Springe nei ynhâld

Dykbehearder

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 jul 2021 om 19.14 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (dy der noch by)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In dykbehearder of in weibehearder is in orgaan dy't de ferantwurdlikens hat oer it behear fan in wei. Almeast is de behearder ek de eigener fan de wei. Taken fan in behearder binne: it oanlizzen fan nije wegen, it plande ûnderhâld fan de wegen, reparaasje fan weidekskea en it pleatsen fan ferkearsbuorden en de bebuording. Yn Nederlân is Rykswettersteat de behearder fan de rykswegen, de provinsje fan de provinsjale wegen, de gemeente fan pleatslike diken en it wetterskip fan diken. Yn Dútslân is de oerheid fan de Bûnsrepublyk behearder fan de Bundesautobahn (A-dyk) en de Bundesstraße (B-dyk), de dielsteat fan de Landesstraße (L-dyk), de lânkring fan de Kreisstraße (K-dyk) en de gemeente fan de Gemeindestraße.

Ek komme der priveediken foar dy't dan yn eigendom en ûnder behear falle fan partikulieren.