Springe nei ynhâld

Gandersum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 des 2021 om 08.57 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gandersum
Tsjerke fan Gandersum
Tsjerke fan Gandersum
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Moormerland
Sifers
Ynwennertal 89 (2007)
Oerflak 3,27 km²
Hichte 1 meter boppe NAP
Oar
Postkoade 26802

Gandersum is in doarpke fan likernôch 90 ynwenners oan de noardlike kant fan de Iems, ûngefear sân kilometer eastlik fan de stêd Emden tusken Petkum en Oldersum. Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1973 heart it plakje by de gemeente Moormerland yn it Landkreis Leer.

Gandersum krige mear bekendheid mei de bou fan in kontroversjele wetterkearing yn de Iems. Sûnt de foltôging fan it bouwurk yn 2002 is it toerisme yn Gandersum oanmerklik tanommen.

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Gandersum.

De tsjerke fan Gandersum waard yn de 14e iuw boud, mar waard yn de rin fan de tiid yngeand ferboud. Nei ferfal en ferwoastging yn de neidagen fan de Twadde Wrâldkriich waard de sealtsjerke tusken 1958 en 1962 restaurearre.

Persoanlikheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Otto Galama Houtrouw (berne op 16 juny 1838 yn Gandersum; ferstoarn op 14 febrewaris 1933 yn Oldersum); teolooch en geakundige.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Moormerland
Haadplak: Warsingsfehn
Doarpen: BoekzetelerfehnGandersumHatshausenJheringsfehnNeermoorOldersumRorichumTerborgTergastVeenhusen
· · Berjocht bewurkje