Lintdoarp
In lintdoarp is in doarp dat in lang útlutsen foarm hat. De measte fan dit slach doarpen binne te finen by kanalen, paden of diken.
Yn it noarden en it westen fan Nederlân binne lintdoarpen faak op âlde natuerlike diken of sânrêgen boud. Ek de troch minsken oanleine diken binne in protte brûkt foar dit slach bebouwing.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse rivierkes lieten sân efter op de boaiem, wêrtroch der in sânlaach lizzen bleau. As troch ûntwettering fan it lânskip de boaiem fuortsakke, bleaunen de kreekrêgen troch harren fêste sânlaach efter as hegere parten fan it lânskip. Oerstreamingen spielden feangrûnen fuort, mar de sânlaach bleau lizzen. Yn tiden wêryn in protte oerstreamings foar kamen waarden dizze kreekrêgen goeie plakken foar bewenning. Dit ferklearret de somtiden krinkeljende rin fan guon lintdoarpen.
Yn parten fan Grinslân en Drinte, yn de feankoloanjes, binnen de lintdoarpen in protte by fearten, wêr't turf oanfierd waard, delset. Stedskanaal is hjir in foarbyld fan. Yn guon parten fan dit gebiet binne hiele lintdoarpen oanelkoar ferbûn rekke.
Yn Súdeast-Fryslân en Súdwest-Drinte lizze lintbebouwings dy't âlder binne as it slach doarpen dat hjirboppe beskreaun stiet. Dizze doarpen binne yn de Midsiuwen ûntstien doe't boeren fan de esdoarpen út, as Vledder, Wapse en Ruinen, nei de wietere beekdeltes lutsen om hjirop te buorkjen. Doarpen dy't hjirtroch ûntstienen binne doarpen as Nijensleek, Wapserveen en Ruinerwold.
Lintdoarpen yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Fryslân binne der in protte doarpen en gruttere plakken dy't as lintbebouwing boud binne: