Springe nei ynhâld

Bruktearen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 jul 2020 om 01.36 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Gebiet fan 'e Bruktearen middenlinks yn 't read, ± 50
Germaanske folken om 150 hinne

De Bruktearen (Latyn: Bructeri of Boructuari) wiene in West-Germaanske stam, dy't tahâlde yn it gebiet dat no Münsterland is, besuden it Teutoburger Wâld, fan sa'n 100 f.Kr. oant 350 nei Kristus. Letter is de stam opgien yn it gruttere Frankyske stamferbân.

Oer de Bruktearen is bekend dat sy yn 'e mande mei Sjerusken, Ampsivaren en oaren de Romeinske generaal Farus fersloegen yn de ferneamde slach yn it Teutoburger Wâld yn it jier 9 nei Kr. De Brukteryske profetesse Veleda stie yn heech oansjen by har stam. Neffens Tasitus foarsei sy de oerwinning fan de Bataven laat troch Julius Civilis yn harren opstân tsjin de Romeinen. It bêste plak om feiten oer de Bruktearen te finen is yn Soest (Westfalen). De namme fan it doarp Brochterbeck (distrikt Steinfurt) hat syn oarsprong yn de stamnamme fan de Bruktearen.

Neffens Tasitus (35) hat de Germaanske stam Chamaven it gebiet fan de Bruktearen oernaam.

pulsis Bructeris ac penitus excisis vicinarum consensu nationum...
de Bruktearen binne ferjage en benei útrûge by in kriich mei buorstammen.

Dochs wurdt der letter noch sprutsen fan de Bruktearen. Ut begjin 4e iuw binne de Brukterske foarsten Ascaricus en Merogaisus bekend. Yn 307 waard har stam ferslein troch Konstantyn. De finzennommen foarsten liet er yn de arena fan Trier foar de wylde bisten smite.
Op de Peutingerkaart (3e/4e iuw nei Kr.) waarden de Burcturi neamd yn it gebiet rjochts fan de Ryn foar de stêden Bonn en Keulen oer.

In legerienheid fan de Bructeri yn Romeinske tsjinst wurdt neamd yn de Notitia Dignitatum út it earste fearnspart fan de 5e iuw nei Kr.

  • Valuas, legindaryske oanfierder fan de Bruktearen
Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen