Tsjerke fan Gandersum

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Gandersum
bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Lier
plak Gandersum
adres Zollhausstraße
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 14e iuw
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status Kulturdenkmal
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

De Tsjerke fan Gandersum (Gandersumer Kirche) is in protestantsk-grifformearde tsjerke yn it Eastfryske Gandersum yn de gemeente Moormerland (Nedersaksen). De tsjerke waard yn de 14e iuw boud.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn de 14e iuw as in romaanske sealtsjerke op de terp fan Gandersum boud. Yn dy tiid hearde de tsjerke by it bisdom Münster. Nei alle gedachten ferfong de stiennen tsjerke in houten foargonger. Oarspronklik hie de tsjerke in eastlike apsis, dy't yn it lêste fearn fan de 18e iuw ôfbrutsen waard. De lompe klokketoer waard oan it wêst fan de tsjerke oanboud en is leger as it tsjerkegebou. Yn 1552 waard de reformaasje ynfierd en sûnt naam de gemeente de grifformearde lear oan.

Oargel

By de 18e- en 19e-iuwske renovaasjes gyngen dielen fan it ynterieur ferlern, lykas it klankboerd en de brânskildere ramen. Nei't de tsjerke al foar de Twadde Wrâldkriich lêst fan lekkaazjes krige en sletten wurde moast, stoartte op 22 febrewaris 1945 it hiele tek yn. Nei de skea troch in foltreffer yn de lêste dagen fan de kriich bleau de tsjerke in skoft as ruïne stean. Sûnt 1958 waard útein set mei de weropbou fan de tsjerke, dy't yn 1962 foltôge waard. Yn de jierren 1994-1995 waarden de bûtenmuorren op 'e nij foege.

De gemeente dielt de dûmny mei Tergast.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske oargel is in earder hûsoargel dat mei help fan âldere dielen yn de 18e iuw boud waard. By it sluten fan de tsjerke yn 1938 ferhûze it oargel nei Emden, dêr't it yn de Switserske tsjerke opsteld waard. Doe't dêr yn 1962 in nij oargel boud waard, ferhûze it âlde hûsoargel werom nei Gandersum.

Oargelmakkerij Winold van der Putten en Berend Veger út Wynskoat restaurearre it oargel yn 1990-1991. It ynstrumint waard doe safolle mooglik yn de oarspronklike steat werom brocht. It suver mechanyske ynstrumint hat fiif registers op ien manuaal.

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Marijeklok út 1458 is tsjintwurdich te finen yn it Eastfrysk Museum yn Emden, wylst in klok út 1582 yn 1912 omraand waard, doe't de gemeente in yn 1774 getten klok út de Nikolaastsjerke fan Borssum krige. Dy klok waard yn it ramt fan in restauraasje fan de Borssumer tsjerke yn 2000 weromjûn. Om dy klok te ferfangen liet de gemeente noch yn itselde jier in nije klok jitte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.