Vasili Perov
Vasili Grigorjevitsj Perov (Russysk: Василий Григорьевич Перов) (Tobolsk, 21 desimber 1833 - Koezminki, 29 maaie 1882) wie in Russysk keunstskilder en ién fan de oprjochters fan de keunstnersgroep De Swalkers.
Syn oplieding sette Perov mei útein yn de stêd Arzamas. Yn 1853 waard er talitten op de Moskouske Skoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer (SSBA). It wurk dat er foarlei oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten smiet in bûtenlânske reis op yn 1862. Hy hâlde in skoft ta yn Dútslân en gie letter nei Parys.
Werom yn Moskou, skildere Perov fan 1865 oant 1871 syn masterwurken, sa as By it spoar en Jagers hawwe lins. Yn 1871 waard er beneamd ta professer oan de Moskouske SSBA. Yn dy snuorje rekke er ek belutsen by de oprjochting fan it keunstnerskollektyf De Swalkers.
Perov stoar yn 1882 yn it doarp Koezminki (no in part fan Moskou) oan de gefolgen fan tuberkuloaze. Hy kaam op it hôf fan it Donskoj-kleaster.
Wurk (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Paryske foddeman, 1864
-
Troika. Learlingen helje wetter, 1866
-
De ferdronkene, 1867
-
De fûgelfanger, 1870
-
Sliepende bern, 1870
-
Jagers hawwe lins, 1871
-
Portret fan Fjodor Dostojevski
-
In gûvernante komt by it hûs fan in keapman oan
-
De lêste herberch by de stedspoarte
-
Poegatsjov's feroardieling, 1879
-
Kristus op de Oliveberch
-
Nikita Pustosviat. Petear oer de geloofsbelidenis, 1881
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oersjoch fan Perov syn wurk
- Biografy Perovdes (ingelsk)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vasili Perov fan Wikimedia Commons. |