Springe nei ynhâld

Trekfeart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 okt 2020 om 18.00 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Trekfearten yn Fryslân: dp)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

In Trekfeart (of lûkfeart) is in groeven wetter, bestimd foar trekskûten. Njonken de trekfeart rûn it saneamde jaachpaad, wêr’t de trekskûte oer ‘jage’ waard troch in hynder. Trekfearten hienen as foardiel dat de skipfeartrûte tusken twa plakken bekoarte wurde koe. De trekfeart makke ek in regelmjittich ferfier fan persoanen en post mooglik omdat men net ôfhinklik wie fan de wyn. Yn de 19e iuw rekke it ferfier fia de trekfeart lykwols yn ûnbrûk troch ferfier oer it spoar.

jaachpaad by Ryswyk

De earste trekfeart lei yn Flaanderen, mar al gau nei de oanlis dêrfan waarden ek yn Hollân en Fryslân trekfearten oanlein. De earste Nederlânske trekfeart wie de Haarlimmertrekfeart, tusken Amsterdam en Haarlim. Yn 1631 tsjinnen dizze stêden by de Steaten fan Hollân in fersyk yn om in trekfeart oan te lizzen, en yn 1634 wie de trekfeart klear. Om 1700 hinne wie it netwurk fan Nederlânske trekfearten op syn hichtepunt; der wie doe sa'n 415 kilometer oanlein.

Trekfearten yn Hollân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trekfearten yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]