Springe nei ynhâld

Angelen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 feb 2021 om 17.16 troch MaxxL (oerlis | bydragen) ((GR) File:Angeln.jpgFile:Angeln.svg now svg)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Oarspronklik gebiet fan de Angelen yn Sleeswyk
East Anglia

De Angelen wienen in Germaansk folk út it noarden fan Jeropa. De kearn fan harren gebiet lei wierskynlik yn Sleeswyk. Yn de 5e iuw stutsen hja it Kanaal oer en foelen it tsjintwurdige Grut-Brittanje yn, tegearre mei de Saksen, Friezen en de Juten. Nei it skynt hawwe alle leden fan dat folk yn de rin fan de 5de iuw de Noardsee oerstutsen, want dêrnei wurdt op it fêstelân nearne mear fan harren neamd.

De namme Ingelân is nei de Angelen neamd, lykas direkt of yndirekt wurden as Ingelsk, Angelsaksysk en anglofyl.

Oerstek nei Brittanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan om-ende-by 200, oant likernôch 440, binne in protte Angelen tegearre mei de Saksen, Friezen en Juten nei Ingelân emigrearre. Dat by dat barren alle bewenners harren eardere wenplakken ferlitten hawwe, lykas troch letter boarnen neamd wurdt, is net wierskynlik. Blykber waarden Germanen troch de Romeinen as helptroepen (foederati) oanwurven, om it lân nei it tebeklûken fan de keizerlike troepe (410) tsjin de oerfallen fan de barbaarske Pikten te beskermjen.

It liket derop dat de Germaanske troepen dochs rillegau ûnôfhinklike hearlikheden stichten. De Angelen festigen harren benammen yn it easten (East Anglia yn de greefskippen Cambridgeshire, Norfolk, Suffolk, dielen fan súdlik Lincolnshire) en yn de 6e iuw lutsen sy ek nei it noarden oant yn Lothian (Skotlân) en stichten hja it keninkryk Deira yn Northumbria. De lânseigen befolking gie op yn it folk fan de Angelsaksen en waarden om 600 hinne tegearre oantsjut as Engle. De namme Ingelân foar it súdeastlik part fan Brittanje is lykwols ôflaat fan Angelen. It Aldingelsk, besibbe oan it Aldsaksysk, waard de basis foar it Ingelsk.

Yn de tiid fan de oergong fan de Lette Aldheid nei de Midsiuwen begûn it kristenjen troch Augustinus fan Canterbury. De grutste stammen ferienigen harren úteinlik yn in 'ingelsk' keninkryk ûnder Egbert fan Wesseks.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen