Mûzen binne yn 'e regel lytse bistkes mei in lange keale of hast keale sturt, lytse rûne earen en in spjochtich snútsje. Se wurde faak beskôge as skealik ûngedierte, mei't se lânbougewaaksen en rispingen oanfrette kinne en troch harren parasiten en kjitte sykten ferspriede kinne. Oan de oare kant wurde mûzen ek holden as hûsdieren en as proefdieren yn laboratoaria. Behalven troch de hûskat, dêr't se in sprekwurdlik minne relaasje mei hawwe, wurdt der ek in soad op harren jage troch oare kateftigen, party hûneftigen en fierders troch foksen, rôffûgels, slangen en sels guon lidpoatigen. Fanwegen harren opmerklike fermogen ta oanpassing oan hast elts soarte fan biotoop en klimaat, binne mûzen guon fan 'e súksesfolste sûchdieren dy't ea bestien hawwe.