Springe nei ynhâld

Tongerbear

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 aug 2020 om 00.21 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tongerbear
persoanlike bysûnderheden
oare namme Thunder Bear
nasjonaliteit (Sioux)
berne mids 19e iuw
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn nei 1907
stjerplak yn it Fort Peck Reservaat
   (Montana)
etnisiteit Westlik Dakota-
wurkpaad
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Tongerbear (Ingelsk: Thunder Bear; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), mids 19e iuw – yn it Fort Peck Yndianereservaat (Montana), nei 1907) wie in Yndiaanske kriger dy't yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Tongerbear waard omtrint de midden fan 'e njoggentjinde iuw berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hy wie in haadman fan 'e Janktonai (Iháŋktȟuŋwaŋna), in substamme fan 'e Westlike Dakota.

Tongerbear wie de lieder fan in groepke fan fiif Janktonai-Dakota dy't har yn 'e simmer fan 1876, ûnder de Grutte Sû-Oarloch, út it Fort Peck Yndianereservaat yn noardeastlik Montana wei nei it kamp fan 'e foaroansteande Lakota-medisynman Sittende Bolle bejoegen, dat oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn súdlik Montana opslein wie. Mei him giene de krigers Medisynwolk, Izerne Bear en Lange Beam, en teffens de frou fan Medisynwolk.

Op 25 en 26 juny 1876, doe't it kamp fan Sittende Bolle oanfallen waard troch it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, fochten Tongerbear en de oare Janktonai mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in grut diel fan it rezjimint besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Yn 'e slach wiene Tongerbear en de Janktonai benammen behelle yn 'e striid tsjin it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat it súdlike part fan it doarp oanfoel, weromdreaun waard en neitiid oardel dei op in heuveltop belegere waard.

Nei de slach kearden Tongerbear en de oare Janktonai werom nei it Fort Peck Reservaat. It is ûnbekend wannear't Tongerbear stoarn is, mar dat moat yn elts gefal nei 1907 west hawwe, doe't er it ferhaal oer syn dielnamme oan 'e Slach oan de Little Bighorn fertelde oan 'e etnolooch en fotograaf Edward S. Curtis, dy't it letter publisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: