Kolkata
| Kolkata (Kalkutta) | |
|---|---|
| Lân: | |
| Dielsteat: | West-Bengalen |
| Koördinaten: | 22° 34′ NB, 88° 22′ EL |
| Oerflak: | 185 km² |
| Befolking: | 5.080.519 (2009) |
| Befolkingstichtens: | 27.462 km² |
| Stêdekloft: | 15.414.859 ynwenners |
| Hichte: | 9 meter boppe seespegel |
| Boargemaster: | Bikash Ranjan Bhattacharya |
| Hiemside: | www.kolkatamycity.com |
Kolkata (better bekend as Kalkutta; Bengaalsk: কলকাতা; oant 1 jannewaris 2001 offisjeel Calcutta) is in stêd yn Yndia, it is de haadstêd fan de dielsteat West-Bengalen. Kolkata leit oan de east-igge fan de rivier de Hooghly.
Yn Kolkata wenje likernôch 4.580.544 ynwenners (2001) en yn de heule stêdekloft om de stêd hinne wenje 13.216.546 minsken (2001). Hjirmei is it de op twa nei grutste stêd fan it lân nei Bombay en Delhi en de njoggend grutste stêdekloft fan de wrâld nei de definysje fan de Feriene Naasjes.[1]
Kolkata is in yndustrystêd en in ferkearsknooppunt. Der is in soad kultuer yn de stêd mei universiteiten, teaters, bioskopen, museums en galeryen. Lykas oare grutte stêden yn Yndia hat Kolkata te krijen mei earmoed, fersmoarging en ferkearsopstoppingen.
Ynhâld |
Namme [bewurkje seksje]
De namme is in ferbastering fan Kalikshetra: “It fjild fan Kali”.
De namme waard yn 2001 offisjeel feroare fan Kalkutta nei Kolkata. De stêd waard altyd al sa neamd yn it Bengaalsk, Kalkutta is eins in feringelsking fan de namme. Yn de westerske wrâld is Kalkutta bot ynboargere, dat de Nederlânske Taaluny riedt it gebrûk fan de âlde namme oan.
Skiednis [bewurkje seksje]
By fynsten fan it deunby Kolkata leine Chandraketugarh, in argeologysk fynplak, hat bewezen dat der al mear dan twatûzen jier minsken wenje yn de omkriten. De moderne skiednis fan Kolkata begjint mei de oankomst fan de Ingelske Eastynjeske Kompanjy yn 1690. Job Charnock, in wurknimmer fan de Kompanjy wurdt wol sjoen as de stifter fan de stêd. Alhoewol’t guon akademisy dat tsjinsprekke.
Yn dy tiid bestie Kolkata út trije doarpen, ûnder it bewâld fan de Nawab fan Bengalen Siraj-Ud-Daulah. De doarpen wienen Kalikata, Govindapur en Sutanuti. Yn de tiid dat de Britten dêr oankamen wienen de Portegezen en Nederlanners dêr ek al warber.[2] De Britten woenen yn 1696 yn de omkriten fan Gobindapur in fort bouwe om harren te beskermje tsjin de oare machten. Yn 1702 wie it fort ree, it krige de namme Fort William en waard brûkt as basis foar de soldaten en in regionale basis. Kolkata waard in stêd fan Britsk Yndia en waard it haarkertier fan de Bengaalske part dêrfan. Doe’t der geregeld fochten waard mei Frankryk, waarden de forten yn 1756 fersterke. De lokale befolking wie hjir net bliid mei en foelen Fort William oan. Dit laad ta it Black Hole ynsidint. In leger fan de Kompanjy en it Britske leger, ûnder lieding fan Robert Clive, oermasteren de stêd in jier letter werom. Kolkata waard de haadstêd fan Britsk Yndia yn 1772. Richard Wellesley, de Gûverneur-generaal fan 1797 oant 1805, hat in soad betsjutte foar de stêd wat it waaksjen fan de stêd en de arsjitektuer fan de stêd oanbelanget. Kolkata krige dêrom letter de namme “Stêd fan de Paleizen”. De stêd wie it sintrum fan de hannel yn opium troch de Britske Eastynjeske Kompanjy yn de 18e en 19e ieu, dat lokaal produsearre waard en ferkocht waard yn Kolkata om ferskipt te wurde nei Sina.
Yn 1912 waard it regear fan fan Kolkata nei Delhi ferfhuze, dat de stêd ferlearn in soad oan politike macht. Mar it die gjin ôfbraak oan de ekonomyske posysje fan de stêd, oant it stuit dat East-Pakistan, it hjoeddeiske Bangladesh, ûnôfhinklik waard. Benammen de oanfier fan jute, dat de ekonomy fan de stêd oan de gong huld, kaam stil te lizzen.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd en syn haven bombardearre troch de Japanners.[3] Dat barde foar it earst op 20 desimber 1942, en foar it lêst op 24 desimber 1944. Yn de kriich ferstoarnen miljoenen minsken by de Bengaalske Hongersnead fan 1943. Yn 1946 kaam it ta in opstân fan de moslimmienskip, se woenen in moslimsteat stiftsje, dit laad ta in soad geweld wêryn 4.500 minsken om it libben kamen.[4] De Dieling fan Yndia hie as gefolch dat der in grut folkerfarren op gong kaam, grutte mannichten moslims ferfarren nei East-Pakistan, wylst hûnderttûzenen hindûs nei de stêd flechten.
De jierren ’60 en ’70 fan de 20e ieu wienen de jierren fan elektrisiteitstekoarten, stakings en de opkomst fan de gewelddiedige beweging de Naxalities, dit allegear hie as resultaat dat de ynfrastruktuer skansearre rekke en de ekonomyske groei stagnearre. Yn 1971 kaam de ynfrastruktuer bot ûnder druk te stean nei dat tûzenen minsken nei de stêd flechten fanwegen de oarloch tusken Yndia en Pakistan fan dat jier. Kolkata waard healwei de tachtiger jierren ynhelle troch Bombay as grutste stêd fan Yndia.
Kolkata is in grut kommunistysk bolwurk, West-Bengalen wurdt al 32 jier regeare troch in kommunistyske partij, it is de wrâlds langst regearjende demokratysk keazen kommunistysk bestjoer.[5] Stadichoan komt de stêd der wer boppe op. Nei de ekonomyske herfoarming yn Yndia yn healwei de jierren ’90 soarge foar groei. Sûnt 2000 hat de IT-sektor him setten yn de stêd, dizze sektor groeit mei 70% it jier, wêrtroch de ekonomy fierder groeie kin. Ek komt der in soad produksje wurk nei de stêd.[6]
Geografy [bewurkje seksje]
Kolkata is lein yn de Gangesdelta, oan de rivier de Hooghly op in hichte fan 1,5 oant 9 meter boppe de seespegel. Oan de oare kant fan it wetter leit Haora, de grutste foarstêd fan Kolkata en faak ek de twalingstêd fan Kolkata neamd.
In grut part fan de stêd is oarspronklik in útstrekte sompegebiet, dat yn de rin fan de ieuwen droechlein is om romte te meitsje foar de waaksende befolking. It Nasjonaal park Sundarbans skiedt it stêdlik gebiet fan de Golf fan Bengalen, 154 súdlik fan Kolkota.
Klimaat [bewurkje seksje]
Yn de simmermoannen, maaie/juny, leit de temperatuer yn de stêd trochstrings tusken de 26 en de 42 graden selsius. Yn de wintermoannen, desimber/jannewaris, leit de temperatuer trochstring tusken de 8 en 26 graden selsius.
| Jan | Feb | Mrt | Apr | Mai | Jun | Jul | Aug | Sep | Okt | Nov | Des | Jier | |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Trochnseed temp. heech (°C) |
26,6 | 29,7 | 34,0 | 36,3 | 36,0 | 34,1 | 32,2 | 32,0 | 32,2 | 31,9 | 29,8 | 27,0 | 31,8 |
| Trochnseed temp. leech (°C) |
13,9 | 16,9 | 21,7 | 25,1 | 26,4 | 26,5 | 26,1 | 26,1 | 25,8 | 24,0 | 18,9 | 14,3 | 22,1 |
| Trochnseed Delslach(mm) |
16,8 | 22,9 | 32,8 | 47,7 | 101,7 | 259,9 | 331,8 | 328,8 | 295,9 | 151,3 | 17,2 | 7,4 | 1614,2 |
| Trochnseed Reindagen |
0,9 | 1,5 | 2,3 | 3,0 | 5,9 | 12,3 | 16,8 | 17,2 | 13,4 | 7,4 | 1,1 | 0,4 | 82,2 |
Ynwenners [bewurkje seksje]
Ynwennertal [bewurkje seksje]
De befolking fan Kolkata hat him sûnt de 18e ieu sterk ûntwikkele. Yn 1710 libben der likernôch 12.000 minsken yn de stêd, en yn 1831 wie dat al groeit nei 187.000. Yn 1930 waard de grins fan in miljoen ynwenners slachte. Sûnt dy tiid hat him dat ferfjouwerdûbele nei in ynwennertal fan 4,58 miljoen minsken by de folkstelling fan 2001. De befolkingstichtens leit op 26.805 minsken de kante kilometer. It hjoeddeiske ynwennertal wurdt rûsd op 5,02 miljoen.
It grutste part fan de ynwenners is fan Bengaalske komôf, mar ek libje der minsken fan Sineeske, Tamyl, Armeenske, Tibetaanske en Persyske komôf. De meastsprutsen talen yn de stêd binne it Bengaalsk, Urdu, Hindy, Ingelsk en Bhojpuri.
Understeande giet oer it ynwennertal fan Kolkata sûnt 1710. Oant 1839 giet it om rûzings, fan 1872 oant 2001 giet it om folkstellingen. It getal fan 2008 is in rûzing.
|
|
Religy [bewurkje seksje]
It meastepart fan de ynwenners fan Kolkata is Hindû, ek is der noch in grut part dat de Islam oanhinget. De oare leauwen komme net boppe it persint út.
| Ynwennertal | Tal yn % | |
|---|---|---|
| Hindû | 3.552.274 | 77,68 |
| Moslim | 926.769 | 20,27 |
| Kristlik | 40.218 | 0,88 |
| Jainas | 20.859 | 0,46 |
| Sikhs | 15.599 | 0,34 |
| Bûdoeisme | 6.445 | 0,14 |
| Oars | 2.179 | 0,05 |
| Gjin leauwe | 8.533 | 0,19 |
| Totaal | 4.572.876 | 100,00 |
Bestjoerlike yndieling [bewurkje seksje]
De gemeente en de stêd Kolkota falt gear mei it distrikt Kolkata. De stêdekloft leit fierder ferspraat oer de distrikten Uttar 24 Parganas, Dakshin 24 Parganas, Hooghly en Haora.
It besjen wurdich [bewurkje seksje]
Kolkata is it sintrum fan de Yndyske yntellektuelen en de keunst. De winner fan Nobelpriis foar de Literatuer fan 1913, Rabindranath Thakur (1861-1941) wurke hjir, lykas Mem Teresa (1910-1997), dy’t ek yn it westen ferneamd is. Se wûn yn 1979 de Nobelpriis foar de Frede. Ek de fisikus Satyendranath Bose (1894-1974) hat yn Kalkota wenne.
De Yndyske Nasjonale bibleteek, museums en teaters-, muzyk- en filmyndustry binne fierdere ûnderdielen fan de keunst en kultuer fan de stêd. Der binne universiteiten, wêroan wichtich ûndersyk dien wurdt.
- Yndyske Museum (Indian Musem)
- Calcutta Gallery
- Fort William
- Victoria Memorial
- St. Paul’s Cathedral
- Marble Palace
- Timpel Kalighat
- Haorabrêge
Stêdebân [bewurkje seksje]
Kolkota hat stêdebannen mei:
Odessa (Oekraïne)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kolkata fan Wikimedia Commons. |