Loadewyk de Dútser
Loadewyk de Dútser (806 — Frankfurt am Main, 28 augustus 876) wie de tredde soan fan keizer Loadewyk de Fromme en Ermengarde fan Haspengoa. Hy waard as Loadewyk II kening fan East-Frânsje, it lettere Dútslân. Letter waard hy ek kening fan Loataringen, hjir as Loadewyk I. Hy krige de bynamme de Dútser om him te ûnderskieden fan syn omkesizzer, Loadewyk II fan it Hillige Roomske Ryk, dy't kening fan Itaalje wie, en ek de keizerskroan droech.
Mei it Ferdrach fan Ferdun waard it Frankyske ryk fan Loadewyk de Fromme ferparte oer syn trije soannen: Loadewyk de Dútser, Karel de Keale en Lotarius I. Sa al earder sein krige Loadewyk East-Frânsje. Nei de dea fan syn âldste broer Lotarius I waard syn part fan it Frankyske ryk, it Middenryk, fierder ferparte ûnder syn trije soannen: Lotarius II, Loadewyk II en Karel de Jonge. Dizze trije omkesizzers fan Loadewyk koenen harren sels net hanthavenje. Yn 869 pikte Loadewyk Loataringen yn.
Loadewyk de Dútser wurdt tsjintwurdich beskôge as de meast bekwame telch fan de doetiidske Karolingen.
Iere libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Loadewyk wie yn syn iere jierren gauris oan it hof fan syn pake, keizer Karel de Grutte, dêr't er in goede relaasje mei hie. Nei't syn heit Loadewyk de Fromme keizer waard nei it ferstjerren fan Karel de Grutte, stelde dy yn 817 it Ordinatio Imperii, in feroardering dy't de ferdieling fan it ryk oer syn trije soannen regele, gear en waard Loadewyk de Dútser as ûnderkening fan it hartochdom Beieren oansteld. Karel de Grutte begûn mei sokke praktiken; dat er in famyljelid oanwiisde om as ûnderkening fan in pleatslike keninkryk te wurden. Loadewyk regearre fanút Regensburch, de âlde haadstêd fan de Bajuwaren. Yn 825 rekke er belutsen yn oarloggen tsjin de Wenden oan de eastlike grins. Yn 827 boaske er mei Emma, suster fan syn styfmem Judit fan Beieren, beide dochters fan Welf, de stifter fan it Hûs fan de Welfen dy't besittings hie fan de Elsas oant Beieren.
Rebûlje tsjin syn heit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de earste boargerkriich tsjin it regear fan syn heit wie er amper by belutsen. Yn de twadde boargerkriich hiene syn bruorren Lotarius I, doe kening fan Itaalje, en Pepyn I, hartoch fan Akwitaanje, him oerhelle Alemanje, dy't harren heit oan harren jongere healbroer Karel de Keale jûn hie, oan te fallen. Hja seine Loadewyk it ferôvere lân ta nei in oerwinning. Yn 832 late er in leger Slaven yn Alemanje, mar syn heit treau him werom. Loadewyk de Fromme hie him ûnturven, mar de opstannige soannen wisten harren heit finzen te nimmen en ôf te setten, mar waard gau wer oanstald. De keizer sleat doe frede mei syn soannen en Loadewyk krige yn 836 Beieren wer werom, dat er winliken nea ferlern hie.
Loadewyk begûn de tredde boargerkriich yn 839, nei't in stripe fan syn lân oan Karel de Keale jûn waard. Loadewyk foel Alemanje fannijs oan. Ditkear andere Loadewyk de Fromme fluch en de jongere Loadewyk waard fier yn it súdeasten fan syn gebiet treaun en waard twongen frede te sluten.
Boargerkriich 840-843
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't keizer Loadewyk de Fromme yn 840 ferstoar en Lotarius it hiele Keizerryk opeaske, gie Loadewyk in alliânsje oan mei Karel de Keale en hja fersloegen Lotarius en harren omkesizzer Pepyn II fan Akwitaanje, de soan fan Pepyn I dy't yn 838 ferstoar, yn de Slach by Fontenoy yn juny 841.
Yn juny 842 moeten de trije bruorren op in eilân yn de rivier de Saône en ûnderhannelje oer de frede. Elts stelde 40 fertsjinwurdigers oan dy't de grinzen fan harren keninkriken fêststelden. Dat late ta it Ferdrach fan Verdun, ôfsletten yn augustus 843, dêr't Loadewyk it measte gebiet beëasten Fryslân en de Ryn krige. It gebiet om Speyer, Worms en Mainz hinne, oan de westigge fan de Ryn kamen ek ta Loadewyk syn keninkryk East-Frânsje, neffens de Eed fan Straasburch fan 842. Syn gebiet omfieme Beieren, dêr't syn haadstêd Regensburch yn lei, Swaben (of Alemanje), Franken, Tueringen en Saksen.
Loadewyk kin wol sjoen wurde as de stifter fan it Keninkryk Dútslân, dochs syn besykjen it gânse Keizerryk te ferienigjen wiene om 'e nocht. Yn 842 ûnderdrukte er de Stellinga-opstân yn Saksen en yn 844 twong er de Slavyske Abodriten syn hearskippij te erkennen en hy liet harren hartoch Gozmovil ombringe. Syn hartoch fan Tueringen, Takolf, late ekspedysjes tsjin de Bohemen, Moraavjers en oare Slavyske folken, mar hie net in soad súkses tsjin de plonderjende Wytsingen.
Skeel mei Karel de Keale
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 852 stjoerde Loadewyk syn soan Loadewyk de Jongere nei Akwitaanje, dêr't pleatslike eallju harren tsjin it regear fan Karel de Keale fersetten. De jongere Loadewyk ferfear net earder as 854 en kaam in jier letter wer werom.
Fan 853 ôf besocht Loadewyk ferskate kearen de kroan fan West-Frânsje te krijen. Neffens de Annalen fan Fulda (Annales Fuldenses) hawwe minsken yn dat lân him de kroan oanbean, om't hja it wrede bewâld fan Karel de Keale ferspijden. Nei oanmoediging fan syn omkesizzers Pepyn II fan Akwitaanje en Karel fan Provence foel Loadewyk West-Frânsje yn 858 oan. Karel de Keale koe sa gau gjin leger opbringe en moast nei Boergonje flechtsje. Letter yn dat jier fêstige er syn gesach yn West-Frânsje, mar dat duorre net lang. Opskuor yn it leger en de trou fan de Akwitaanske biskoppen oan Karel de Keale makken it hiele ûndernimmen dêrfan ta in mislearrring. Op 7 juny 860 sleaten Karel en Loadewyk yn Koblenz de frede ûnthieten dat yn it iepenbier.
Nei't keizer Lotarius I yn 855 ferstoar, makken Karel en Loadewyk plannen en ferdiel syn keninkryk Midden-Frânsje. Mar Lotarius hie syn keninkryk krekt foar syn dea tusken syn trije soannen ferdield. Loadewyk II krige it Keninkryk Itaalje en de keizerstitel, Lotarius II krige it keninkryk Loataringen en Karel fan Provence krige Provence en Nederboergonje. Doe't Lotarius II yn 869 ferstoar wie Loadewyk de Dútser siik en syn legers wiene yn 'e striid tsjin de Moraavjers ferwikkele. Karel de Keale naam Lotarius syn lân hastich yn, mar doe't Loadewyk wer better waard, twong him ûnder kriichsdriging werom te lûken. Hja sleaten it Ferdrach fan Meerssen yn 870 en ferdielden Loataringen.
Ferdieling fan syn keninkryk ûnder syn soannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lettere jierren fan Loadewyk de Dútser stie yn it ramt fan rebûljes fan syn soannen. De âldste soan Karloman fan Beieren kaam yn 861 yn opstân en twa jier letter wer ris. Dêrnei folgen syn twadde soan Loadewyk de Jongere, dy't stipe waard troch syn broer Karel de Grouwe. Yn 864 waard Loadewyk twongen Beieren oan Karloman te skinken, itjinge er sels earder ek die ûnder syn heit. Yn 865 ferdielde er it rest fan it lân. Saksen, Franken mei Tueringen gie nei Loadewyk de Jongere En Swaben mei Raetia gie nei Karel de Grouwe.
Berjochten dat keizer Loadewyk II fan Itaalje dea wie, late ta frede tusken Loadewyk en syn soannen mei de hope op de keizerskroan foar syn âldste soan Karloman. Ek Karel de Keale besocht nei Itaalje te gean om de kroan te krijen. Mar Loadewyk II wie net dea en hja koene allegear wer nei hûs keare.
.
Loadewyk makke himsels klear foar in nije kriich doe't er op 28 augustus 876 yn Frankfurt ferstoar. Hy waard begroeven yn de abdij fan Lorsch. Syn soannen namen de eardere ferdielings fan it keninkryk oan en wiene tefreden mei harren eigen gebieten.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Loadewyk wie boaske mei Emma (ferstoar op 31 jannewaris 876) en hja hiene:
- Hildegard, (828–856)
- Karloman fan Beieren, (829–880), Kening fan Beieren
- Irmgard fan Chiemsee ek bekend as Ermengard, (ferstoarn 866) kleasteroerste fan Chiemsee
- Gisela, boaske mei Bertold I, paltsgreve fan Swaben, en mem fan Kunigunde fan Swaben, frou fan Koenraad I fan Dútslân.
- Loadewyk de Jongere, (835–882)
- Bertha, (ferstoarn yn 877)
- Karel de Grouwe, (839–888)