Springe nei ynhâld

Youenn Gwernig

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 jun 2021 om 23.36 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Youenn Gwernig
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Youenn Gwernig
nasjonaliteit Frânsk
Amerikaansk
berne 11 maaie 1925
berteplak Scaër (Bretanje)
stoarn 29 augustus 2006
stjerplak Douarnenez (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
sjenre folksmuzyk
sjongtaal Bretonsk, Frânsk, Ingelsk
ynstrumint gitaar
jierren aktyf 19452006
offisjele webside
n.f.t.

Youenn Gwernig (Scaër, 11 maaie 1925Douarnenez, 29 augustus 2006) wie in Frânsk-Amerikaansk sjonger, dichter, lietsjeskriuwer, muzikant, skriuwer, keunstskilder, houtfiker en presintator fan Bretonsk etnysk komôf. Hy wurke yn it Bretonsk, syn memmetaal, mar ek yn it Frânsk en it Ingelsk. Gwernig groeide op yn it Frânske Bretanje, mar emigrearre yn 'e 1950-er jierren nei de Feriene Steaten, dêr't de Amerikaanske nasjonaliteit krige en gedoente hie mei de ferneamde skriuwer Jack Kerouac. Yn 1969 kearde er werom nei Bretanje, dêr't er de rest fan syn libben bot krewearre foar it behâld fan 'e Bretonske taal.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gwernig waard yn 1925 berne yn in tradisjonele Bretonsktalige húshâlding yn Scaër. Nei't er fan skoalle kaam, gied er oan it wurk as houtfiker. Yn 'e iere 1950-er jierren mette er de Bretonske sjonger en dichter Glenmor, mei wa't er it koar Breizh a gan ("Bretanje Sjongt") oprjochte. Dêrmei fierden se de operette Genovefa (Bretonsk foar "Geneviève") op.

Yn 1957 emigrearre Gwernig út earmoede dreaun nei de Feriene Steaten, sa't er letter útlei yn syn liet Tap da sac'h 'ta ("Hâld dyn Tas Fêst"). Hy naam dêr de Amerikaanske nasjonaliteit oan. Hoewol't er sels yn 'e Bronx wenne, wied er fan 1961 ôf geregeldwei te finen yn 'e West Side, in buert fan 'e New Yorkske borough Manhattan, dy't doedestiden it hert fan 'e saneamde Beat Generation fan skriuwers en dichters wie. Dêr rekke er befreone mei de bekende skriuwer Jack Kerouac.

Yn dy tiid skreau Gwernig guon fan syn bekendste gedichten yn it Bretonsk en it Ingelsk, dêr't er utering yn joech oan syn ûnderfinings by it bestean yn New York en syn nostalgyske gefoelens foar syn heitelân Bretanje. Foarbylden binne Un dornad plu ("In Hânfol Fearren") út 1961 en War ribi ar stêr Harlem ("Oan 'e Igge fan 'e Rivier de Harlem") út 1963. Yn 1968 skreau Gwernig fierders in dichtsyklus mei as titel New York City Blues, mei gedichten oer beskate plakken yn New York en hoe't dy him foarkamen, lykas 125vet Straed ("125th Street"), Uptown-Downtown en El Barrio.

Kerouac, dy't sels it Bretonsk net machtich wie, frege Gwernig yn 1965 om guon fan syn Bretonsktalige gedichten oer te setten yn it Ingelsk. Foar Gwernig wie dat, sa't er letter skreau yn it foarwurd fan 'e dichtbondel Un dornad plu, út 1997, in kearpunt yn syn libben. Neitiid skreau er faak twa ferzjes fan syn gedichten: ien yn it Bretonsk en ien yn it Ingelsk en soms ek noch ien yn it Frânsk. Ek skreau in gauris twa- of trijetalige gedichten. Gwernig publisearre syn wurk almeast yn it Bretonsktalige tydskrift Al Liamm ("De Bân" of "De Ferbining").

Yn 1969 kearde Gwernig mei syn frou Suzig en dochters Annaïg, Gwenola en Marie werom nei Bretanje. Yn 1971 brocht er syn earste plaat út as sjonger en muzikant, yn it Frânsk. Yn 1973 ferskynde syn earste Bretonsktalige plaat, de single Ni hon unan! ("Wysels"), in jier letter folge troch de LP Distro ar Gelted ("Kom Werom, Kelten"). Hy briek yn 1975 troch mei it nûmer E-kreiz an noz ("Midden yn 'e Nacht"). Yn 1990 kaam syn album Emañ ar bed va iliz ("De Wrâld is myn Tsjerke") út.

Yn 1972 publisearre Gwernig syn earste dichtbondel ûnder de titel An toull en nor ("It Doarsgat"), yn 1976 folge troch in twadde bondel mei de namme An diri dir ("De Treppens fan Stiel"). Yn 'e 1970-er jierren rjochte Gwernig ek de feriening Radio Télé Brezhoneg op, dêr't er mei oanstjoere woe op in Bretonsktalige omrop foar radio en tillefyzje. Yn 'e 1990-er jierren wie Gwernig as presintator belutsen by Bretonsktalige útstjoerings op it Frânske tillefyzjestasjon France 3, yn 'e mande mei û.o. de sjonger Nolwenn Korbell. Yn 1982 ferskynde syn earste (Frânsktalige) roman, La grande tribu ("De Grutte Stamme"), dy't grutdiels autobiografysk wie en syn libben yn 'e Feriene Steaten behannele. In twadde roman, Appelez-moi ange ("Neam My Ingel"), ek yn it Frânsk, kaam út yn 2002.

Youenn Gwernig by in optreden.

Youenn Gwernig ferstoar yn 2006 yn 'e âlderdom fan 81 jier.

  • 1971 – Les bougnoules - Gavotte du joint (Frânsk; "De Arabieren - Dûns fan 'e Joint")
  • 1973 – Ni hon unan! - Tap da sac'h (Bretonsk; "Wysels! - Pak dyn Tas")
  • 1974 – Distro ar Gelted (Bretonsk; "Kom Werom, Kelten")
  • 1975 – E-kreiz an noz (Bretonsk; "Midden yn 'e Nacht")
  • 197? – Youenn Gwernig (Bretonsk)
  • 1990 – Emañ ar bed va iliz (Bretonsk; "De Wrâld is myn Tsjerke")
  • 1994 – Foeter Bro / Just a traveller / Compagnon de route (trijetalich Bretonsk/Ingelsk/Frânsk; "Gewoan in Reizger")
  • 2007 – Identity (Ingelsk; "Identiteit")
  • 1972 – An toull en nor (poëzij; twatalich Bretonsk/Ingelsk; "It Doarsgat")
  • 1976 – An diri dir / Les escaliers d’acier / Stairs of Steel (poëzij; trijetalich Bretonsk/Frânsk/Ingelsk; "De Treppens fan Stiel")
  • 1982 – La grande tribu (roman; Frânsk; "De Grutte Stamme")
  • 1997 – Un dornad plu / A Handful of Feathers (poëzij; twatalich Bretonsk/Ingelsk; "In Hânfol Fearren")
  • 2002 – Appelez-moi Ange (roman; Frânsk; "Neam My Ingel")
  • 20?? – Kerouac City Blues (poëzij; mei Jacques Josse, Daniel Biga, Alain Jégou e.o.)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.