmer is besletten it baanfek yn takt te hâlden, sadat it foar de takomst feilichsteld is. Der binne ek plannen om in fytspaad op de âlde tramwei oan te lizzen.