Alexandre Dumas
Alexandre Dumas | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alexandre Davy de la Pailleterie | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 24 july 1802 | |
berteplak | Villers-Cotterêts (Frankryk) | |
stoarn | 5 desimber 1870 | |
stjerplak | by Dieppe (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk Haïtiaansk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | hist. romans, fantasy, toaniel, reisferh., non-fiksje, autobiogr. | |
perioade | 19e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) |
Les Trois Mousquetaires Le Comte de Monte-Cristo Le Vicomte de Bragelonne | |
jierren aktyf | 1825 – 1870 | |
offisjele webside | ||
www.dumaspere.com |
Alexandre Dumas (Frânske útspr.: /a.lɛk.sɑ̃dʁ dy.ma̩/), berne as Alexandre Davy de la Pailleterie en ek wol Alexandre Dumas de Aldere (of op syn Frânsk: Alexandre Dumas, père) neamd (Villers-Cotterêts, 24 july 1802 – by Dieppe, 5 desimber 1870), wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer en essayist. Hy is it bekendst wurden is troch syn aventoerlike histoaryske romans, dy't yn hast hûndert talen oerset binne en him ta ien fan 'e meast lêzen Frânske skriuwers út 'e skiednis makke hawwe. Ta syn oeuvre, dat likernôch 100.000 siden beslacht, hearre ferneamde titels, lykas Les Trois Mousquetaires ("De Trije Musketiers"), Le Comte de Monte-Cristo ("De Greve fan Monte-Cristo") en Le Vicomte de Bragelonne ("De Boarchgreve fan Bragelonne"), wêrfan't fral it lêste trêdepart as Hollywood-film popularisearre is ûnder de titel The Man in the Iron Mask. Der binne fan Dumas syn boeken yn 'e tweintichste iuw allinnich al hast 200 ferfilmings makke.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alexandre Dumas syn heit wie Thomas-Alexandre Davy de la Pailleterie, dy't berne wie yn 'e Frânske koloanje Sint-Dominikus (Saint-Domingue), it lettere Haïty, út in bûtenechtlike relaasje tusken in Frânsk ealman en in swarte slavinne, en dy't as generaal ûnder Napoleon yn Itaalje en Egypte tsjinne. Nei't er lykwols yn 1806 oan kanker kommen wie te ferstjerren, hie syn widdo, Marie-Louise Élisabeth Labouret, in herbergiersdochter, der klauwen oan om har soan allinne grut te bringen. Sadwaande krige Dumas net folle ûnderwiis, mar dochs learde er lêzen en neitiid ferslynde er alle boeken dy't er mar te pakken krije koe. Hy waard nei alle gedachten bot beynfloede troch syn memme ferhalen oer de heldedieden dy't syn heit op it slachfjild út 'e wei set hie.
Karriêre as skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1822 ferfear Dumas nei de Frânske haadstêd Parys, dêr't er, stypjend op syn heite militêre reputaasje en de aristokratyske rang fan syn famylje, in baan wist te bemachtigjen yn it Palais-Royal, as ûnderdiel fan 'e stêf fan Loadewyk-Filips, de hartoch fan Orléâns. Yn dyselde snuorje naam er de namme Dumas, de efternamme fan syn beppe de slavinne, oan en sette er útein mei skriuwen. In pear fan syn earste wurken, de toanielstikken Henri III et Sa Cour en Christine hied er grut súkses mei, en de ynkomsten dy't er dêrút krige, stelden him by steat en meitsje fan skriuwen syn berop. Nei noch ferskate toanielstikken skreaun te hawwen, gied er oer op it skriuwen fan histoaryske romans.
Dêrby line er swier op beskate meiwurkers, lykas Auguste Maquet, dy't bgl. de plot fan Le Comte de Monte-Cristo betocht en wichtige bydragen levere oan Les Trois Mousquetaires en de ferfolgen dêrop. Yn Le Maître d'Armes ("De Skermmaster") wurke Dumas gear mei syn eigen skermmaster Augustin Grisier; de roman is skreaun as Grisier syn ferslach oer hoe't hy behelle rekke yn 'e Desimbristenopstân, yn Ruslân, yn 1825. (Dy roman waard trouwens yn Ruslân ferbean, en Dumas sels wie dêr persona non grata oant de dea fan tsaar Nikolaas I.)
Njonken toanielstikken en romans skreau Dumas ek in protte reisferhalen, nei oanlieding fan reizen dy't er makke út nocht, mar ek út klearbare needsaak. Fierdersoan ferskynde der ek in grut ferskaat oan artikels yn tydskriften fan syn hân. Yn totaal besloech al syn wurk mei-inoar om 'e 100.000 siden hinne. Dumas syn lêste roman, Le Chevalier de Sainte-Hermine ("De Ridder fan Sint-Hermine"), dy't troch syn dea, yn desimber 1870, ûnôf bleau, waard yn 2005 ôfmakke troch Dumas-kenner Claude Schopp en doe publisearre, wêrnei't it daliks in bestseller waard.
Maatskiplike belutsenens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1830 wie Dumas belutsen by de Julyrevolúsje, wêrby't Karel X ôfset waard en syn eardere wurkjouwer Loadewyk-Filips, de "Boarger-Kening", op 'e Frânske troan kaam. Nei't dyselde yn 1848 ek ôfset wie, waard Frankryk wer in republyk, mei Louis-Napoléon Bonaparte as keazen presidint. Bonaparte hie it alhiel net op Dumas stean, dat de skriuwer moast yn 1851 nei Belgje útwike, dêr't er him nei wenjen sette yn Brussel. Yn 1859 gied er nei Ruslân, dêr't er twa jier tahold, en doe ferfear er nei Itaalje, dat yn maart 1861 krekt ûntstien wie troch de ienwurding fan in stikmannich lytsere steaten. De trije jierren dêrnei wie Dumas tige behelle yn it Italjaanske unifikaasjeproses. Sa rjochte er û.m. de krante Indipendente op, dy't er sels in hoart late. Yn 1864 kearde er werom nei Parys.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dumas syn romans wiene withoe populêr, net allinnich yn Frankryk, mar ek yn it bûtenlân, en se brochten him in grou stik jild op. Spitigernôch hied er in gat yn 'e hân, dat alles dat binnenkaam, joech er like hurd wer út, benammentlik oan froulju en it goede libben. Syn flecht nei Belgje, yn 1851, waard sadwaande likefolle ynjûn troch syn minne relaasje mei de machthawwers fan 'e Frânske republyk, as syn winsk om oan syn skuldeaskers te ûntsnappen. Dumas troude op 1 febrewaris 1840 mei de aktrise Ida Ferrier (berne as Marguerite-Joséphine Ferrand; 1811-1859), mar dêrnjonken hied er frijaazjes mei teminsten 40 mêtresses. Dêrûnder wie ek (yn 1866) de yn dy tiid ferneamde Amerikaanske aktrise Adah Isaacs Menken, dy't mear as tritich jier mei him skeelde.
Dumas hie fjouwer oerwûne bern dy't as sadanich erkend wiene:
- Alexandre Dumas de Jongere (1824-1895), de soan fan 'e frouljusskroar Marie-Laure-Catherine Labay, dy't sels krektlyk in súksesfol skriuwer en toanielskriuwer waard.
- Marie-Alexandrine Dumas (1831-1878), de dochter fan Belle Krelsamer.
- Micaëlla-Clélie-Josepha-Élisabeth Cordier (b. 1860), de dochter fan Emélie Cordier.
- Henry Bauer, waans memme namme net oerlevere is.
Tweintichste-iuwske wittenskippers hawwe trouwens ûntdutsen dat Dumas teminsten noch trije oare oerwûne bern oanset hat.
Nettsjinsteande Dumas syn aristokratysk komôf en syn persoanlik súkses hied er dochs syn libben lang te krijen mei diskriminaasje fanwegen syn swarte foarâlden. Yn 1843 skreau er de koarte roman Georges, wêryn't er guon fan 'e swierrichheden op it mêd fan 'e omgong tusken de ûnderskate rassen en de gefolgen fan it kolonialisme op 't aljemint brocht. Dumas syn beskie foar in man dy't him misledige oer syn rasiaal komôf, waard wiidferneamd: "Us heit wie in mulat, ús pake wie in neger en ús oerpake in aap. Sa sjogge je mar wer, menhear, myn famylje is begûn wêr't jowes einige is."
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1825: La Chasse et l'Amour
- 1826: La Noce et l'Enterrement
- 1829: Henri III et Sa Cour
- 1830: Christine, ou Stockholm, Fontainebleau et Rome
- 1831: Napoléon Bonaparte, ou Trente Ans de l'Histoire de France
- 1831: Antony
- 1831: Charles VII chez Ses Grands Vassaux
- 1831: Teresa
- 1832: La Tour de Nesle
- 1836: Kean
- 1837: Caligula
- 1837: Mademoiselle de Belle-Isle
- 1839: L'Alchimiste
- 1843: Les Demoiselles de Saint-Cyr
- 1843: Louise Bernard
- 1844: Le Laird de Dumbiky
- 1848: Catilina
- 1848: Hamlet, prince de Danemark
- 1850: La Chasse au Chastre
- 1854: Le Marbrier
- 1854: La Conscience
- 1854: La Jeunesse de Louis XIV
- 1856: La Tour Saint-Jacques
- 1856: Le Fils de la nuit ou Le Pirate
- 1857: L'Invitation à la Valse
- 1860; L'Envers d'une Conspiration
Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1835: Souvenirs d'Anthony
- 1835: Chroniques de France : Isabel de Bavière
- 1838: La Salle d'Armes / Pauline (roman)
- 1838: Leo Burckart
- 1838: Le Capitaine Paul
- 1839: Le Capitaine Pamphile
- 1839: La Comtesse de Salisbury
- 1839: Acté
- 1840: Napoléon
- 1840: Othon, l'Archer
- 1840: Les Stuarts
- 1840: Maître Adam le Calabrais
- 1840-1841: Le Maître d'Armes
- 1841: Praxède
- 1841: Aventures de Lydéric, Grand-Forestier de Flandre
- 1841: Un mariage sous Louis XV
- 1842: Jeanne la Pucelle (1429-1431)
- 1842: Halifax
- 1842: Le Chevalier d'Harmental
- 1843: Filles, Lorettes et Courtisanes
- 1843: Georges
- 1843: Ascanio, ou l'Orfèvre du Roi
- 1843: Amaury
- 1844: Sylvandire
- 1844: Fernande
- 1844-1848: de D'Artagnan-romans (in fjirde diel, Le Fils de Porthos, "De Soan fan Porthos", út 1883, waard útjûn ûnder Dumas syn namme, mar de wiere skriuwer wie Paul Mahalin)
- 1844: Les Trois Mousquetaires (De Trije Musketiers)
- 1845: Vingt Ans Après ("Tweintich Jier Neitiid")
- 1848: Le Vicomte de Bragelonne, ou Dix Ans Plus Tard ("De Boarchgreve fan Bragelonne, of Tsien Jier Letter"; yn 'e Ingelske oersetting waard dit boek útjûn yn 3 dielen: The Vicomte de Bragelonne, Louise de la Valliere en The Man in the Iron Mask)
- 1844: Albine, ou Le Château d'Eppstein
- 1844: Cécile, ou La Robe de Noces
- 1844: Gabriel Lambert,
- 1844: Louis XIV et Son Siècle
- 1844: Contes
- 1845: La Guerre des Femmes
- 1845-1846: Le Comte de Monte-Cristo ("De Greve fan Monte-Cristo")
- 1845: Une Fille du Fégent
- 1845-1847: de Valois-romans
- 1845: La Reine Margot
- 1846: La Dame de Monsoreau
- 1847: Les Quarante-Cinq
- 1845: Les Médicis
- 1845: Les Frères Corses
- 1846: Le Bâtard de Mauléon
- 1846-: de Marie Antoinette-romans
- 1845-1846: Le Chevalier de Maison-Rouge
- 1846: Joseph Balsamo
- 1849: Le Collier de la Reine
- 1851: Ange Pitou
- 1853: La Comtesse de Charny
- 1846: Les Deux Dianes
- 1849: Les Mille et Un Fantômes
- 1850: La Femme au Collier de Velours
- 1850: La Tulipe Noire
- 1850: Le Trou de l'Enfer
- 1850: La Colombe
- 1850: Montevideo, ou Une Nouvelle Troie
- 1851: Le Drame de Quatre-vingt-treize
- 1851: Olympe de Clèves
- 1852: Conscience l'innocent
- 1852: Un Gil Blas en Californie
- 1852: Histoire de la Vie Politique et Privée de Louis-Philippe
- 1852-1856: La Maison de Savoie, depuis 1555 jusqu'à 1850 (yn 4 dielen)
- 1852: Emmanuel Philibert
- 1853: Léone-Léona
- 1855: Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes, Comtesse de Verrue, Surnommée la Dame de Volupté
- 1856: De Victor Amédée III à Charles Albert
- 1853: Le Pasteur d'Ashbourne
- 1853: Isaac Laquedem
- 1853: Les Drames de la Mer
- 1853: Ingénue
- 1854: La Jeunesse de Pierrot
- 1854: Une Vie d'Artiste
- 1854: Catherine Blum
- 1854: Saphir
- 1854: Vie et Aventures de la Princesse de Monaco
- 1854: Le Capitaine Richard
- 1854-1855: Les Mohicans de Paris
- 1855: La Dernière Année de Marie Dorval
- 1855: Le Gentilhomme de la Montagne (El Salteador)
- 1855: Le Page du Duc de Savoie
- 1856: Mémoires d'une Aveugle, ou Madame du Deffand
- 1857-: de Sainte-Hermine-trilogy
- 1856: Les Compagnons de Jéhu
- 1867: Les Blancs et les Bleus
- 1869 Le Chevalier de Sainte-Hermine (ûnôf en lange tiid wei; yn 1990 weromfûn yn 'e Bibliothèque Nationale de la France troch de Kanadeeske taalhistoarikus Claude Schopp, dy't op grûn fan byhearrende oantekenings fan Dumas twa en in heal haadstik skreau om it te foltôgjen; waard yn 2005 yn ôfmakke foarm útjûn)
- 1856: Un Cadet de Famille, ou Mémoires d'un Jeune Cadet
- 1857: L'Homme aux Contes
- 1857: Charles le Téméraire
- 1857: Le Meneur de Loups
- 1857: La Dame de Volupté, ou Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes, Comtesse de Verrue
- 1858: Les Louves de Machecoul
- 1858: Black
- 1859: Jane
- 1859: L'Île de Feu
- 1859: Le Fils du Forçat, ou Monsieur Coumbes, ou Histoire d'un Cabanon et d'un Chalet
- 1860: La Maison de Glace
- 1860: La Route de Varennes
- 1860: Mémoires de Garibaldi
- 1860: Une Aventure d'Amour
- 1860: Le Père La Ruine
- 1860: La Marquise d'Escoman
- 1861: Une nuit à Florence sous Alexandre de Médicis,
- 1861: Les Morts Vont Vite
- 1861: L'Assassinat de la Rue Saint-Roch
- 1862: Ali Pacha
- 1863: La Princesse Flora
- 1863: La San Felice
- 1863: La Boule de Neige
- 1863: La Dame de Volupté, ou Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes
- 1863: Création et Rédemption
- 1863: La Fille du Marquis
- 1863: Le Prince des Voleurs
- 1863: Robin Hood le Proscrit
- 1863: L'Île de Feu
- 1864: Pietro Monaco sua Moglie Maria Oliverio e i Loro Complici (yn it Italjaansk)
- 1864: Les Deux Reines
- 1865: Lady Hamilton
- 1865: Le Fils du Forçat
- 1865: Le Comte de Moret
- 1867: Les Hommes de Fer
- 1867: Parisiens et Provinciaux
- 1868: La Terreur Prussienne, Souvenirs Dramatiques
- 1872: Création et Rédemption: Le Docteur Mystérieux / La Fille du Marquis
- 1872-1873: Le Prince des Voleurs / Robin Hood le Proscrit
Oare fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1836: Piquillo (operette; mei Gérard de Nerval; muzyk: Hippolyte Monpou)
- 1860: Le Roman d'Elvire (operette; mei Adolphe de Leuven; muzyk troch Ambroise Thomas)
Reisferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1841: Nouvelles Impressions de Voyage (Midi de la France)
- 1841: Excursions sur les Bords du Rhin
- 1841: Souvenirs de Voyage: Une Année à Florence
- 1842: Le Speronare
- 1842: Le Capitaine Arena
- 1843: Le Corricolo
- 1847: Impressions de Voyage: De Paris à Cadix
- 1851: Impressions de Voyage: En Suisse
- 1855: Marie Giovanni, Journal d'une Parisienne
- 1858-1859: Voyage to the Caucasus (Le Caucase : Impressions de voyage; suite de En Russie (1859)
- 1859: De Paris à Astrakan: Nouvelles Impressions de Voyage (1858)
Oare non-fiksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1839-1841: Crimes Célèbres (biografyen fan bekende kriminelen; mei Pier Angelo Fiorentino, Auguste Arnould, Narcisse Fournier en Félicien Malefille)
- 1854: Souvenirs de 1830 à 1842
- 1855-1856: Les Grands Hommes en Robe de Chambre: César, Henri IV, Richelieu
- 1856: Les Crimes Célèbres
- 1860: Le Père Gigogne, Contes pour les Enfants (mearkes)
- 1861: Bric-à-brac (ferhalen; 2 dielen)
- 1873: Grand Dictionnaire de Cuisine (in itensiedersboek mei mear as 3000 resepten)
Foutyf oan Dumas taskreaun
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1883: Le Roman de Violette (in eroatyske roman, dy't lang taskreaun is oan Dumas, mar dy't eins, sa hat letter bliken dien, skreaun is troch H. markys de Mannoury d'Ectot.)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frânsk romanskriuwer
- Frânsk skriuwer fan histoaryske fiksje
- Frânsk skriuwer fan aventoerefiksje
- Frânsk fantasyskriuwer
- Frânsk toanielskriuwer
- Frânsk reisferhaleskriuwer
- Frânsk itensiedersboekeskriuwer
- Frânsk publisist
- Frânsk autobiograaf
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Frânsk persoan fan Haïtiaansk komôf
- Persoan berne yn 1802
- Persoan stoarn yn 1870