Ron Jans
Ron Jans | |
---|---|
Basis ynformaasje | |
Namme | Ron Jans |
Berne | 29 septimber 1958 |
Berteplak | Swol |
Ploech | Gjin klup |
Funksje | Haadtrainer |
Ron Jans (Swol, 29 septimber, 1958) is in eardere Nederlânske fuotballer. Nei syn aktive karriêre waard er earst learaar Dútsk oan in middelbere skoalle, dêrnei fuotbaltrainer en -bestjoerder.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As spiler
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ron Jans fuotballe earst by de Swolske fuotbalklup RKSV Zwolle. Syn talint waard ûnderkend troch PEC Zwolle dat him as jeugdspiler oanluts. Yn it seizoen 1976-77 makke Jans syn debút yn it earste alvetal fan PEC-Zwolle dat doe yn de earste difyzje spile. Mei Jans waard PEC twadde. In jier letter waard PEC kampioen en promovearre nei de Earedifyzje. Jans spile noch fjouwer seizoenen mei PEC yn de earedifyzje en ferhuze yn de simmer fan 1982 nei FK Grins.
As spiler fan FK Grins makke er yn 1983 twa legendaryske doelpunten. Op 23 jannewaris 1983 makke er by de kompetysjewedstriid tsjin AFC Ajax yn de slotsekonden de lykmakker (5-5), nei't Grins in pear minuten dêrfoar noch mei 5-3 efterstie, en earder al de wedstriid mei 2-0 efterstie. Yn de UEFA Kup-wedstriid tsjin Atlético Madrid makke Jans ien fan de trije doelpunten fan Grins.
Yn de simmer fan 1984 ferhuze Jans nei Roda JC. By Roda spile er trije seizoenen, dêrnei spile er in seizoen yn Japan by Mazda Sport. Doe't er werom kaam út Japan spile er noch trije seizoenen foar BF Feendam.
Statistiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Perioade | Klup | Lân | Kompetysje |
1976-1982 | PEK Zwolle | Nederlân | Earste Difyzje |
1982-1984 | FK Grins | Nederlân | Earedifyzje |
1984-1987 | Roda JC | Nederlân | Earedifyzje |
1997-1988 | Mazda Sport | Japan | J-League |
1988-1991 | BF Feendam | Nederlân | Earste Difyzje |
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under syn karrière as proffuotballer folge Jans in oplieding oan de leararenoplieding Ubbo Emmius yn Grins en Ljouwert. Hy helle in foech yn Dútsk en Skiednis. Nei syn fuotbalkarrière waard er learaar Dútsk op in middelbere skoalle yn Grinslân. Mar letter keas er der foar om de oplieding foar trainer betelle fuotbal te folgjen.
As trainer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under syn oplieding ta trainer betelle fuotbal hie Jans trije amateurklups: SJS, ACV Assen en Achilles 1894. Yn 2001 wie er assistint-trainer by FK Emmen. De trochbraak fan Jans kaam yn 2002. FK Grins hie nei it seizoen 2000-01 ôfskie nommen fan de klupikoan Jan van Dijk. Hy waard opfolge troch Dwight Lodeweges, dy't nei oardel seizoen yn 2002 fuortstjoerd waard. By it sykjen nei in opfolger kaam de klup úteinlik by Ron Jans. Hoewol't Jans noch mar in bitsje ûnderfining hie, waard er dochs oanlutsen as haadtrainer.
Doe't Jans nei FK Grins gie spile it yn de Earedifyzje, mar it bongele ûnderoan de ranglist. Yn syn earste seizoen is hânhâlding de doelstelling. Jans slagget der krekt yn om him mei FK Grins te hânhâlden. Wol soarget de ploech mei in remize tsjin PSV derfoar dat FK Swol, de eardere klup fan Jans, ta de neikompetysje feroardiele waard. Yn syn twadde seizoen is hânhâlding wer de doelstelling, dy komt gjin stuit yn gefaar.
Fan it seizoen 2004-2005 ôf wist Jans mei Grins it paad nei boppen te finen. Yn it lêste folsleine seizoen yn it Stadion Oosterpark waard Grins tolfde. In seizoen letter folge de ferhúzing neide Euroborg. Grins berikte sels de play-offs fan de Champions League dêr't it de Champions League mar krekt miste. Sûnt dy tiid is de namme fan Jans fêstige.
Op 23 oktober 2008 waard Ron Jans offisjeel de langst sittende trainer fan FK Grins. Hy hie noch in kontrakt oant 30 juny 2010. Theo Verlangen wie dêrfoar de langst sittende trainer, hy wie seis jier lang trainer fan FK Grins fan 1 july 1977 oant 30 juny 1983. By de wedstriid tsjin Vitesse op 12 april 2010 siet Jans foar de 226e kear op de bank by FK Grins.
Op 11 novimber 2009 waard bekend dat is seizoen 2009/2010 it lêste seizoen by FK Grins foar Jans wie. De opfolger fan Jans is de Fries Pieter Huistra.
Op 22 febrewaris 2010 waard bekend makke dat er mei yngong fan it seizoen 2010/2011 by SK It Hearrenfean wurde sil. By de efterban fan FK Grins soarge dat foar de nedige kommoasje, dêr't benammen by wiisd waard op in eardere útspraak fan Jans dat er út respekt foar de supporters fan Grins nea nei Hearrenfean gean soe. SK Hearrenfean is nammentlik in rivaal fan de Grinzers. Jans bleau twa seizoenen trainer fan SK Hearrenfean. Nei it seizoen 2011/2012 naam er ôfskied fan It Hearrenfean en waard er opfolge troch Marco van Basten. Op 29 maaie 2012 tekene Jans in kontrakt by it Belgyske Standard Luik, dêr't er de Belch Belg José Riga opfolge.
Nei alve kompetysjewedstriden waard er op 22 oktober 2012 ûntslein by de klup. Hy is de earste trainer dy't ûntslein waard yn de Jupiler Pro League 2012-2013, hy wist mar 13 punten te heljen yn 13 wedstriden.
Yn it seizoen 2017/2018 begûn Jans as technysk manager by FK Grins. Dat bleau er twa seizoenen.
Statistiken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Perioade | Klup | Lân | Kompetysje | Funksje |
1991-1993 | VV SJS | Nederlân | Amateurfuotbal | Haadtrainer |
1993-1996 | AVC | Nederlân | Amateurfuotbal | Haadtrainer |
1996-2001 | Achilles 1894 | Nederlân | Amateurfuotbal | Haadtrainer |
2001-2002 | FK Emmen | Nederlân | Earste Difyzje | Assistint-trainer |
oktober 2002-juny 2010 | FK Grins | Nederlân | Earedifyzje | Haadtrainer |
juny 2010-2012 | SK It Hearrenfean | Nederlân | Earedifyzje | Haadtrainer |
2012-22/10/2012 | Standard Luik | Belgje | Jupiler Pro League | Haadtrainer |