Isaak Levitan
Isaak Iljitsj Levitan (Kibarti, 18/30 augustus(*) 1860 - Moskou, 22 july/4 augustus(*) 1900) wie in Russysk lânskipsskilder, dy't ta de streaming fan De Swalkers (Peredvizjniki) hearde.
Levitan waard yn 1860 berne yn it stedsje Kibarti yn de omkriten fan Kaunas yn Litouwen yn in earme joadske famylje. Syn heit wie learaar Frânsk en Dútsk en letter oersetter foar in Frânsk boubedriuw. Yn 1870 ferfarde de húshâling Levitan nei Moskou.
Yn septimber 1873 waard Levitan oannomd oan de Moskouske Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer, dêr't er ûnderrjocht krige fan Aleksej Savrasov, Vasili Perov en Vasili Polenov. Doe't syn mem stoar en syn heit slim siik waard en hy syn húshâlding net mear únderhâlde koe, krige Levitan in beurs sadat er op skoalle bliuwe koe; dat wie yn 1875. Yn syn stúdzjetiid krige Levitan kunde oan Konstantin Korovin, Michail Nesterov en Michail Tsjechov, en fia de lêste mei syn broer, de ferneamde skriuwer Anton Tsjechov. Levitan kaam faak oer de flier by Tsjechov, en faaks wie er fereale op Tsjechov syn suster, Anna Pavlova Tsjechova.
Syn earste útstalling wie yn 1877 en waard posityf ûntfongen yn de parse. Nei Aleksander Solovjev's mislearre oanslach op Aleksander II, yn maaie 1879, waard de famylje Levitan twong om te ferhúzjen nei de foarstêd Saltikovka, út reden fan nije beheinende wetjouwing tsjin joaden, mar troch it krewearjen fan bewûnderers mocht Levitan dyselde hjerst al werom nei Moskou. Fan 1880 ôf waard Levitan's wurk oankocht troch keunstsamler en filantroop Pavel Tretjakov; dizze skilderijen binne no part fan de kolleksje fan de Tretjakovgalery.
By de tentoanstelling fan de Swalkers yn 1884 wiene ek skilderijen fan Levitan. Yn 1891 waard er as lid talitten ta de Swalkers. As lânskipsskilder pur sang skildere Levitan hast gjin stedsgesichten, skepte er in eigen fariant op it saneamde stimmingslânskip, dêr't de foarmen en tastannen fan de natoer yn fergeastlike waard en feitlik stâl joech oan de tastannen fan de minsklike siel.
Op it hichtepunt fan syn ferneamdens waard Levitan yn 1897 lid fan de Keizerlike Akademy fan de Skoandere Keunsten en yn 1898 waard er beneamd as direkteur fan syn âlde skoalle.
Yn 1897 die bliken dat Levitan fan in slimme hertkwaal te lijen hie. Hy wenne yn it lêste jier fan syn libben yn Goerzoef, yn it simmerhûs fan Tsjechov op de Krim. Hy waard bedobbe op it joadske begraafplak Dorogomilov, en yn augustus 1941 waard er op 'en nij begroeven op it hôf fan it Novodevitsji-kleaster yn Moskou, flak by it grêfmonumint fan Tsjechov.
Kar út it wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sinneskyndei, 1876
-
Hjerstlânskip, 1880
-
Maitiid yn Itaalje
-
Savvinskaya brêge by Zvenigorod. 1884
-
Brêge Savvinskaya.
-
Bjirkebosk, 1885-1889
-
Maitiid, heech wetter
-
Jûns klokken, 1892
-
Oer ivige frede, 1894
-
Maart, 1895
-
Goudene hjerst, 1895
-
Wetter leeljes, 1895
-
Stiltme, 1898
-
Twiljocht, 1900
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](*)Noat: de earste datum is neffens de Juliaanske kalinder, dy't jilde oant de Oktoberrevolúsje fan 1917; de twadde datum is de datum sa't dy neffens de no brûkte Gregoriaanske kalinder west hawwe soe.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Isaak Ilitsch Lewitan fan Wikimedia Commons. |