Springe nei ynhâld

Arjen Draisma de Vries

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 okt 2020 om 09.41 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Arjan Draisma de Vries

Arjen Draisma de Vries (Achlum, 16 july 1843 - Ljouwert, 6 july 1936) wie in Nederlânsk fabrikant en politikus.

Draisma de Vries wie in soan fan Foppe Draisma de Vries[1] en Aleida Beekhuis. Hy folge syn heit op yn 1866 as administrateur (feitlik direkteur) fan de Onderlinge Brandassurantie Maatschappij yn Achlum. Mei syn healbroer Willem Veldkamp rjochte er in sûkereifabryk op. Dêrneist wie er eigner fan in dakpannefabryk en yn 1888 mei-oprjochter fan ien fan de earste suvelfabriken yn Fryslân.

Draisma de Vries wie fan 1884 oant 1914 lid van de Provinsjale Steaten fan Fryslân en gemeenteriedslid (1880-1897) en boargemaster (1893-1915) fan Frjentsjerteradiel. Fierders siet er yn it bestjoer fan it Waterschap der Vijfdeelen Zeedijken Binnendijks, hy wie dêr lid fan it Kolleezje fan Folmacht (1887), dykdeputearre (1889) en dykgraaf (1901-1914). Benammen út reden fan syn wetterskipswurk waard er beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy skreau in boek oer de ynpoldering fan de Waadsee.

Hy stoar yn de âldens fan 93 jier yn it Diakonessehûs yn Ljouwert en kaam te hôf yn Achlum.

  • 1921 De wadden polders, eene studie, Ljouwert: De Noord-Nederlandse Boekhandel, ôfd. Meijer en Schaafsma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nammewiziging fan De Vries nei Draisma de Vries by Keninklik Beslút fan 17 jannewaris 1827. Foppe de Vries troude 1826 mei Antje Ages Boersma, styfdochter fan Ulbe Piers Draisma.