Springe nei ynhâld

Novodevitsji-kleaster

Ut Wikipedy
Novodevitsji-kleaster
Новодевичий монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 43' N 37° 33' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1524
oprjochter Vasili III fan Moskou
opheffing 1922
weriepening 2010
Ynformaasje bou
boujier katedraal: 1524-1525
oare gebouwen 17e iuw
monumintale status UNESCO-Wrâlderfgoed
federaal monumint
monumintnûmer 1097 771821313160006
Webside
novodev.msk.ru
Kaart
Novodevitsji-kleaster (Moskou)
Novodevitsji-kleaster

It Novodevitsji-kleaster (Russysk: Новодевичий монастырь), of it Nije kleaster fan de Jongfaam, is in troch muorren, tolve tuorren en twa poarten fortifisearre otterdoks kleaster yn Moskou. It kleaster is ynskreaun yn it wrâlderfgoed-register fan UNESCO.

It kleaster waard yn 1524 troch Vasili III stifte om dêrmei de oermastering fan Smolensk op it Gruthartochdom Litouwen te betinken. De yn 1524 boude katedraal waard dêrom ek oan 'e ikoan fan 'e Mem-Gods-fan-Smolensk wijd It kleaster leit oan 'e Moskva en foarme in wichtich ûnderdiel fan 'e ring fan kleasters dy't de stêd beskermje moast.

De measte oare gebouwen binne ein 17e iuw delset yn opdracht fan regintesse Sofia, de healsuster fan Peter de Grutte. Hja waard dêr foar de rest fan har libben opsletten troch Peter, nei't hy har ôfset hie om har plak op 'e troan oer te nimmen.

Yn 1812 besochten soldaten fan Napoleon it kleaster op te blazen, mar de nonnen soargen derfoar dat soks mislearre.

Alde foto fan it kleaster.

Nei de Oktoberrevolúsje waard it kleaster sletten en as museum iepene. Ynearsten krige it museum de namme 'Museum fan Prinses Sofia en de Streltsi-opskuor', mar letter waard it omdoopt ta it 'Museum fan de Emansipaasje fan de Frou'. Sûnt 1934 waard it eardere kleaster in ûnderdiel fan it Nasjonaal Histoarysk Museum.

Yn it lêste diel fan 'e Twadde Wrâldkriich waarden der stadichoan mear tsjerklike aktiviteiten yn it kleaster tastsien. Yn 'e hjerst fan 1943 mochten yn in kleastergebou teologyske kursussen organisearre wurde. Op 14 juny 1944 koe it Teologysk Ynstitút (letter de Teologyske Akadeemje fan Moskou) dêr de doarren iepenje. Likernôch tagelyk waard ek de Transfiguraasjetsjerke (de poartetsjerke) wer iepene foar tsjinsten, letter folge de Untsliepenistsjerke. Sûnt 1964 residearre de Metropolyt fan Krûtitsi en Kolomna (de titel fan in patriargale fikaris mei rjochten fan in biskop, dy't by it behear fan it bisdom Moskou helpt) yn it kleaster.

Yn 2004 waard it kleaster ûnderdiel fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Smolensk-katedraal.

Yn 1994 ûnstie der wer in mienskip fan nonnen op it kleasterterrein. Patriarch Aleksi II fersocht yn oktober 2006 om it kleaster wer oer te dragen oan it bisdom Moskou. Der waard útsteld dat de Russysk-Otterdokse Tsjerke it kleaster wer om 'e nocht brûke mocht foar tsjerklike aktiviteiten, mar it patriarchaat hold oan en stjoerde in brief nei Vladimir Pûtin mei it fersyk de gebouwen werom te jaan. Op 5 jannewaris sei premier Pûtin yn bywêzigens fan 'e Minister fan Kultuer tsjin patriarch Kirill dat de autoriteiten fan doel wiene om it hiele kleaster wer ûnder de jurisdiksje fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke te bringen. Op 22 maart 2010 ûndertekenen in fertsjintwurdiger fan 'e Steat en patriarch Kirill de oerienkomst, wêrmei't it Novodevitsji-kleaster folslein oerdroegen waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.[1]

  • Katedraal van de ikoan fan de Mem-Gods-fan-Smolensk (1524-1525).
  • Ambrosiustsjerke (16e iuw).
  • Untsliepenistsjerke (1685-1687).
  • Tsjerke fan Jehannes de Evangelist (twadde ferdjipping fan 'e klokketoer; 1683-1690).
  • Tsjerke fan Varlaam en Joasaf (earste ferdjipping fan 'e klokketoer; 1683-1690).
  • Transfiguraasjetsjerke (Poartetsjerke; 1687-1688).
  • Foarbeatsjerke (Poartetsjerke; 1683-1688).

Ofbylden tsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it begraafplak fan it kleaster lizze in soad ferneamde Russen begroeven. De skriuwer Anton Tsjechov, de komponisten Sergej Prokofjev en Aleksander Skrjabin, de operasjonger Fjodor Sjaljapin en politike lieders lykas premier Nikita Chrûsjtsjov hawwe dêr harren lêste rêstplak krigen.

Ofbylden oare gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Новодевичий монастырь