Wetterskippen yn Fryslân

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Der binne twa Wetterskippen yn Fryslân: it Wetterskip Fryslân en it Noardersylfest. Yn 2018 gie it lytste wetterskip fan de provinsje, Blije Bûtendyks, op yn Wetterskip Fryslân.

It Wetterskip Fryslân omslacht de folsleine provinsje Fryslân, útsein út gebiet fan wetterskip Blija Bûtendyks en it gebiet dat it Noardersylfest yn Fryslân ûnder behear hat. Ek hat it Wetterskip Fryslân it bewâld oer in lyts part fan Grinslân.

Noardersylfest is benammen warber yn Grinslân en Noardwest-Drinte, mar hat ek it bewâld oer it Fryske part fan it Lauwersmargebiet.

Yn it ferline hawwe der in soad wetterskippen yn Fryslân west. Fan likernôch 1875 ôf wurde rûnom yn Fryslân wetterskippen en polders oprjochte. Yn 1958 binne der yn de provinsje likernôch 1200 fan sokke selsstannige polders en wetterskippen. Troch ferskate fúzjes, binne der sûnt 1 jannewaris 2004 noch mar trije yn Fryslân oerbleaun.

De wetterskippen en polders yn Fryslân binne rûchwei op te dielen yn trije soarten: De seewearjende wetterskippen, de fean- en partikuliere polders en de boezemwetterskippen.

Hjoeddeiske wetterskippen yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardere wetterskippen yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]