Springe nei ynhâld

Pauline Kael

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 nov 2021 om 00.40 troch Εὐθυμένης (oerlis | bydragen) ((GR) File:Yiddish flag.pngFile:Proposed Yiddish flag.svg)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Pauline Kael
Pauline Kael yn 1968.
Pauline Kael yn 1968.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paulne Kael
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 juny 1919
berteplak Petaluma (Kalifornje)
stoarn 3 septimber 2001
stjerplak Great Barrington (Massachusetts)
etnisiteit Joadsk
reg. identiteit Asjkenazysk
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste, radiopresintatrise
aktyf as filmkritika
jierren aktyf 19531991
offisjele webside
Pauline Kael yn 'e IMDb

Pauline Kael (útspr.: [keɪl], likernôch: "keel"; Petaluma (Kalifornje), 19 juny 1919Great Barrington (Massachusetts), 3 septimber 2001) wie in Amerikaansk sjoernaliste, publisiste en essayiste, dy't benammen bekend waard as filmkritika. Har wurkpaad rûn fan 1953 oant 1991, mar se wie fral tige ynfloedryk yn 'e perioade fan 1968 ôf, doe't se foar it tydskrift The New Yorker skreau. Kael stie bekend om har humoristyske, mar ek skerpe resinsjes, dy't se poer út subjektive beoardieling wei skreau. Neffens de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert oefene Kael nei 1970 mear ynfloed op film as in keunstfoarm út as lykfolwa oars.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kael waard yn 1919 berne yn Petaluma, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan Isaac Paul Kael, in hinneboer, en dy syn frou Judith Friedman. Har âldelju wiene allebeide etnysk Joadske ymmigranten út Poalen. Kael wie de jongste yn in húshâlding mei fiif bern. Hja hie twa âldere bruorren, Louis (1906) en Philip (1909), en twa âldere susters, Annie (1912) en Rose (1913). De buorkerij gie yn 1927 oer de kop, doe't Kael acht jier wie. It gesin ferfear doe nei San Francisco, dêr't Kael fierder opgroeide en nei de middelbere skoalle gie. Yn 1936, doe't se santjin jier wie, sette se útein in mei stúdzje filosofy, letterkunde en keunst oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Berkeley yn Berkeley, mar yn 1940 briek se dy oplieding ôf.

Kael wie fan doel om doe in stúdzje rjochten te begjinnen, mar ynstee rekke se behelle yn in groep keunstners, wêrnei't se yn New York gie te gearwenjen mei de dichter Robert Horan. Trije jier letter, yn 1943, kearde se werom nei Berkeley, dêr't se it bestean fan in bohémien late, toanielstikken skreau en oan in eksperimintele film wurke. Yn 1948 krige se in dochter mei filmmakker James Broughton, dy't Gina James hiet. It famke hie in erflike hertôfwiking dy't mei in operaasje te ferhelpen wie, mar Kael hie it jild net om dêrfoar te beteljen. Om harsels en in har dochter te ûnderhâlden, hie se yn dy tiid ferskate leechbetelle banen, û.m. as kokkinne, naaister en tekstskriuwster by in reklameburo.

Yn 1953 hearde Peter D. Martin, de haadredakteur fan it tydskrift City Lights, Kael yn in kofjesaak mei in freondinne redendielen oer films. Hy spriek har oan en nûge har út om in resinsje te skriuwen foar Limelight, mei Charlie Chaplin. Kael gie dêrop yn en neamde de film yn in wurdboarterij om ta "Slimelight" yn in resinsje dy't tige goed ûntfongen waard. Fan dy tiid ôf begûn se geregeldwei filmresinsjes te skriuwen, dy't yn ferskate tydskriften publisearre waarden. In protte fan har iere resinsjes lies se ek foar op 'e radio, op it radiostasjon KPFA yn Berkeley. Fan 1955 oant 1960 wie se manager fan dy radiostjoerder.

De resinsjes fan Kael wiene sawol skerp as humoristysk skreaun, en foelen by in protte lêzers en harkers yn 'e smaak. Se hie gjin goed wurd oer foar it ideaal fan objektiviteit, dat in protte kritisy oanholden, en by harsels wie eltse beoardieling fan in film folslein subjektyf, eat dêr't se nea in geheim fan makke. Kael die har resinsearjen njonken oar wurk oant har yn 1965 frege waard har resinsjes yn bondele foarm út te bringen. De resultearjende publikaasje, I Lost it at the Movies, waard ûnferwachts in bestseller dêr't 150.000 eksimplaren fan ferkocht waarden. Datselde jiers waard Kael oannommen by it frouljustydskrift McCall's en gie se foltiids oan it wurk as filmkritika.

Yn 1966, nei't se de populêre filmmusical The Sound of Music yn in resinsje hielendal ôfbrând hie, waard Kael ûntslein by McCall's. It ferhaal wol dat dy iene resinsje ta har ûntslach late, en The New York Times naam dy ferzje fan 'e foarfallen yn 2001 sels yn har nekrology op, mar Kael sels, sawol as de doetiidske haadredakteur fan McCall's, Robert Stein, ûntstrieden dat it sa gien wie. Neffens Stein folge it ûntslach moannen nei de resinsje fan The Sound of Music, doe't Kael "oan wie tried wei alle kommersjele films ôfrinne liet, fan Lawrence of Arabia en Dr. Zhivago oant The Pawnbroker en A Hard Day's Night."

Neitiid wurke Kael in jier by it tydskrift The New Republic, dêr't de redakteurs allegeduerigen op eigen manneboet en sûnder har tastimming feroarings oanbrochten yn har resinsjes. Yn oktober 1967 skreau se in lang essay oer de film Bonnie and Clyde, dat troch The New Republic wegere waard. William Shawn, de haadredakteur fan The New Yorker, krige lucht fan it bestean fan dat essay en publisearre it yn syn blêd. Yn it essay priizge Kael de film suver de himel yn, wêrby't se dwers tsjin 'e mienings fan har measte kollega's yngie, dy't Bonnie and Clyde as mislearre beskôgen fanwegen it nei harren miening ynkonsekwinte fermingen fan komeedzje mei geweld. (Soks hjit tsjintwurdich aksjekomeedzje en is no in tige populêr filmsjenre; weromsjend hie Kael sadwaande gelyk.)

Nei't Kael ein 1967 by The New Republic weigien wie, waard har yn 1968 troch Shawn frege om by The New Yorker yn 'e tsjinst te kommen. Dêr wie se om en om in healjier filmkritika, ôfwiksele mei Penelope Gilliatt oant dyselde yn 1979 op plagiaat trappearre waard en opstappe moast. Nei in jier lins om yn 'e filmyndustry te wurkjen, wie Kael fan 1980 ôf de iennichste filmkritikus by The New Yorker, in funksje dy't se oant har pinsjoen yn 1991 behâlde soe. Underwilens wiene har resinsjes yn bondele foarm eltse kear bestsellers: Kiss Kiss Bang Bang (1968), Going Steady (1969), Deeper into Movies (1973), Reeling (1976), When the Lights Go Down (1980), 5001 Nights at the Movies (1982) en Taking It All In (1984). Foar Deeper into Movies wûn se in National Book Award.

Nettsjinsteande dat stie Kael sels ek bleat oan in protte krityk op har subjektive resinsjes, dy't troch har tsjinstanners faak as ûnnedich op it sear kommend beskôge waarden. Tagelyk moast se ek geregeldwei mei de redaksje fan The New Yorker wrakselje oer de ynhâld fan har artikels. Sa rekke se yn 1972 deilis mei haadredakteur William Shawn doe't se in resinsje publisearje woe fan 'e pornografyske film Deep Throat. Dy kears moast se úteinlik belies jaan. Yn 1973 skreau se in tige negative resinsje fan 'e film Badlands, fan regisseur Terence Malick. Shawn rôp har by him en sei: "Do witst blykber net dat Terence foar my in soan allyk is." Kael antwurde "Pech hân, Bill." Dy resinsje waard ûnferoare publisearre.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e iere 1980-er jierren waard by Kael de sykte fan Parkinson fêststeld, dy't soms in ferstanlike komponint hat. Neigeraden dat har tastân oanboaze, rekke Kael almar mear deprimearre oer de stân fan saken op it mêd fan 'e filmkeunst, en ûntstie der by har in groeiend gefoel dat se "neat nijs mear te melden" hie. Op 11 maart 1991 kundige se yn The New Yorker har pinsjonearring oan. Op dat stuit stelde se dat se dêrnei út en troch noch wolris in bydrage oan it blêd leverje soe, mar neitiid publisearre se neat mear útein in foaropwurd by hat bondel For Keeps, út 1994. Dêryn skreau se û.m.: "Der wurdt my gauris frege wêrom't ik myn memoires net optekenje. Neffens my haw ik dat al dien."

Kael wenne yn 1940 gear mei de dichter Robert Horan en hie yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren in koarte relaasje mei regisseur James Broughton, dêr't harren dochter Gina James út berne waard. Yn 'e 1950-er jierren wie se in skoft troud mei Edward Lansberg, de eigner fan 'e Berkeley Cinema-Guild and Studio. Se hie ien beppesizzer, in William Friedman.

Pauline Kael kaam op 3 septimber 2001 yn 'e âlderdom fan 82 jier te ferstjerren yn har hûs yn Great Barrington, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. De deadsoarsaak bestie út komplikaasjes fan 'e sykte fan Parkinson.

  • 1965 – I Lost it at the Movies
  • 1968 – Kiss Kiss Bang Bang
  • 1969 – Going Steady
  • 1971 – The Citizen Kane Book
  • 1973 – Deeper into Movies
  • 1976 – Reeling
  • 1980 – When the Lights Go Down
  • 1982 – 5001 Nights at the Movies
  • 1984 – Taking It All In
  • 1987 – State of the Art
  • 1989 – Hooked
  • 1991 – Movie Love
  • 1994 – For Keeps
  • 1996 – Raising Kane, and Other Essays

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.