Birmeeske mûs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Birmeeske mûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: mûseftigen (Muridae)
skaai: echte mûzen (Mus)
soarte
Mus nitidulus
Blyth, 1859
IUCN-status: net beoardiele

De Birmeeske mûs (Latynske namme: Mus nitidulus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat inkeld foarkomt yn sintraal Birma, oan 'e ûnderrin fan 'e rivier de Irrawaddy.

Taksonomyske skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan 'e soarte datearret fan 1859, mar neitiid is der mar kwealk mear ûndersyk nei de Birmeeske mûs dien. Lange tiid waard oannommen dat it hjir gie om in synonym of mooglik in ûndersoarte fan 'e hartkleurige mûs (Mus cervicolor). Pas yn 2007 waard de Birmeeske mûs op grûn fan DNA-ûndersyk erkend as in aparte soarte. Fierders hat bliken dien dat er eins nauwer besibbe is oan 'e lytse Yndyske fjildmûs (Mus booduga) as oan 'e hartkleurige mûs. It tinken is no dat de Birmeeske mûs him sa'n 1,3 miljoen jier lyn ôfspjalte hat fan in mienskiplike foarâlderlike soarte.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Birmeeske mûs is in middelgrutte mûseftige mei sêfte, fine, bûgbere en frijwol kleurleaze snorhierren. Kwa oansjen liket se sterk op 'e hartkleurige mûs (Mus cervicolor) en de skiesturtmûs (Mus fragilicauda). Fan boppen is er brún, wylst de bealch ljochtgriis is en de wangen, noas en poatsjes wyt. De earen binne relatyf grut en behierre. Birmeeske mûzen hawwe trochinoar in sturtlingte fan 5½-7 sm en in gewicht fan 16-18 kg.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.