Wyldehoarne (wenwyk)
Wyldehoarne | ||
polityk | ||
Gemeente | De Fryske Marren | |
Plak | De Jouwer | |
sifers | ||
oerflak | 0,58 km² |
Wyldehoarne is in wenwyk yn oanbou op De Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren. De namme komt fan de eardere buorskip Wyldehoarne. De oanlis begûn yn it earste desennium fan de 21e iuw. Yn de takomst sil de wyk begrinze wurde troch de Koarte Ekers, Wyldehoarnstersingel, Haskerfjildwei en de wyk Skipsleat. De namme fan de wyk betsjut 'wylde hoeke'.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1997 kaam de gemeente Skarsterlân mei plannen foar in nije wenwyk oan de eastkant fan de wyk Skipsleat.[2] De wyk waard neamd nei it buorskip Wyldehoarne of Wyldehoarnsterpolder dy 't eartiids tusken Haskerhoarne en Westermar lei.[1] It wie de opset om yn de wyk 500 oant 600 wenten te bouwen.[2] De nadruk zal meer op groen liggen as op wetter, lykas yn Skipsleat. Ook komen de huizen dichter op elkaar te staan.[3]
Doe't de plannen foar Wyldehoarne makke waarden, wie de fraach nei wenningen grut.[6] By de bou fan Wyldehoarne yn 2002, sakke de wenningmerk yn. De plannen waarden op leger pitsje setten.[7] De wenningmerk luts letter wer wat oan, mar oan de ein fan it desennium ûntstie de kredytkrisis wêrtroch't de wenningferkeap stil foel. Yn 2009 waard de bou fan de folgende fazes fan Wyldehoarne foar ûnbepaalde tiid ôfblaasd.[8]
Wetterwenningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2001 waarden plannnen presintearre foar 48 wetterwennings yn Wyldehoarne. It wie op dat stuit in unyk projekt yn Fryslân en it luts de oandacht fan ferskate media.[9] De measte huzen yn dat plan steane op peallen, hawwe gjin tún en binne inkeld mei in rinplanke te berikken. Seis fan dizze wenningen driuwe yndie. It is in dúdlike brek mei de boustyl fan de foargeande wyk Skipsleat. De huzen yn dit plan soene boud wurde oan trije pieren mei in bûgde foarm.[10] Dochs wie der net folle fraach nei de plande wetterwenningen. Yn 2004 makke de gemeente bekend dat der "in minder ambisjeus plan" foar it gebiet ûntwurpen wie. Dit waard de strjitte It Reidlân wêryn twa-ûnder-ien-kapewenningen mei tún kamen te stean.[7][11]
De wyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wyk bestiet út in tal dielgebieten mei elk in eigen karakter. Oan de súdwestkant fan Wyldehoarne spilet wetter in grutte rol, oan de eastkant hat grien de boppetoan. It strjittenpatroan is folle rjochter as yn earder oanleine wiken lykas it Skippenkertier en Skipsleat. De wichtichste ferkearsier yn Wyldehoarne is Oer de Feart. Dit is de ienige wei dy't ferskillende dielgebieten mei elkoar ferbynt. By foltôging fan de wyk, moat Oer de Feart in trijehoeksfoarm krije.
Yn it súdwestlike dielgebiet hawwe strjitten Fryske nammen lykas De Bleek en It Hiem. Huzen yn dit gebiet binne frijsteande of twa-ûnder-ien-kapewenningen. Oan de noardkant hjirfan leit in dielgebiet dat omsluten wurdt troch wetter. Strjitnammen binne Nederlânsktalich en besteane út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve, lykas Aliehoeve en Jannahoeve. De pleatsen stiene yn de Haskerfeanpolder oan de Koarte Ekers en De Dolten. Yn dit dielgebiet steane ûnder mear huzen oan it wetter en rychjeswenningen.
Fûgelbuert
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de noardkant fan de wyk leit in fiiftal eilannen. Elk eilân is neamd nei in fûgel, bygelyks De Mosk en De Markol. De gemeente Skarsterlân woe dat de buert de meast fûgelfreonlike buert fan Fryslân waard. Om dat klear te krijen waarden nije bewenners ferplichte om trije nêstkasten yn harren gevels te ferwurkjen en krigen se in lidmaatskip fan de Fûgelbeskerming Nederlân. Ek waard yn de buert in 30 meter lange swellemuorre boud.[12][13] De buert waard yn 2009 nominearre foar de Stedsfûgelpriis fan Fûgelbeskerming Nederlân. De priis gie by eintsjebeslüt nei Leien.[14]
De buert, dy't om 2008 hinne boud waard, stiet bekend as duorsum. Autowaskjen is dêr ferbean, reinwetter streamt middels goaten werom nei it oerflaktewetter en huzen wurde ferwaarme troch ierdwaarmte en binne dêrom net oansluten op it ierdgasnet. Bewenners krigen wol in goedkeape boufergunning fan de gemeente at se beloofden harren wenning miljeufreonlik te bouwen.[12]
Foarsjennings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wyldehoarne hat net folle eigen foarsjennings. Der stiet bygelyks gjin skoalle yn de wyk en dy sil der nei alle gedachtten ek net komme.[15] Wol hearre it Jouster Strântsje en it oanswettende fierljepskâns, dy't al by de bou fan Skipsleat oanlein binne, offisjeel by Wyldehoarne.[16]
Galerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Jannahoeve
-
Elisabethhoeve
-
Fytsbrêge fanút Skipsleat nei Wyldehoarne
-
Wenning yn it wetter oan de Oer de Feart
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Wenwiken fan De Jouwer | feroarje |
---|---|
Blaauwhof · Broek-Súd · Jonkerslân · De Jouwer Sintrum · Skippekertier · Skipsleat · Westermar · Wyldehoarne · Suderfjild |