Oerlis:Novodevitsji-kleaster

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Nowodewitsjie omneame ta Nowodewitsjy omreden fan útspraak en útgong?--Swarte Kees 15 sep 2008, 07.14 (CEST)[beäntwurdzje]

Prima--Geoffrey 15 sep 2008, 18.59 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik soe Nowodevitsji stavere hawwe, leau ik. Dan Nikita Krûtsjow, wy hawwe fansels al in artikel Nikita Chroesjtsjov. It komt faker foar by ús dat útlânske nammen mei 'oe' (ienlûd) oerset wurde mei 'oe' (twalûd), wat net moatte soe neffens my. 'Chr' oersette yn 'Kr'? Ik soe it net witte. Faaks wol Aliter syn ljocht hjir oer skine litte? Drewes 13 des 2010, 17.22 (CET)[beäntwurdzje]
Nijefaamskleaster, dat at it net oerset wurdt, koe it mei in keppelstreekje. Dan is dit in namme stavere yn in oar lettersysteem, dat neffens ôfspraak wurdt dat foar dizze wikipedy transkribearre. Dan is "Nowodewitsjy" better, om't de Fryske w tichter by de в leit as de v. Yn it Ingelsk is dat oars, wat wolris betizing jout. En de i/y-klank as it ein fan in wurd wurdt fansels -y. Perslot Хрущёв, wat fansels net sein wurde kin yn it Frysk. As wurd soe dit grûtsjof wurde. Allinnich transkribearre wie it eat as "Chrûsjtsjow", mei noch de kantekening dat der no sein is dat foar frjemde wurden it Frysk in oe brûke moat as in oare frjemde taal, it Nederlânsk, dat ek docht. De transkribaasje is lykwol net út te sprekken yn it Frysk, dat it moat tichter by Grûtsjof socht wurde. Hoefolle tichterby, dêr binne sa fier ik wit noch gjin transkribearregels foar. Aliter 14 des 2010, 03.17 (CET)[beäntwurdzje]