Zheng He

Ut Wikipedy
Zheng He
De reizen fan Zheng He syn float.

Zheng He (13711433 of 1435) (jiaxiang: Yunnan, Kunyang (tsjintwurdich Jinning), Baoshan, Zhidai 云南昆阳(晋宁昆阳镇)宝山乡知代村) wie in Hui eunuch-admiraal dy't libbe yn de Sineeske Mingdynasty ûnder de Yongle keizer.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zheng He, ek bekend ûnder de oarspronklike namme Ma Sanbao en letter, Ma He, waard yn ± 1371 berne yn Kunyang, yn de tsjintwurdige provinsje Yunnan. Destiids wie dat ien fan de lêste fêstigings fan de Yuan-dynasty. Zheng He wie in moslim en soan fan in hadjy, in moslim dy't in pylgerreis nei Mekka makke hat. Syn famylje bewearde ôf te stammen fan in Mongoalske gûverneur yn Yunnan of fan kening Mohammed fan Boekhara. De Sineeske famyljenamme Ma is in fariant op de namme Mohammed.

Doe't Zheng He 10 jier wie nom yn 1381 it Mingleger Yunnan yn. Ma He waard finzennomd, kastrearre (eunuch) en weistjoerd foar in militêre oplieding. As jong offisier ûnderskiede hy him yn de troepen fan de Prins fan Yan. Yn 1402 soe dy syn neef Jianwen fan de keizerstroan stjitte om ûnder de namme Yongle it lân te bestjoeren. Ma hie wyls oan ynfloed wûn neidat er de troepen nei de oerwinning op Jianwen's leger laat hie by it doarp Zhengcunba. Keizer Yongle doopte him út tank 'Zheng'. Sa ûntstie de namme Zheng He. Letter waard hy in adviseur fan keizer Yongle.

Yn 1405 late Zheng He in armada fan 62 jonken en mear as 100 lytsere skipkes, mei yn totaal ûngefear 28.000 bemanningsleden, nei de "Westlike seeën". Underweis die hy de neikommende havenstêden en gebieten oan: Champa (Fietnam), Siam (Tailân), Malakka en Java (Yndoneezje), Cochin, Seylon, Calicut (no Kolkata) in Súd-Ynje. Zheng He kaam yn 1407 werom yn Sina.

Op syn twadde ekspedysje yn 1409 luts er op tsjin kening Alagonakkara fan Seylon, dy't er finzen naam en tagelyk mei in soad bút werom naam nei it Sineeskke hof yn Nanjing.

Yn 1411 fear hy út foar syn tredde ekspedysje en kaam hy oant de Strjitte fan Hormuz yn de Perzyske Golf en die hy op de weromreis Samudra op Sumatra oan.

Op syn fjirde reis yn 1413 fear er fierder westwerts en besocht in delegaasje fan de float de Arabyske stêden Aden, al-Jofar, Mekka en Egypte. De float fear de East-Afrikaanske kust by lâns en die dêr de stêden Brava (Barawe) yn Somaalje en Malindi yn Kenia oan en de float berikte úteinlik de kust fan Mozambyk. De bekende Portugeeske ûntdekkingsreizger Vasco da Gama wist as earste Europeaan Malindi pas yn 1498 te berikken.

Zheng He kaam yn 1415 werom mei ôffurdigen út tritich lannen dy't yn Beijing, yn de hast foltôge Ferbeane Stêd, harren earebetoan blike lieten oan de keizer fan Sina.

Kaart fan Zheng He

In fyfte tocht soe duorje fan 1417 oant 1419. Zheng He folge doe de folsleine Afrikaanske Eastkust.

Yn 1421 sette er fanwege de keizer opnij ôf, diskear mei as doel de wrâld yn kaart te bringen. De float splitste him yn fjouwer eskaders dy't elk in diel fan de opdracht útfierden.

Doe't de úttinne rêsten fan de float twa jier letter weromkamen, wie Sina feroare. Yongle ferstoar yn 1424 en wie opfolge troch Hongxi, dy't alle maritime ekspedysjes fuort stopsette. It lân wie yn himsels keard en stie oan it begjin fan in iuwenlang selskeazen isolemint. Zheng He waard beneamd ta havenkommandant yn Nanjing en krige opdracht om syn legermacht te ûntbinen. De skippen rotten wei en de kaarten en oar bewiismateriaal waarden op befel fan hegerhân ferneatige. Sommige dokuminten bleaune lykwols bewarre of fûnen miskyn harren wei nei it Westen.

Zheng He keas mei stipe fan Xuande, dy't Hongxi opfolge hie, opnij see yn de winter fan 1431. Opnij luts hy nei Súdeast-Aazje, Yndia, de Perzyske Golf, de Reade See en East-Afrika. Pas yn 1433 kaam er werom. Zheng He stoar yn 1435.

Zheng He ûntduts mei syn armada net allinnich Maleizje en Yndoneezje, mar ek Yndia, Sri Lanka en de kusten fan Tanzania en Kenia yn East-Afrika. Neffens in kontroversjele terory fan Gavin Menzies foeren se Kaap de Goede Hoop om en berikten Amearika - santich jier foar Columbus - en fearen om de wrâld - in iuw foar Magelheas. Ek soenen se Antarktika en Austraalje ûntdekt hawwe. Syn teoryen wurde lykwols troch de measte historisy fersmiten. Mear algemien wurdt oannomd dat de reizen fan Zheng rûne fan de lannen om de Yndyske Oseaan oant yn East-Aazje.

Op de sân ekspedysjes soe Zheng He's float ek Austraalje fûn hawwe en om Kaap de Goede Hoop fearn wêze oant de Kaapverdyske eilannen en har dan splitst hawwe. Zheng He hâlde sekuer in lochboek by en makke ek kaarten fan syn folge seerûtes. Doe't syn heit ferstoar, en Hongxi de keizerstroan oernaam, liet er al dizze kostbere oantekenings ferneatigje.

Troch in ferbod fan de Mingdynasty wie der inkele iuwen lang gjin skipfeart op Yndia. Nei inkele desennia waard dit ferbod lykwols ynlutsen. Dêrnei bleau Sina oant it begjin fan de 19e iuw in wichtige hannelsmogendheid mei hannel op Yndoneezje, Yndia en Afrika.