Springe nei ynhâld

Tretjakovgalery

Ut Wikipedy
Tretjakovgalery
  museum
De nije Tretjakovgallery oan de Krymsky Val.
De nije Tretjakovgallery oan de Krymsky Val.
Lokaasje
lân Ruslân
Federaal distrikt Sintraal
plak Flagge fan Moskou Moskou
adres Krymsky Val
koördinaten 55° 44' N, 37° 37' E
Algemiene gegevens
ferneamd nei Pavel Tretjakov
type Keunstmuseum
Arsjitektuer
type gebou Museum
boujier 1979
Offisjele webside
tretyakovgallery.ru
Kaart
Tretjakovgalery (Moskou)
Tretjakovgalery
Lokaasje yn Moskou

De Tretjakovgalery (Tretjakovskaja Galereja) is in museum foar de keunstsamling dêr't de basis fan lein waard troch Pavel Tretjakov yn 1892 doe't er syn mânske kolleksje skilderijen en grafyk oerdroech oan de stêd Moskou. Dy waard ûnderbrocht yn in gebou dêr't de mearke-eftige fasade troch de skilder Viktor Vasnetsov foar ûntwurpen wie. It gebou waard tusken 1902 en 1904 boud en waard fan 1927 oant 1935 útwreide mei al besteande njonkenlizzende gebouwen. De Tretjakovgalery kaam yn 1918 oan de steat, wêrnei't de kolleksje tige útwreide waard.

Wichtich is de unike samling ikoanen fan ûnder oaren Andrej Roebljov, dy't de kearn foarmet fan de ôfdieling Ald-Russyske keunst. It museum hat fierders in kolleksje Russyske skilderkeunst út de 18e, 19e en 20e iuw op 'e noed. Totaal binne der mear as 130,000 keunstwurken, fan Andrei Rubljov's Trije-ienheid oant de Komposysje VII fan Wassili Kandinski en it Swarte Fjouwerkant fan Kazimir Malevitsj.

Nei de delfal fan de Sovjet-Uny waard yn de buert fan it Gorki Park in nije ôfdieling set dêr't de 20e-iuwske keunst in ûnderkommen fûn.

De Tretjakovgalery hat wurk fan ûnder oaren Ilja Repin, Vasili Soerikov, Viktor Vasnetsov, Valentin Serov, Ivan Sjisjkin en Vasili Perov.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: