Springe nei ynhâld

Frekwinsje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 jan 2021 om 23.27 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grafyk fan in trilling mei in tanimmende frekwinsje (ôfnimmende perioade).

Frekwinsje (fan it Frânske fréquence) is in begryp dat útdrukt hoe faak oft eat bart of foarkomt binnen in beskate tiid of in beskate romte. De term hat yn ûnderskate fakgebieten ferskillende betsjuttings.

Op it mêd fan tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De frekwinsje is in grutheid dy't almeast útdrukt hoe faak oft eat yn in beskate tiid bart. Yn it ienfâldichste gefal is it tuskenskoft, de perioade, hieltyd gelyk. De frekwinsje, soms ek it trillingsgetal neamd, is dan it tsjinstelde fan 'e perioade. Mar ek as de perioade fariëarret, kin men sprekke fan in frekwinsje; dêrmei wurdt dan it gemiddelde bedoeld fan dy foarfallen yn in beskate tiidsspanne.

Yn 'e natuerkunde wurdt de frekwinsje werjûn yn hertz (Hz), wat delkomt op it tal foarfallen per sekonde (s):

Wêrby't de perioade is yn sekonden, en de frekwinsje yn Hz (1 Hz = 1 s−1).

Dat is benammen wichtich by weachferskynsels, wêrby't de frekwinsje it tal weachtoppen (of -bedelten) per sekonde útdrukt. Op dy manear kin men de frekwinsje fan ljocht of oare elektromagnetyske weagen en ek fan lûd yn in getal útdrukke. As bygelyks yn ien sekonde 25 lûdsweagen foarbykomme, hat dat lûd in (foar it minsklik gehoar tige lege) frekwinsje fan 25 trillings per sekonde, oftewol 25 Hz. De measte weagen hawwe lykwols in folle hegere frekwinsje, en wurde dêrom werjûn mei it gebrûk fan desimale foarheaksels by hertz. Sichtber ljocht wurdt bgl. werjûn yn tearahertz (THz).

As der by digitalisearring fan in analooch sinjaal op regelmjittige tiidstippen in 'stekproef' fan it analoge sinjaal nommen wurdt (in saneamd sinjaalmeunster), wurdt it tal kearen per sekonde dat soks dien wurdt de bemeunsteringsfrekwinsje neamd.

It begryp frekwinsje wurdt ek brûkt yn 'e kânsrekkening. Dêr sprekt men fan 'e relative frekwinsje. As bygelyks de frekwinsje fan 'e kleur klavers yn in kaartspul 13 is by in totaal fan 52 spylkaarten, is de relative frekwinsje: 13 : 52 = 0,25.

Soms sprekt men ek oer in romtlike frekwinsje (of weachgetal). Yn dat gefal besjocht men hoe faak oft in beskaat foarwerp of ferskynsel op 'e nij foarkomt by it ôflizzen fan in ôfstân. De ienheid fan in romtlike frekwinsje is resiproke meter (m–1). In foarbyld is de romtlike frekwinsje fan lantearnepeallen by in autosnelwei lâns. Dêrfan stiet der bgl. eltse 100 m ien. De romtlike frekwinsje is dan 0,01 m–1. Wannear't men mei konstante faasje by de lantearnepeallen lâns riidt, is der dochs wer in direkt ferbân mei tiidsfrekwinsje, want men komt de lantearnen dan mei in beskate (tiids)frekwinsje foarby.

Lineêre transformaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawol by tiids- as romtefrekwinsjes kin men stelle dat de frekwinsje de omkearde diminsje hat fan tiid (s → s−1) of romte (m → m−1). Der besteane wiskundige bewurkings (lineêre transformaasjes) dy't funksjes fan tiid (of romte) omsette yn funksjes fan frekwinsje. Op dy manear kinne ferskynsels tagelyk plakfine, mar mei in oare frekwinsje ûntraffele wurde. Foarbylden fan sokke wiskundige bewurkings binne de Fouriertransformaasje, de Laplacetransformaasje en de z-transformaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.