Pulpblêd
In pulpblêd wie in type tydskrift dat koarte ferhalen en romans yn fúljetonfoarm publisearre en dat drukt waard op goedkeap papier dat makke wie fan houtpulp (dêrfandinne de namme). It omfette tekst dy't foarsjoen wie fan in protte swart-wyt-yllustraasjes. It soarte literatuer dat yn pulpblêden ferskynde, waard ek wol oantsjut as pulp. Dit type tydskrift wie benammen in Amerikaansk fenomeen, mar de pulpblêden hiene, fia de Amerikaanske popkultuer, ynfloed op 'e hiele wrâld, sels oant yn 'e moderne tiid ta. De bekendste pulpblêden wiene Argosy, Adventure, Blue Book en Short Stories. De bekendste Britske pulpblêden wiene Pall Mall Magazine en Cassell's Magazine. Yn Dútslân hie Der Orchideengarten itselde soarte format as in pulpblêd, hoewol't it net sa neamd waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ierste pulpblêd wie Argosy, dat yn 1896 oprjochte waard. De pulpblêden berikten in hichtepunt fan populariteit fan 'e 1920-er jierren oant de earste helte fan 'e 1940-er jierren, doe't se slim te lijen hiene ûnder de papierkrapte yn ferbân mei de Twadde Wrâldoarloch. Fan 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren ôf krigen de pulpblêden konkurrinsje fan stripblêden, paperbackromans en de justjes lúkser útjûne heare- en damesromans. De likwidaasje, yn 1957, fan 'e American News Company, de grutste útjouwerij fan dit type tydskriften, wurdt wol as de ein fan it tiidrek fan 'e pulpblêden beskôge. De iennichste 'pulpblêden' dy't tsjintwurdich noch besteane, lykas Analog Science Fiction and Fact en Ellery Queen's Mystery Magazine, binne al lang oergien op in oar format, sadat se net mear fan heareromans te ûnderskieden binne.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It soarte literatuer dat yn pulpblêden ferskynde, waard ek wol oantsjut as pulp. Sokke pulpliteratuer waard (om it sêft út te drukken) net heech oanslein troch de literatuerkritisy. It bestie foar it meastepart út sjenreliteratuer, lykas detektiveferhalen, westerns, sportfiksje, aventoerefiksje, histoaryske fiksje, romantyk, science fiction, fantasy en horror. De measte pulpblêden beheinden har ta ferhalen fan ien beskaat sjenre, dat faak maklik werkenber wie oan 'e titel, lykas Adventure (aventoerefiksje), Dime Detective (detektivefiksje), Fight Stories (sportfiksje: boksen), Ghost Stories (horror: spûkferhalen), Love Story Magazine (romantyk) en Western Story Magazine (westerns).
Ferskate wichtige en ekstreem ynfloedrike auteurs publisearren har wurk (earst of ek) yn pulpblêden. Men kin dan tinke oan aventoereskriuwers as Edgar Rice Burrough (de geastlike heit fan Tarzan), Joseph Conrad, C.S. Forester, Rudyard Kipling en Johnston McCulley (de geastlike heit fan Zorro), detektiveskriuwers as Agatha Christie en Ellery Queen, fantasyskriuwers as Robert E. Howard (de geastlike heit fan Conan de Barbaar) en August Derleth, horrorskriuwers as H.P. Lovecraft, science fiction-skriuwers as Poul Anderson, Isaac Asimov, Arthur C. Clarke, Philip K. Dick, Robert A. Heinlein en Frank Herbert, en westernskriuwers as Max Brand, Zane Grey en Elmore Leonard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|