Springe nei ynhâld

"Weird Al" Yankovic

Ut Wikipedy
"Weird Al" Yankovic
sjonger en/of muzikant
Weird Al Yankovic 16 augustus 2024
Weird Al Yankovic 16 augustus 2024
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alfred Matthew Yankovic
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 oktober 1959
berteplak Downey
etnisiteit Kroätysk
flagge fan Sloveenje Sloveensk
wurkpaad
sjenre komeedzje, parody, novelty, polka
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint akkordeon
jierren aktyf 1976 - no

Alfred Matthew (Weird Al) Yankovic (Downey (Kalifornje), 23 oktober 1959) is in Amerikaansk muzikant.

Hy stiet benammen bekend om syn parodyen op ferneamde top 40-hits, hoewol't dy allinnich mar likernôch de helte fan de lieten op syn albums binne. De oare helte wurdt troch lieten foarme dêr't sawol de teksten as de muzyk sels fan skreaun binne, dochs meast ynspirearre op de muzyk fan oaren: saneamde styl-parodyen. Hy hat yn syn karriêre njonkelytsen mear as 13 miljoen albums ferkocht, mear as 150 nûmers opnommen, en hat mear as 1000 live-foarstellings jûn. Yn 2018 krige er in stjer op de Hollywood Walk of Fame. Troch syn bekendheid as artyst hat er ek al ferskate gastrollen yn films en telefyzjesearjes hân.

Yankovic is it iennige bern fan Louis Yankovic en Mary Elizabeth en is fan Sloveensk komôf fan heitekant en Kroätysk komôf fan memmekant. Hy waard berne yn Downey, dochs groeide op yn Lynwood. Doe't er seis jier wie learde er de akkordeon spyljen, nei in oanbod fan in pleatslike muzykskoalle, en doe begûn syn ynteresse foar muzyk. Yankovic folge trije jier lang lessen oan dy skoalle, ear't er it sels fierder learde. Yn de 1970-er jierren wie er grut fan fan Elton John. Ek arysten lykas Tom Lehrer, Stan Freberg, Spike Jones, Allan Sherman, Shel Silverstein en Frank Zappa soene neffens Yankovic oan syn kar musikus te wurden bydroegen hawwe. Ear't er mei syn muzykkariêre úteinsette, studearre er arsjitektuer oan de California Polytechnic State University.

Yankovic yn syn Highschool Yearbook yn 1976

Yankovic krige syn earste lokale bekendheid as artyst by in radiopragramma neamd Dr. Demento's radio show, dêr't er as 16-jierrige al syn akkordeonmuzyk hearre litte mocht. Yn it lêste jier fan syn stúdzje oan 'e universiteit wie er discjockey fan it kampusradiostasjon KCPR. Op 14 septimber 1980 wie er gast by de Dr. Demento Show dêr't er syn liet Another One Rides the Bus, in parody op Another One Bites the Dust fan Queen, hearre liet. It optreden wie in grut sukses en Yankovic mocht it liet ek hearre litte by The Tomorrow Show. Dat wie syn earste telefyzje-optreden, en betsjutte it úteinsetten fan syn profesjonele karriêre. Hy foarme yn 1982 in eigen band tegearre mei Steve Jay, John Schwartz en Jim West. Mei-inoar wiene se de iepeningsact by in konsert fan Missing Persons.

Yankovic foar in foarstelling yn 1984

Yankovic syn earste album kaam út yn 1983 by Scotti Bros. Yn 1984 helle syn liet Eat It, in parody op Michael Jackson syn liet Beat It, it 12e plak yn de Billboard Top 100. Dat wie foar in lange skoft it heechste plak dy't ien fan Yankovic syn nûmers ea berikke koe, onat yn oktober 2006 syn liet White & Nerdy it njoggende plak helle. Yn 1987 wiene Yankovic en syn band de iepeningsact fan The Monkees

Syn karriêre woeks al fluch út nei oare media. Yn 1985 skreau er mei oan in mockumentary oer syn eigen libben mei de titel The Compleat Al. Yn 1989 spile er de haadrol yn de film UHF.

Yn 1992 besleat er feganist te wurden nei oanlieding fan it boek Diet for a new America. Yn 1998 besleat er syn uterlik te feroarjen en meiitsje in nij imago foar himsels, nei't er in eachoperaasje hie om myopy te ferhelpen. Hy skearde syn snor ôf en liet syn hier lang waakse.

Op 10 febrewaris 2001 boaske er Suzanne Krajewski. Op 11febrewaris 2003 waard harren famke Nina berne. Op 9 april 2004 waarden syn âldelju dea oantroffen yn harren hûs, mooglik as gefolch fan in koalmonoksidefergiftiging by ûngelok. Nettsjinsteande dat nijs liet Yankovic in plande konsert dy deis trochgean, omreden syn muzyk in soad fan syn fans troch minne tiid holpen hie, dêr't er by hoopte dat dat ek foar him helpe soe. Yankovic is nettsjinsteande syn poadiumpersona yn privee sa't syn freonen en sells famylje him kenne tige hoflik, skruten en in yntrovert. Yankovic is kristlik en troch syn kristlik opgroeien mijt er flokken, drugs en alkohol.

Yankovic is by it grutte publyk benammen ferneamd om syn parodyen. De muzyk is suver itselde, alhoewol in bytsje yn polkastyl, mar de teksten binne satirysk. Ferneamd is bygelyks syn foarbyld Fat nei Bad fan Michael Jackson en Amish Paradise nei Coolio syn Gangsta's Paradise.

Yankovic freget de artyst fan it orizjinele nûmer lykwols alle kearen tastimming syn/har liet parodiearje te kinnen, nettsjinsteande dat it offisjeel net hoecht neffens de Amerikaanske wet fanwegen de fair-use-regeling. Dat docht er, nei eigen sizzen, de oare artysten net lilk te meitsjen. Troch dy hâlding wurkje de orizjinele artysten bytiden sels mei oan de parody. Sa liende Michael Jackson bygelyks de set fan de fideoklip fan Bad út oan Yankovic foar syn fideoklip fan Fat en fersoarge Mark Knopfler sels it gitaarspul foar yankovic syn parody fan Money For Nothing. Ferskate artysten beskôgje it as in eare as yankovic harren liet parodiearje wol. Dave Grohl fan de band Nirvana joech bygelyks oan dat er wist dat syn band it makke hie doe't Yankovic harren leit Smells Like Teen Spirit parodiearre.

Der wiene lykwols ek sitewaasjes dêr't de oanbelangjende artyst gjin tastimming joech. Sa hat Yankovic bygelyks al ferskate kearen besocht tastimming te krijen fan Prince om ien fan syn nûmers te parodiearjen, en dat wie om 'e nocht. Ek Paul McCartney en Jimmy Page, dy't alletwa fans fan Yankovic binne, hiene it dochs leaver mar fan net dat Yankovic harren nûmers parodiearje soe.

Njonken top 40-nûmers parodiearre Yankovic ek gauris films. Sa besjongt er bygelyks syn liet The Saga Begins, op de melody fan American Pie, de folsleine plot fan Star Wars: Episode I – The Phantom Menace

yankovic by in optreden yn Auckland, Nij-Seelân yn 2007
Yankovic by in optreden yn Ohio yn 2007
Yankovic yn 2009
Weird Al by in optreden yn 2010
By in toer yn 2022

Reguliere albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • "Weird Al" Yankovic (26 april 1983)
  • "Weird Al" Yankovic In 3-D (28 febrewaris 1984)
  • Dare To Be Stupid (18 juny 1985)
  • Polka Party! (21 oktober 1986)
  • Even Worse (12 april 1988)
  • UHF - Original Motion Picture Soundtrack and Other Stuff (18 july 1989)
  • Off The Deep End (14 april 1992)
  • Alapalooza (5 oktober 1993)
  • Bad Hair Day (12 maart 1996)
  • Running With Scissors (29 juny 1999)
  • Poodle Hat (20 maaie 2003)
  • Straight Outta Lynwood (26 septimber 2006)
  • Internet leaks (EP, allinnich as download – 25 augustus 2009)
  • Alpocalypse - (21 juny 2011)
  • Mandatory Fun - (15 july 2014)

Kompilaasje-albums (ynternasjonaal)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • "Weird Al" Yankovic's Greatest Hits (18 oktober 1988)
  • The Food Album (22 juny 1993)
  • Permanent Record: Al in the Box (27 septimber 1994)
  • Greatest Hits Volume II (25 oktober 1994)
  • The TV Album (7 novimber 1995)
  • The Essential "Weird Al" Yankovic (27 oktober 2009)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]